Tichelwurk
Hwerom in man as De Haan net oer eonology prate wol, as it om de stavering giet
Yn't foarste plak net, Riemersma, om't men dêr gewoane lju as ministers, deputearren, keamer- en steateleden en fierder al it oare gewoane folk net mei oankomme kin. It liket my ta, dat al dy minsken allinne foar staveringsforoaring to winnen binne, as men útgiet fan en strak fêsthâldt oan de saek dêr't it om giet: in ein to meitsjen oan de skandalige tastân dat in great part fan de frysktalige minsken lêst hat mei Frysk to lêzen en dat se op in stikmannich útsûnderliken nei deabinaud binne om mar in wurd Frysk op papier to setten. Yn dat forbân passê fragen as:
Soenen wy mar net gewoan aap skriuwe en meenske, kot en wot, jir en wud? Moatte wy net ophâlde mei dat g-ch-gegûchel?
Sille wy by tou dy w fan touwen ek mar net stean litte en is dy o fan to gek gjin greate gekheit.’
Sa is der wol in aerdich listje fan foroarings op to meitsjen, sûnder dat der taelkundige of oare theoryen byhelle wurde hoeve. Mar ja, de foroaring fan nuten yn nútten sil dan wol net oan 'e oarder komme, hwant as Jo de lju dêrhinne hawwe wolle en dan oankomme mei stokken - stoken, redden - reden, ridden - riden of tutten - tuten, dan krije Jo fêst to hearren: Ho ris, dot is heel wot oars! En hawwe dy net-wittenskipliken dan net great gelyk, net allinne samar gewoanwei, mar ek fonologysk?
Fansels sille der altiten minsken wêze, dy't ek tsjin de reedlikste staveringsforoaring yn 't gewear komme. Mar miene Jo wier, Riemersma, dat Jo tsjin dy sentiminten hwat bigjinne kinne mei fonologyske útiensettings? Ik soe my leaver spegelje oan in man as K. Fokkema, in man dy't oan de fonology, het Spel der Klanken, noch al hwat dien hat, en dy't yn sa'n gefal net mei de fonology fan it Fenisysk op 'e lappen kaem, mar mei in forhaeltsje oer in wyfke dat pûr op staveringsforienfâldiging tsjin wie, om 't se it krekt sa aerdich foun, dat sij wol Frysk lêze koe en har man net. Sa'n grapke stelt de kearn fan de saek oan 'e oarder, de kar foar it bilêzen frommeske of dy foar de man-analfabeet, har negative gloarje. Goed bigripe, hwa't de kant fan 'e man kiest, mei bêst hwat kennis fan fonetyk en fonology, fan psychology en didaktyk, fan kultuerhistoarje, sosiotogy of politicology yn 'e achterholle hawwe, marlithimyn 'e goedichheit syn greater oflytser stikje wittenskiplike kennis net as argumint yn 'e striid smite. Dat jowt allinne mar bitizing en strideraesje sûnder ein, ta geriif fan boppeneamd frommeske. By Solzjenitsyn, wy binne hjir al safier, dat it skriuwersboun meiwurket oan in boycot fan boeken yn in hwat ôfwikende stavering! It is earder komysk as tragysk, mar likegoed slim genôch.