Kommentaar
De jirfwar ôprinte brief fon Willem Abma oan ut Fonds voor de Letteren is ek yn ôskrift nai de L.C. gien. Vot de L.C. durmai dien hat, kin de lêzer út ut jir yn hiele hear en fear oernómmen artykel fon Rink van der Velde gevaarvudde.
Vot mai mun reedlekervize fervachtsje dot un redaksje mai san ôskrift dógt? a. De redaksje beskôget ut os un ynstjoerd stik en nimt ut óp yn 'e rúbryk dêrfwar. De redaksje fon 'e L.C. behôd him ut rjócht fwar óm te lange ynstjoerde stikken yn te kwatsjen. Dot kin fonsels inkeld betsjutte dot oerstollege en eamelege alynéas durútknipt vudde. Yn Willem syn brief sitte gjin sloppe en jeuzelege ainen, dot dy hie fólslain ópnómmen vudde matten. Hij is nochol lang, dot is vier, mar de redaksje soe - reedlekervize - ut fólgjende yn ómtinken nimme matte: 1. Willem skrjûwt lang safolle ynstjoerde stikken net os Roorda, Snethlage of Radsma, dus dy poerinkele kear dot ur ut dógt, mai ut vot langer útfolle; 2. De fryske lyteratuer kómt yn 'e rúbryk ‘Ingezonden’ lang sa faak net oan bod os de FNP, de pornografy, Jezus Kristus, ut aaisykjen, etc. etc, dus dy poerseldene kear dot ut bart, mai ut vot langer útfolle; 3. Ut belang fan Willem syn brief is dochs ûnvittend fólle grutter os dy kolómmenfól trutteg gesijk oer ut foar en tsjin fon bwastfieding, etc. etc. etc.
b. Ut stik is net ónjerre fwar de rúbryk ‘Ingezonden’. (Bij twivel stelt de redaksje him yn ferbyning mai de oteor.) Don besjógt de redaksje ut stik óp syn (nijs) veade. Is ut stik fon ûnveade, don vud ut vaismyten. Hat ut un behainde veade, don makket ien of oare learling-sjoernalist dur un kwat berjóchtsje fon. Hat ut stik un ridleke veade, don vud dur un langer berjócht fon makke, eventúeel mai un pear sytaten. Fynt de redaksje ut stik prachteg, don freget ur de oteor ut stik ôprintsje te maien yn ‘Beurtelings’. Fynt de redaksje ut un útsprutsen rotstik dêrt ur ut hielendol ûniens mai is, don freget ur de oteor - ûnder ópjefte fon ut motyf - ut stik ôprintsje te maien yn ‘Ingezonden’ en skrjûwt dur un ferneategjend kómmentaar bij yn dyselde rúbryk of yn un haadartykel.
Dy mooglekheden hat de redaksje fon 'e L.C. net óp sind. Of vól óp sind, mar fersmyten. Vêróm? Vêróm is Willem syn brief telône kómmen yn ut gniishûkje fon 'e L.C.? Vjinnen dur gjin skwalkronten óm út te sytjerjen of ôde viven mai grutte granyems óm oer te skrjûwen, vie dur yn Bokwert neat gjin nijs en voe de gib ek noch net springe? Dot vól mij net oan; ut lyket mij nammentlek ûnvjirskynlek dot Van der Velde de brieven dyt fwar de redaksje ónjerre binne iepenmakket en lêst en dur fwar syn rúbryk - sûnder maivitten fon 'e kolegas - de meast gaadleke úthellet. Dot lyket mij net vjirskynlek. Willem syn brief is him taskikt. Vêróm?
Reedleke redenen binne dur net fwar te betinken, mun kómt dur olinne út os mun bij de redaksje fon 'e L.C. partideghyd en persoanleke rankúnnes ûnderstelt. Dot is net leuk mun ferleget jun óp san menier ta ut nyvo fon Rink van der Velde.