[Oangeande Giklemacher]
Yn Trotwaer 1974 nû. 1 is in polemyk opnaem fan de hearen K.F. Gildemacher en T. Riemersma. Riemersma réagearre op in stikje fan Gildemacher, dat opnaem wie yn de L.C.
Ik ha der lang op om stind oft ik op dy polemyk yngean moatte soe of net. It moat der dochs mar fan komme.
Ik krij nammentlik de yndruk dat datjinge hwat Gildemacher ponearre yn de L.C. - hwer't Riemersma oars tige adekwaet op réagearre hat - net op himsels stiet, mar in eksponint is fan it tinken fan in bulte lju dy't elkoar fine itsij yn it skriuwersboun, itsij yn de Fryske Biweging, itsij yn beide hjirfoar neamde klubs. En dat is in tinken dat de nedige gefaren yn hat.
Miskien kin ik dat it bêste illustrearje oan de hân fan in pear sitaten út it stikje fan Gildemacher yn de L.C.
‘In fierstento sleauwe (eins bistiet it net iens) taelpolityk ûnthâldt de Fries de werklike mooglikheden om himsels to ûntjowen yn syn neiste tael. Dêr sit de skriuwer dan mar mei, of better, oan't nou ta sieten de measte skriuwers dêr net mei. Hy hat him oant nou ta suver nearne oars om bikroade (útsûnderingen binne der lokkich ek) as om psychopatyske mûnsters en foarmkwestjes en it risseltaet fan dy selsbifrediging moast dan foar literatuer forsliten wurde.’
It sil him wol oan my lizze, mar ditsoarte proaza ha'k mear ûnder eagen hawn, ha ik de yndruk. Gildemacher bigjint mei in iepen doar nochris wer iepen to dwaen troch to sizzen dat it yn dit lân mankearret oan taelpolityk en dêr sille syn lêzers it ornaris wol mei iens wêze kinne. Ien sin letter sleept hy der lykwols in folslein oare saek by as hy seit dat de skriuwers oant nou ta har allinne mat bikroaden om psychopatyske mûnsters en foarmkwestjes. Hwat bidoelt de man hjir yn 'e goedichheit mei? Hwat is it forbân tusken it ûntbrekken fan in taelpolityk en dizze baerlike ûnsin oer hwat de skriuwers oant nou ta al dan net dreaun hat? Is it miskien sa dat Gildemacher spekulearret op it net soune ‘Folksempfinden’? Men soe súver dy yndruk krije, seker as hy in pear sinnen fierderop yn syn stikje út 'e doeken docht hwat de skriuwer dwaen moat: ‘(...) hy moat mei syn skriuwen syn folk biwust meitsje hokker krêften it libben biwege, om sa mei to bouwen ta in minskliker mienskip yn Fryslân’. Sjoch, as it sa planút sein wurdt doar ik it kwalik oer myn lippen to bringen mar ik kin der dochs net goed foarwei: Pak it earste it bêste boekje oer literatuer en biweging dat tusken 1930 en 1940 yn dit lân útkaem is en tûzen om trettjin dat je deselde gedachten tsjinkomme. Ditsoarte gedachten sette de klok mear as 25 jier tobek. Sûnt de proklamaesje fan Schurer, hweryn't literatuer en Biweging skieden waerden, binne in tal minsken yn Fryslân kennelik tobekleard.
Yn dit forbân moat dochs ek wol even sein wurde dat it Skriuwersboun de idééën fan Gildemacher fan safolle wearde foun dat se ûnderwerp fan gesprek west ha