Antsje Boonstra
De stoel
Hy helle syn hannel by de doar lâns op, hjirre hwat skjirreguod, dêrre in âld stoel dy't in nije matte ha moast, wer earne oars âld izer of in pear kilo fodden. Hy seach der hwat ûnsjoch út, it wie dúdlik dat it skearmes net elke dei syn kin bylâns gie. Jan, har man, soe it fêst net goed foun ha dat sy de man de doar ynlitten hie. Dy wie hwat húverich fan minsken lykas sa'n stuollematter, sigeunerfolk neamde hy it. Net to fortrouwen, altyd der op út gewoane minsken dingen to ûntnaderjen. Sy hie der noait hwat fan murken oars. Net dat sy in bulte mei dat slach folk yn oanrekking kaem. Miskien twa-trije kear it jier. Mar dat kaem ek mei om't Jan har útdruklik forbean hie oan de doar to keapjen. Dat hie west nei't in pear sigeuners de winkelman om 'e hoeke in grouwe 500 goune út it winkellaed helle hienen. Tominsten, dat hie men yn 't doarp sa ha wold. De sigeuners wiene der noch foar oppakt ek. Net dat se lang fêst sitten hienen. Dyselde jouns noch kaem út dat de frou fan de winkelman dat jild út it laed helle hie en it opburgen hie by de lekkens en slopen. Dat dy sigeuners waerden jouns om in ûre of 9 noch los litten. De plysje hie se fuort mar nei de grins fan de gemeente brocht. It bleau nammers frjemd folk en se wiene net to fortrouwen. Dat hie Jan ek sein en doe hie er har forbean noch oan de doar to keapjen. Oant hjoed ta hie se har dêr oan hâlden. As der frjemd folk oan 'e doar kaem om hwat to keapjen of to forkeapjen hie se de doar stiif ticht hâlden of op syn heechst in kierke iepen om to sizzen dat se neat nedich wie.
Miskien hie se dat fannemoarn ek dwaen moatten, doe't dizze stuolle matter kaem om to freegjen oft der noch hwat foar him to dwaen wie. Mar doe wie har ynienen dy stoel yn't sin sketten. Hy stie allang net mear yn 'e keamer. Jan hie him fuortdwaen wold omt de matte stikken wie, mar sy hie him mar op 'e souder setten. Dêr kamen se dochs sahwat nea en dan wie der yn elk gefal net alhelendal fuort. Se hie dêr eins altyd it mier oan hawn: âlde dingen, dy't har lang tsjinne hiene, fuort dwaen. Mar ornaris koe se net sa goed tsjin Jan op yn dat stik fan saken. Hy hie miskien noch wol in bytsje gelyk ek as hy sei dat dy âlde troep net yn har hûs paste. Der kamen nammers geregeld kollega's fan Jan op bisite - mei de frou fansels - en dan koe dat net, dy âlde troep yn 'e hûs. Dat sa wie de stoel de doar útpraet. Sy koe der lykwols gjin ôfstân fan dwaen. Dat wie de stoel dy't se as famke al op har keamer thús stean hawn hie. Dêr hie se foar it earst mei Jan yn sitten to frijen. Ek yn de earste jierren nei har trouwen hie dy stoel min ofto mear in symboal west. As Jan yn dy stoel sitten gie en sei ‘Kom ris by my famke’ dan wist se al wol hwat der barre soe. Nou kaem dat hast net mear foar. Jan hie it ochsa drok op 'e saek, hie kâns op promoasje, mar dan moast der wol heel hwat wurk forset wurde. Se wie der sa stadichoan oan wend dat hy jouns thús net folle oars die as syn kop kofje drinke, nei de tillefyzje sjen, in borrel drinke en dan