| |
| |
| |
Josse de Haan
Romance foar seis hannen (ienakter)
Persoanen:
ANDRYS |
in man fan sa likernôch tusken de tritich en de fjirtich jier; hy sjocht der noch goed út, mar bigjint al hwat griis to wurden. Hy hat n read ribpak oan, lêst it deiblêd ‘De Waarheid’. Hy docht kwasymodern, yn syn taelgebrûk merkbite je neat fan taboes, esf. Hy libbet sa't liket sûnder swiere problemen. |
MARIJ |
in frou fan tsjin de tritich. liket jonger; se hat in moai lichem, boarsten en billen meije der wêze, har hier hinget slûk en lang oer har rêch. Under har moarnsjas is se folslein neaken, it skynt in bytsje troch. Se liket folgsum, mar is eigentlik de iennichste dy't harsels is, en ek wêze kin. Se is frij, yn dieden en yn taelgebrûk. |
TONKE |
in swarte frou fan tritich jier. Ek sij hat net sa'n soad klean om it liif, liket ûnforskillich, dreamt oer forfleine tiden. Se wit to goed dat se swart is, hat dat forskil yn dizze westerske wrâld field. Se seit dat se fan Andrys hâldt, mar hokker Andrys wurdt net hielendal dúdlik. Se is troud west, en hat in dochter fan 15 jier, neffens har sizzen. |
De hanneling spilet him ôf op in autofrije, oaljeleaze forfeelsume sneintomoarn yn in fletgebou to Ljouwert, sa likernôch tusken alve en tolve ûre de moarns yn 'e moanne desimber fan it jier 1973. It is allegearre wurklikheit sûnder dat der persoanen yn it stik foar komme dy't je moarn oanwize kinne, hwant de wurklikheit is fakentiids minder wurklik as de realiteit sels, en troch de ivige mankers bisteane andrys, marij en tonke mear yn 'e dream. Lokkich mar, tinkt de skriuwer. It dekor dert it stik yn spile wurde kin, is net sa slim gear to stallen, alteast hwat de skriuwer yn gedachten hat. Miskien is it oerboadich, mar foar de minder op it each ynstelde lju it folgjende:
It stik spilet yn in moderne fletkeamer, sa'n saneamde trochskynsinnegefal. Midden, foar yn 'e keamer, stiet in rjochte tafel, twa meter lang en oardel meter breed. De tafel stiet yn 'e langte fan 'e keamer. Achter de tafel stiet in rjochte stoel, itselde jildt foar de beide sydkanten. Op de tafel sels fine je itensbrot, molke, bekers, thé, kopkes, bôle en messen. Midden op 'e tafel, foar elkenien goed to sjen, stiet in kuorke mei aeijen, in tritich. Apart dernjonken noch in skaeltsje mei fiif net-searne aeijen. Op it ein fan 'e tafel leit in krante (‘De Waarheid’). Oan 'e lofterkant fan 'e keamer sjogge je in tige greate lizbank njonken in boeke- | |
| |
kast dy't goed forsjoen is fan boeken. Foar dy kast stiet in lyts taffeltsje mei romers en in pear flessen drank. Efkes fierder moat in bânapparaet stean (op 'e bân musyk fan Janis Joplin ‘Oh Lord give pink floyd me...’). Achter de tafel, tusken de twa greate finsters hinget in spegel fan 'e flier oant plafond. Oan 'e rjochterkant sit in doar, en nêst dy doar op 'e muorre allegearre kwasymoderne skilderijen en foto's. De keamer is bidobbe ûnder gekke spiraellampen, esf. Foar, skean boppe de tafel komt in spot fan boppen. De flier is fan hout, mei út en troch in kessen en in kleedtsje.
(At it doek opgiet, sit Andrys foar de tafel; hy lêst ‘De Waarheid’, en bisiket mei syn rjochterhân in kop thé to krijen, lêst troch. Hy hat syn ribpak oan, mei in finzenistruike. Syn hier is noch net útkamd, hinget heal oer de earen. Syn frou Marij komt de keamer yn, se hat in trochskinende moarnsjas oan)
(sjocht de keamer yn 't roun, wriuwt yn har eagen, strykt har jas glêd)
Soest miskien even wachtsje kinne? Wy binne noch net hielendal kompleet.
(Andrys merkbyt neat, siket troch mei syn hân, lêst, slacht in blêdside om)
Ik sei hwat: kinst net even wachtsje???
(En dan noch lûder, mei de hân foar de mûle as in trompet, wurd foar wurd)
Kinst miskien ek even wachtsje???
(sjocht forheard om him hinne, teart de krante heal ticht, bigjint mei syn bril to boartsjen)
Ik leau dat ik hwat hearde? Nim my net kwea ôf, leave, seistou hwat tsjin my?
(nimt in soppige perzik, strykt mei har oare hân oer in boarst, rint hin en wer, bliuwt achter Andrys stean)
Dou wurdst âlder jonge, dyn hier wurdt hurd tinner en grizer. Twa froulju falt ek net ta, is 't net wier?
(rint nei de spegel)
Dousels wiest foar 't eksperimint. Mar hwat myn hier hjirmei to krijen hat, bigryp ik net.
(Hy bisiket Marij mei de eagen to birikken; syn eagen falle op har billen)
(stiet foar de greate spegel)
Koest myn billen noch wol noait sjoen ha, siz. Nou, hoe falt de forliking mei dy fan Tonke út? Mear of minder pukkels?
(se tilt har jas even omheech)
De wierheit hat in skel lûd, mar ik moat sizze, dat dy fan Tonke rouner en gledder binne. Mar dyn boarsten........
(draeit har ien slach om, wiist nei him, dy 't skean by de tafel sit, draeid op 'e stoel)
Ik bin foar 't praten en sij is foar 't naeijen, tink.
(giet wer gewoan foar de tafel sitten)
Koest wol oergunstich wêze.
(rint lulk op him ta, bihearsket har op't lêste momint)
Ik kin 't my min yntinke mei al dat skulfer op dyn kop.
| |
| |
(bigjint in stik bôle to smarren, sjocht gremitich)
Ik hie 't net oer skulfer en hierútfallen, mar oer dyn oergunst. In goeije forsteander hat mar in heal wurd nedich. Of net soms?
(is lofts sitten gien)
Sorry leave, sa hie'k it net bidoeld hear. Nim my f'ral net kwea ôf. Doch dàt f'ral net!
(smart fûleindich troch, lêst sydlings yn 'e krante)
Dou hâldst net mear fan my.
(laket fyntsjes, heal lûd)
Ha - ha - ha, in hiele goeijenien. In fordomd aerdige mop, moat ik sizze. Ik ha se minder heard de lêste fiif dagen.
Ik lies krekt dat it skiedingen reint mei dy autofrije sneinen. De minsken forfele har dea. Sykje rûzje, en op 't lêst witte se it net mear. Der stie ek noch by, dat se soms mearsoartige relaesjes bisykje. Mar it rint allegeare op stront út.
Lykas wy. By ús rint it ek op stront út......
(sjocht har forheard en nijsgjirrich tagelyk oan; nimt de krante en wol it har oanwize)
Né, it is fordomd wier, it stiet hjir ommers.
(ûnforskillich)
‘De Waarheid’ liigt alles byelkoar.
It binne yn elk gefal gjin Arabieren.
(gniist, laket lûdop, smoart hast yn 'e molke)
Hwat seine wy ek al wer oer Tonke? Je moatte foar alle soarten iepenstean. Wy Nederlanders, mar f'ral wy as Friezen omearmje elkenien. Of woest it krekt oarsom ha? Dat alle soarten foar dy iepen gongen?
(wol mei de fûst op 'e tafel slaen, mar hâldt him yn)
Sok praet neam ik goar bismodzjen. Dat Tonke swart is, hat der neat mei to krijen. alteast. ik sjoch gjin forbiningen mei Arabieren en it deiblêd ‘De Waarheid’.
(útdaegjend)
Nachts sjogge je fansels neat. Alles is dan donker.
Nachts fiele je, of je fiele net fansels
(gniist)
(in bytsje tryst)
Nachts ha je de eagen soms wiid iepen.
Woest soms sizze........?
Ik siz neat. Ik jow in pear stikjes fan 'e puzzel.
Wy wiene oars goed ôfpraet, dat........
(glimket bigripend)
De iene nacht mei Tonke en de oare nacht mei Marij. En at it heal koe, de tredde nacht mei beide.
Ik kots fan dy
(wol wer yn 'e krante lêze)
(liket blij, tikket him op 't skouder)
Siz toe ju, doch nou net daelk sa stûrsk, ik miende it net sa slim. Hwat seist ek al wer oer dy skiedingen?
(is fornúvere, sjocht har twifeljend oan, wol it dan foarlêze)
| |
| |
‘Nou't de âlde selskipspultsjes útboarte binne, ûntstean der in bulte swierrichheden yn forskate gesinnen’
Dou moatst it fortelle. Wy kinne ommers altiten sa goed prate, dou en ik. Toe Andrys, fortel it my, yn't koart, dan libbet it folle mear, dan krijt it in hiele oare diminsje yn myn eagen.
(giet stean, bigjint hin en wer to rinnen)
Ja, sjoch, it sit eigentlik sa. De minsken forfele har ôfgryslik, dy autofrije sneinen. Of, om it yn harren tael to sizzen, op dy autoleaze sneinen.
Ik fyn fan wol. Juster ha'k in fint moete.
(wachtet ôf, sjocht har fansiden oan, sil hwat freegje, mar swijt dochs)?????
Ja, hiel gewoan. Yn't park. Letter ha wy in pilske dronken.
(se bigjint har aei langsum to dopjen, sjit de stikjes dop mei tom' en wiisfinger oer de tafel)
Hy hie tink goeije ideeën?
It is oft de dúvel der mei spile, mar ik koe fordomd goed mei him prate.
Hast mei him frijd?
(skerp, rint op har ta).
(ûnforskillich, loai)
It is mar krekt hwat je frijen neame. Hwat neamstou frijen?
(wit mei syn figuer net goed rie)
Nou ja, gewoan frije, sa't dou en ik wol dogge.
(earnstich, stil.....)
Mei syn trijen?
(kwasyblij)
Ja, soksahwat. In tútsje, in aeike, en gean mar troch.
Der binne gjin grinzen, hawwe wy lêstendeis ôfpraet, of bin ik dêr mis mei?
(lûkt in súnige mûle, rint fan 'e iene hoek fan 'e keamer nei de
oare)
Né; soks ha wy sa likernôch bipraet, alteast, at je elkoar goed kenne.
Hwannear kin je sizze oft je elkoar goedernôch kenne? Elkoar folslein oanfiele en sa?
(tinkt nei, mar net echt)
Sa't wy elkoar mei syn trijen kennen leard hawwe.
Tonke is en bliuwt foar my in frjemde, f'ral astou....
(nijsgjirrich, rint op har ta)
Ja, en? Hwat at ik......???
Né, lit mar.
(doppet troch)
Wy soene iepen wêze, ha wy ôfpraet.
(wiuwt mei har hân)
Ik bin iepen. Moatst dyn thé opdrinke, it wurdt kâld, miskien is it al lang kâld.
| |
| |
Nou gjin gedraei omme hite brij. Ik frege dy om iepen to wêzen, en dou lûksty yn dysels werom.
(giet sitten, smyt de krante op 'e groun, nimt in mês yn 'e fûst)
Ik haw in mês!
(lytsachtsjend, negearjend)
Doch net sa bernachtich.
(fûl, skerp, mei hease stim)
Ik wol it witte.
Hwat nou wer yn 'e goedichheit.
(binijd, bigripend, laket yn har fûstje)
Och dat. Juster mei dy frjemde man yn it park? En letter op in terras?
(gespannen, smaert fûleindich bûter op in stik bôle)
Ja!
Ik haw op syn keamer west. It wie in skriuwer.
Ik hâld net fan skriuwers. Se doge net. Se binne gefaerlik.
(forwûndere)
Hwat ha wy nou oan 'e klep hingjen? Dou, dy't altiten bisocht hast om......
(slacht mei de fûst op 'e tafel, alles trillet)
Ik haw neat bisocht. Skriuwers binne lulsekken. Unwêzentlike figuren. Forneukers!
(twifelt sterk)
En dou dy't ús relaesje, ús forhâlding, sa't wy hjir libje mei syn trijen, as normael biskriuwst omt it by elke moderne skriuwer nei foaren komt???
(wol stean gean om nei de boekekast to rinnen)
Né, bliuw mar sitten. Dat binne boeken. Dêr giet it nou net om.
Ik haw him útnoege om hjir ris oan to rinnen.
(skrikt, sjocht wyld nei de doar)
Hwat seist dêrre?
Dystou juster moete hast???
(daget him út)
Ja, miskien komt er aensens wol del setten. Soks witte je noait mei sokke lju. Dat seist sels al.
Hwêrom net? Ik bigryp net......
(sjocht foar him del, nimt in hap bôle, skammet him in bytsje)
Ik wit neat fan dy hiele man.
Nou, dan kinst him moai kennen leare.
Ik hâld net fan dy moderne skriuwers. Se steane bûten de wrâld. It binne fakentiids surrealisten, en dat binne ornaris frjemde hearskappen.
(se laket lûdop, strykt mei de tonge oer har lippen)
| |
| |
Nou, hy wie perfoarst gjin surrealist sûnder fleis of bloed
(lit har tonge lâns de lippen giselje)
Meitsje dyn lippen net sa geil wiet. Hast mei him neukt tink!
(stekt him iepentlik de gek oan, hat de sitewaesje folslein yn 'e hân)
Och, sit it jonkje dêr oer yn? Wol it mantsje graech witte hwat der presys bard is???
(lulk, fûl, mar noch wol ynholden)
Hâld dyn moaije grapkes mar foar dy. Soks ynteressearret my gjin moer.
(noch hwat pleagjend, útdaegjend)
Hiest oars lêstendeis aerdich it smoar yn. Doe by Auke en Jankendy.
Ik bigryp net hwerst it oer hast.
(skinkt molke yn, en bigjint ek in aei to dopjen)
(forwûndere)
Och toe nou, dy nacht om in ûre of trije, doe't wy mei syn fjouweren yn 'e keamer leine.
(stiif)
Ik wit net oer hokker nacht it giet, en al soe'k it witte dan noch ha'k der gjin grewel mei to krijen.
Hjir komt aensens miskien in wyldfrjemde fûgel, mei hwastou yn 't bêd lein hast.
Nou, en? At it al of net sa west hat, dat makket dochs neat út?
(boartet mei syn mês)
Ik stean net foar mysels yn. Ik hâld net fan skriuwers. Dat sei'k dy ommers al, saniiskens.
(giet stean, wol der útrinne)
Dou bist in leffert, in lul, in kloatsek, in greate fine moralist, in stik ûngelok. Dûbelde moraelridder.
(springt omheech en giet foar de doar stean)
Skellen docht net sear. Skel mar raek, mar dy fint komt der net yn
(boartet mei it mês).
(giet tsjin de boekekast oanhingjen, nimt in boek, en lêst foar)
‘De wiere moralist, fetsoensrakkert kinne je weromfine yn syn dûbelde morael. Hy forbiedt oaren, hwat er sels och sa graech dwaen mei’
Dêr hast it, de wierheit hat in skel lûd.
(gnysket, smyt it mês yn 'e doar, tekent in hert, smyt oppenij)
At ik immen deameitsje, doch ik soks folslein. At je it ien kear wend binne......
(draeit him ûnforwachts om, it mês yn 'e fûst)
Bliuw stean, ik smyt it tusken dyn fuotten.
(oerflakkich, net oandien)
Bist in stakker. Bist oergunstich, mar f'ral in egosintrysk beest.
| |
| |
Doch dyn fuotten noch in desimeter fansiden, lykas justerjoun, oars soe'k dy ris skansearje kinne, en dat soe dy skriuwer wol net sa aerdich fine, tinkt my.
(bigjint lulk to wurden)
Doarst ommers net ju. Nou toe dan. Smyt dan!
(se set har fuotten hwat fansiden)
Moat ik dyn sadistysk geniet ek noch greater meitsje?
(se tilt har rok oan 'e mul ta in momint omheech)
(in bytsje forbjustere)
Ik wachtsje.
Myn geduld is ûntyglik great.
Hwant myn wraek sil noch greater wêze
(gniist lûd, smyt it boek foar syn fuotten del)
EL U EL Dou bist in greate lul!!!
(docht krekt at er neat heart)
Ik soe mar hwat ite. Jo soene oars miskien in flaute krije kinne at myn mês giselet.
(rint nei har stoel en giet sitten)
Doch net sa bernachtich, aensens komt Tonke fan boppen, en stiest hielendal foar aep.
Tonke hâldt fan my. Dou net. Dou bist in drel, in slet.
(oefent wer mei it mês)
(suchtet djip, bigjint to iten)
Feitliken soe'k jimme beide hawwe moatte, tagelyk, sjoch sa!
(it mês slacht, spjalt de spegel oan barrels)
(hâldt forstuivere har mês op eachhichte)
Hast ús beide, leau'k, yn 'e spegel oanelkaor snijd. It mês trillet dert niis ús koppen stiene.
(rint hoeden nei de brutsen spegel, lit it mês hin en wer trilje, pakt in stikje glês en ûndersiket syn gesicht)
It bloed rint my by de holle del! Help, help, ik bliedzje dea.....
(rint fortwifele oer de keamer, mei beide hannen op 'e rjochtersliep)
(hâldt him tsjin, giet rjocht foar him stean, en sjocht nei de ‘wounen’)
Astou sa troch giest, hast net lang mear to libjen, moatst sjen datst by in dokter komst. Silst wol rinne moatte, hwant autoride mei net.
(mâlgûlt noch om, stampfuottet op 'e groun)
Helje in dokter, ik bidoel, skilje in dokter, en freegje hwat wy dwaen moatte. Oars gean'k ek noch dea.
(draeft nei de telefoan, draeit in nûmer)
Ja, daelk, it liket mâl. Hoe't it kommen is, freegje Jo? Hy sloech him sels yn 'e spegel in mês yn syn sliep. Ja, yn mines tagelyk. Né, myn bouten binne hwat hurder sa't blykt. Ja, akkoart, hy komt der daelk oan.
(leit de hoarn del, nimt Andrys by de hân en loadst him troch de doar)
| |
| |
Meist my net allinne litte. At ik deabliedzje, is der nimmen......
(de leŝte wurden stjerre wei)
(docht de doar ticht, rint nei de brutsen spegel)
Der moat mar neat ophimmele wurde. It kin in aerdige neitins bliuwe.
(se rint nei in hoeke fan 'e keamer, hellet in wite kwast ferf en streket op' e spegel in krús, it mês bliuwt op 'e midden stean)
Andrys hat wier oant krús hongen. Syn libben soe wolris in great krús wurde kinne.
(giet achter syn stoel stean, teart ‘De Waarheid’ heal útinoar, docht de hannen gear, slút de eagen)
Helje at it heal kin it mês út Andrys syn harsens. Stjelp it blieden yn syn eagen en bisykje syn tinzen wer op it rjochte spoar to setten. Foroardielje him net ta in ynrjochting, mar jow him it lok fan 'e twifel. Foar my leit it deiblêd ‘De Waarheid’, ien greate ûnwierheit. Slút Andrys net op lykas men de minsken yn Ruslân, Chili, Grikenlân en oare diktaturen docht. Helje de kikkert, de mûs en de fisken út syn bloed. Lit him wer frij sykhelje. Deadzje syn eangsten, frustraesjes en hite eagen. Jow him de remeedzje dy't frij makket. Knip syn neilen net, hwant se binne al blau genôch. Helje de splinter út syn meniskus. Wyn him gjin doekjes om 'e noas, it blieden fan syn lippen is as in fisieuze rounte. Jaei him net it hinkelhok yn, it labyrint fan klearbere ûnmacht, swier fortriet en in tunnel sûnder ljocht.
Skroef him de tomskroeven fan syn oergunst los. Forkundigje him dat ik myn fuotten spraet hâld foar syn skerp mês, foar syn knikkertponge mei gleone bakkerts. Skink him nije knikkerts om syn hoal to ûntflechtsjen. Skilderje syn penis yn in blauwe gloede, spalkje de staef dynamyt, mar biwarje him foar nije, noch slimmer eksploazjes. Lês him foar út alle bibels, ea skreaun. Set de wurden byneed oer, stek in trachter yn syn hals, mar doch hwat.
Aei him oer syn nawle, kramje syn breklike tiidwurden oanelkoar mei ivichheitsfonemen. Untlaed syn flokwurden, syn fingerseinen, fuorje him hinnelever mei sûre molke. Lit him in skilderij folspuitsje mei gleon sied en slachrjemme, prefabricated troch de CCF út de stêd Ljouwert. Keapje him in skopsek, in learen bol, en biwiis him dat er in man is, wêze mei.
O, KENING, FORHEAR MYN BEA, NAEI SYN WUNDEN TICHT MEI EINTSJES WOL. DER GIET NEAT BOPPE IT NATUERLIKE. AMEN.
(se giet sitten, sjocht fansiden nei't krús, bigjint in perzik to iten; it sop rint har om 'e mûle; sjocht forheard op, wol omheech springe: de doar giet iepen)
(merkbyt neat fan 'e brutsen spegel, giet tsjinoer Marij sitten, stekt in segret oan)
Ik haw frjemd dreamd.
(sûnder har oan to sjen, is noch in bytsje sûzich)
Soms wurde dreamen wurklikheit.
| |
| |
(blaest de reek stadich omheech, sjocht de reek nei)
Ik dreamde oer myn man, miskien wol oer myn heit.
Dreamen binne heale winsken.
Leafdesdreamen binne as de forhalen fan libellen. Se forfleane. Libje fakentiids mar ien dei of ien ûre, ha'k wolris heard fan guodden dy't it witte kinne.
Wy wiene op bisiik yn it abatwaer.
Wierheit en dream krûpe byelkoar yn 't selde nêst.
Hy moast kij de sturt ôfslaen.
Ik sammele eartiids skulpen.
In winkel yn feestartikelen kocht se op.
Soms hearde ik allegearre seën en greate oséanen.
At it mar gjin mês is, dan falt it meastens wol hwat ta.
Hy is nou dea lykas dy kij.
(skrikt, wurdt lulk)
Fan de deaden neat dan goeds, leaver.
Kremaesje wurdt hjoeddedei in bulte tapast, ha'k my fortelle litten. Bringst noch wol ris blommen op syn grêf?
Wolst my soms misledigje?
(forwûndere)
Ik, ik? Ik wit net iens hwat soks bitsjut leave. Wy binne dochs in ienheit?
Of net soms, dou, Andrys en ik. Der is net ien dy't it op ien of oare wize bilije moat. Of wol soms?
Ik freegje my ôf hoe't it fierder moat. Ik twifelje noch al ris in kear sa foar en nei.
Och né...... Wy ha it dochs allegearre goed trochpraet en bipraet? Totale frijheit, freegje Andrys mar.
(fornimt de lege stoel)
Wer is Andrys eigentlik? Ik miende dat er fannemoarn noch njonken my lei. Of is dat al wer in dei lyn? Lei er soms by dy dizze nacht?
At ik dronken bin, syl ik einen fuort. En ik dream. Fan him.
Fan hwa? Andrys, of......
Oh, dan krije wy in oare bakker.
| |
| |
Hwêrom miskien? Wy moatte dochs ite?
Fan iten krije je kanker.
(wachter even, doppet in aei)
Dy hinnen fan tsjintwurdich lizze frjemde aeijen, se binne hast fjouwerkant. Sjoch mar.
Ik sei: Fan tofolle iten krije je kanker, forgif yn't liif.
Hwa soene dy dingen eigentlik frette. Witstou dat?
Se frette kunstfretten, en lizze in trije oant fiif aeijen deis. It binne aeifabriken wurden lykas dy kij fan dyn man fleisfabriken wiene. Ek wy binne hast fabryk.
(glimkjend)
Ik bin troud west.
(nijsgjirrich)
Fansels. Foar hoe lang?
(in bytsje tryst)
Doe't er dea gong, wie 't foarby.
Hwêroan is er kapot gien?
Hy hie tofolle sturten slein.
De foriening foar bistebeskerming klage him oan. It wie in sadist.
Mar it hie dochs to krijen mei syn birop, syn fak, om it sa mar to sizzen. Hy hie dochs diploma's?
Hy woe altiten myn boarsten bifykje. Hy dreamde fan bloed. Syn kofjedrinken en thédrinken bistie út it sûpen fan bloed.
In geastlike ôfwiking, seker.
Né, hy wie sa, sokken binne der in soad, ha'k my troch deskundigen fortelle litten.
(kwasy - bilangstellend)
Doogde jimme forhâlding net?
(slacht fûl it aei mei it mês midstwa)
NE, EN NOCHRIS NE!
Psychiaters kinne yn sokke gefallen soms wolris goeije rie jaen, tocht ik.
(skout de twa helten tsjin elkoar oan)
Sjoch, twa omkearde boarsten. It bloed is opdroege, hast se to lang searn. Wy moatte hjir demokratysk oer prate.
(lûkt de skouders omheech, stekt ek in segret oan)
Demokratyske aeijen bisteane der net.
Dat sei dy psychiater altiten. Jimme, sei er dan, en hy gong heal oer syn buro hingjen
(Tonke docht itselde, sjocht Marij strak oan)
jimme sille it praten wer leare moatte. De tael sels sil in oplossing jaen. Hwant alles is oplosber.
Lykas sûker yn 'e thé, seker.
Tofolle sûker yn't bloed is deadlik. Nou, dat hat dan wol bliken dien.
In aei is in aei is in aei.
| |
| |
En in heal aei is in heal aei, hwant in heal mins is ek gin heel mins.
(gniist heallûd)
In man mei twa froulju is gjin frou mei twa manlju.
Ik haw juster mei in oaren op bêd west.
(laket lûd, kin hast net wer ophâlde)
Dan hast my forneukt.
(strak, 2 fingers yn 'e loft)
Ik easkje út namme fan Andrys en mysels, út namme fan de hillige trije - ienheit in forklearring fan dyn hâlden en kearen!
De straf sil heech wêze. Dit is heechforrie.
Ik bin frij, baes oer myn eigen lichem.
(fyntsjes, skodholjend)
Né, wy wiene frij, mar sûnt in pear dagen binne wy boun. Wy hawwe it mei ús bloed op it liif fan Andrys skreaun. Sa'n kontrakt kinne je net om hinne.
(koartôf, twifelt oan har earnst)
Dou bist gek. Se binne hjirre allegearre kroangek, mar dou bist de greatste.
(mâlbeart, dounset troch de keamer, bliuwt ynienen foar 't krús stean)
Hokker satan hat dit krús hjir plante, dit krús fan forneatiging en haet.
(knibbelet)
Hwa, satan, hat dy opdracht jown in speak tusken ús forhâlding to stekken, hwa, god, hat de bretale moed hawn dizze spegel yn spoenen to slaen.
(sjocht omheech)
Hwa hat syn mês hjir delslein. Alle slangen lizze stil, it forkear yn 'e strjitten leit to sliepen, de snein hearsket yn alle gloarje, en hjir, en hjir
(hannen omheech)
stiet fordomme de skerpe bil fan de sturtfiker. Hjir wurdt myn dream oan flarden skuord, hjir hearskje samar de swartste fassistyske demoanen dy't ea libbe hawwe.
(draeit har om, omfettet har boarsten, wiist mei beide hannen, as
wurdt elkenien segene, nei foaren)
Dou houn, swart bist, ast noch libbest, kom dan, nou, en stek MY in mês yn myn liif. Stek my in mês yn't liif, sa dat myn lêste orgasme greater wêze sil as ea it gefal west hat. Kom, wachtsje net......
(giet stean, skuort it mês út it krús en smyt it op 'e groun)
Marij, Marij!!!
(draeft op Marij ta, falt op knibbels, tútet har beide hannen)
Marij, helje in nije spegel, ik wol dat krús noait wer sjen. Toe, helje in nijenien, ik wurd kroangek.
(smeekt, aeit oer har liif, oer har knibbels)
| |
| |
(kâld, spikerhurd)
Miskien bist ek wol gek, helendal kranksinnich.
(stjit har op 'e groun)
(skrikt, reagearret as in sleine poes)
Goare fassist, slet, hoer, drel, sloerje.
(ûnforskillich)
Hâld dy de bek.
(spytgnyskjend)
Ik sil 't wol tsjin Andrys sizze. Dan silst noch raer fan 't bokje dreame, leave!
Moatst f'ral net litte. It sil forhelderjend wurkje, binammen foar dysels. Swarte teef.
(narjend en húnjend)
Ik siz it lekker tsjin Andrys, ik siz it lekker tsjin Andrys. Hwêrom hast soks dien? Hwêrom dan dochs? Hoe koest soks feitliken dwaen?
(laket gemeen)
Soest miskien mei in foto fan dyn leafste op 'e bank krûpe kinne. Lykas de soldaten yn't leger. Klearkomme boppe in foto moat hearlik wêze.
(reagearret net op 'e lêste wurden, wurdt leaf)
Leave Marij, lit ús nou net sa'n ordinaire rúzje útfjochtsje. Soks past net yn ús sitewaesje, is't net wier?
Mar dou hiest it sanyskens oer in foto. HASTOU IN FOTO FAN MYN ANDRYS???
(hâldt de hannen yn gebet omheech)
Oh, greate man of greate frou fan boppen. Spylje it klear dat ik in foto krij, in foto fan Andrys en Marij, mar tink derom, gjin pornografysk gefal. Allinne mar in saneamde stúdzjefoto. Jow my in foto fan dy twa. Dan kin'k wer lekker sliepe op 'e bank, sa't Marij krekt sei. De twa minsken dert ik it meast fan hâld, dy't it measte foar my dien hawwe, dy't my út 'e goare swarte drek helle ha, fan dy twa minsken wol ik in foto. Greate man dêr boppe, bring my it geskink dat ik nedich ha. Ik sil Jo ûnthelje op waermte, leafde en genot. Togearre op 'e bank mei in foto fan de twa minsken dy't it measte wurdearre wurde troch my. Lit my net allinne, kom gau, ik ha dy nedich, ik wol dy fiele sa't ik dizze nacht Andrys field haw, en Marij dy't myn boarsten túte. Kom, wurd ien mei my, en de nije bibel fan't nije leauwen sil yn ien nacht skepen wurde. It krús sûnder mês sil in krús fan leafde wêze.
(laket hystearysk, krûpt nei de bank, set in flesse oan 'e mûle, docht at se harsels bifredicht)
Dronken fan leafde. Andrys skynt mear to kinnen at ik ea weet fan hawn haw.
(giet stean, wol der út rinne)
(fûl, bifeljend)
BLIUW STEAN. RIN NET FUORT LEFFERT, SJOCH HOE'T WY TOGEARRE IN NIJE BIBEL SKRIUWE, IN NIJE WRALD KREEARJE. ALLES WURDT NOU OARS!!!
| |
| |
(tekent mei har hân it krús oernij)
Achter de spegels dy't wy sjogge, lizze wer oare spegels mei in nije tael, en net minder skerp fortekene. Sûnder mês kinst net libje.
(giet sitten, nimt noch in slok)
Dou bist in pessymist, ien dy't alles allinne mar fan de swarte kant bisjocht. Elke saek hat yn elk gefal trije kanten.
(rint nei 't finster)
In snein sûnder auto's. In snein sûnder geâldehoer fan minsken dy't sa nedich efkes lâns komme moatte. De totale frijheit.
Oan 'e oare kant: swarter kin't hast ek net. Elkenien sit mei in wyt forbân om 'e sliepen yn syn hûs.
‘Men erger je niet!’, gânzeboerd en monopoly. En DOU woest in nije wrâld ynelkoar neuke mei my? Dou mienst datst dysels ûntflechtsje kinst?
Leauwen is foar bangeskiters.
At ik dat ek noch kwyt wêze soe......
Dan hast yn elk gefal Andrys noch achter de hân.
(freegjend)
Op hwa? Op syn tinzen miskien, op syn liif?
Kinst, of leaver wolst net bigripe dat hy mei twa libje kin.
Bigjin net oer myn swarte hûd.
Dat hy dy allinne mar lekker fynt omst swart bist.
(raest wyld, keilt de flesse tsjin de groun)
Dat liigst, dat liigst, it is net wier, it is helendal net wier.
(ynienen stil)
IK KRIJ IN BERN FAN HIM.
(spikerhurd)
Dat kin net.
It is wier, it is wier, hy hat it sels sein, en ik fiel it.
(strykt oer har liif)
In bern, in bern.
Syn sied is dea en toar. Hy kin gjin bern meitsje, hy hat in lege sek.
In moai lok. Dou litsty bisoademiterje.
Ik fiel it, ik fiel it, myn boarsten wurde al stiif en hurd.
It wurdt in jonge.
| |
| |
(draeit har om, glimket drôf)
Ik tocht it fiif jier lyn ek. De suggesje wie sa great, dat ik it in moanne lang miend haw. Doe foel ik yn in kâld wek, en kaem hast net wer by de rânne omheech.
Dou wolst my myn lok ôfnimme.
Ik wol dy yn 'e wurklikheit werom helje.
Ik leau net mear yn nije bibeltsjes.
(rint nei foaren, pakt Tonke by't skouder)
HWAT SEI ANDRYS???
(in bytsje bang, wol har losskuorre)
Né, neat. It is net sa bilangryk.
Ik haw neat to sizzen. Hast sels sein dat ik gek bin. Toe, jow my nou in foto.
(rint rimpen nei de muorre, skuort in foto fan 'e spiker smyt dy har ta)
Dêr dan, kinst moai tinke oan dyn lok, en oan de greate man fan boppen. Ik haw genôch fan dit geëamel. Untfang dyn hear aensens mei iepen earmen en fuotten.
(rint de doar út, slacht him fûl ta)
(docht de mûle iepen, bisiket to roppen, eaget nei de tichtsleine doar, is in skoftke stil, tyspelt mei de foto yn 'e hannen)
Mei in foto soe'k libje kinne. Allinne.
(se bisjocht him fan alle kanten)
It is de fraech hoe't je libje moatte mei sa'n ôfbylding. Der bisteane folken dy't neat fan foto's hawwe wolle, dy't foto's forbaerne fan greate fijannen. At ik dizze foto forbaern, binne Marij en Andrys dea. Dan haw ik se foar altiten by my, hwant har dieden binne troch my bipaeld. Harren geast sit yn myn harsens. En syn bern yn myn liif. At Marij alteast ûngelyk hat. Sij soe it witte kinne mei dy fiif jier. Dochs fiel ik it yn myn holle, lykas doe't ik fyftjin wie, doe't ik in bern krije moast.
(Tonke nimt in lúsjefer, stekt de foto yn 'e brân, se bigjint to dounsjen, set musyk oan fan pink floyd)
Ik hear Marij grinen.
(se hâldt de foto foar har gesicht)
Har fuotten binne nou al koalstokjes. Har liif en venusberch bigjinne to ljochtsjen. Andrys wurdt hwat waerm, mar baernt noch net.
(dounset wer)
DER SIL IN GREATE TIID BIGJINNE.
(Tonke rint, dounset nei foaren, bliuwt stean, de doar giet iepen, Andrys komt deryn, bliuwt forheard stean, syn wyt forbân om 'e holle falt jin op)
(hâldt de foto skean omheech)
Yn dy tiid, in fyftjin jier lyn ha se my skeind, ha se my slein omt ik in swartenien wie. Gjin mins hold fan my om my sels, om myn wêzen. Allinne myn swarte hûd, myn geil liif, myn hite tonge
| |
| |
wiene wichtich. En ik, ûnnoazele gek, trape der yn, seach bline hertstocht oan foar leafde, freonlik laitsjen bliek gemien narjen to wêzen. Se namen my tusken harren knibbels lykas sâlte drop tusken de kiezzen. Ungelokken, fordomme, ik winskje dat jimme allegearre forbaerne yn 'e hel, nea wer wekker wurde, sa't ik hjir de foto forjiskje. Marij mâlgûlt fan 'e pine fan 'e piperjiske yn har wounen. Har liif is in got, in piper-en-sâlt-fet fan hite nullen. En Andrys, Andrys......
(rint in bytsje nei foaren, heftich)
Hjirre bin ik. Tonke, kom ta dysels, doch net as in woune wjirm, in stikkenslein beest. Wurd wekker.
(skrikt, wappert mei de foto dy't trochbaernt)
DOU!!!
Dou bist in geast, in foto. Sjoch!
(twifelt, beide hannen oan 'e holle)
Né, né, ik bin al dea. Ik ha mysels en Marij in mês yn 'e holle smieten.
(draeit him om, rint nei de spegel)
Hjir ha'k ús togearre krúsige. Dou meist ús net mear forbaerne. Dat kin net. Dat mei net. Dou likest wol folslein oeremus.
(laket lûd, spotsk, smyt de foto op 'e groun)
Dêr dan, ik traepje opjimme beide, mar binammen op dy. Marij is al forbaernd, mar dou, dou bist in geast, in kikkert, dy't wyt opkalke is. Mei de eagen op stokjes.
(rint nei de tafel, en smyt fiif aeijen op it krús achter yn 'e keamer oan barrels; giet dan hymjend op har stoel sitten, de holle yn neide hannen)
(knibbelet njonken de foto, hâldt de heale foto foar him)
Hjirfoar silst bliede moatte. Dou hiest net it rjocht om soks to dwaen.
(komt oerein, sarkastysk)
Rjocht? Rjocht? En dou praetst oer rjocht! Dou, dy't sa leaf wie, sa leaf die? Dou, dy't sa moai forkundige, dat je mei syn trijen libje koene yn dizze tiid. Dat je mei syn trijen yn ien bêd sliepe kinne moasten? Dou jonkje, dou hâldst allinne fan dysels, fan dyn eigen miserabele swakke lichem. Hast ús beide brûkt.
(lit de foto waeije, nimt in flesse en skinkt himsels in romer yn)
Ik hie in mês yn 'e holle.
Yn dyn kloeren silst miene.
Ik ha mysels en Marij in mês yn 'e kop slein, dwers troch alles hinne. Midden yn't krús. Dêrre
(wiist)
Meist net spotte mei myn earnst. Kinst oan alles merkbite dat de splinters noch yn myn kop sitte. Wy geane in swiere tiid tomjitte.
(skinkt in twadde romer fol)
Sûp dy net dronken, sjoch de feiten sa't se der hinne lizze.
De feiten binne sa dat ik slim pinekop haw.
| |
| |
Moat ik hjir bliuwe, menhear de geast, of kin menhear my wol slite?
Wy binne kontraktueel boun. Yn ieren en sinen.
Dou bidoelst dat Marij en dou seis jier lyn troud binne, yn't wyt en yn't swart.
Doe wisten wy net better, of woene it net sjen.
Dou woest it ek ris mei in swartenien prebearje. Tusken de wite lekkens, om samar to sizzen.
Nou't myn geast forsplintere is, leit it foar my net sa maklik en jow in oardiel oer dyn ôfbrekpraet. Boppedat leau ik......
(fûl, forheftich)
Neat gjin boppedat. Dou woest dy wreke op dyn eigen ûnmacht. Dyn sied is toar en dea!
(skrikt, wol op har tarinne, mar giet dochs nei de bank, skinkt himsels oppenij in romer fol)
Tsjin wynmounen is it slim fjochtsjen. Soms hat de wierheit in skel lûd......
(forheftich)
HWEROM HAST MY DAN EK FORBAERND, HITE HOER!!!
It docht bliken dat ik dochs gelyk hie.
Dêr giet it net om? Dêr giet it net om?
(fordraeit in heale slach)
Dou fortelst sprookjes jonkje, klearbere mearkes út âlde tiden. Dou bist forgetten hwatstou my allegearre yn't ear miicht hast, doe't wy fjouwer dagen lyn nachts op 'e bank leine. By dy freonen fan jim. Doe wiest sa wis fan dysels, sa forskriklik dysels, neffens dysels.
(raest, springt omheech)
HALD DY STIL. HALD DYN GOARE BEK. IK WOL DEROER GJIN PRAET MEAR HEARRE. GEAN HWAT MY OANBILANGET DER HWERST WEI KOMST.
(bigjint hysterysk to gnizen, Andrys moat him wol stil hâlde)
Wês in knyn, in oaljefant, in mosk, in dou of wit ik hwat ek. Mar lit my yn 'e goedichheit mei rêst. De messen sjitte my troch de holle. It kin my allegearre neat mear skele.
Dyn wurden flokke mei dyn dieden. Dou hast my leave. Dou woest my by dy hâlde, ús beiden by dy hâlde, hwant ek Marij koest net misse neffens eigen sizzen. Haw ik som ûngelyk?
Marij is Marij. Dat leit hiel oars, of woest soms......
(stil, sjocht om him hinne)
Hwat hastou dien mei Marij? Hwer is Marij fordomme!
Kom siz op.
(rint op har ta, nimt har by de skouders beet, skoddet har trochinoar)
| |
| |
(bisiket har los to skuorren)
Ik wol earst witte......
Neat gjin gewit. Hwer is Marij? Toe, sjit op, niis wie se hjir yn 'e keamer.
(wurdt lulk)
Lit my los!
(skuort har los, giet útdaegjend op 'e bank lizzen)
Sille wy nochris, sa op 'e bank???
(boas)
Hâld asjeblyft op mei dy flauwekul. Bidobje dyn hite kont mar yn 'e beantsjes. Ik frege dy hwat, en ik forwachtsje in andert.
Yn fiif dagen kin der in soad foroarje. Myn mem silger sei it altiten al.
De earste dei is geweldich, hielendal nij.
(spotsk)
En de twadde dei, en de tredde dei, en de fjirde dei, en de fyfte dei, nou kom op, de fyfte dei brekt alles midstwa. Dat woest seker sizze. Nou, dêr hast dan aerdich oan mei holpen.
Myn mem silger hie hwat mear filosofysk ynsjoch as menhear Andrys, woe'k ha. Myn mem wist net sa'n soad, mar se fielde in bult.
(gniist gemeen)
Hie'k it net tocht.
Oh, neat, memmen binne oeral goed foar. Soest earst sels mar ris mem wêze moatte.
(giet by de tafel sitten, bigjint in aei to dopjen)
Hwat sikest hjir dan?
Der wurdt sa'n soad praet.
Jimme holden fan my, seine jimme. En ik fan dy, en fan Marij.
(kôget slim, tinkt)
Dan bist oars at ik earst tochte.
Der is neat hwat my bynt, mar ik bin mei Marij troud, sa't se dat dan neame.
Ik leau net dat swart en wyt......
Djûre, lege wurden sizze my neat, gjin mins.
| |
| |
(giet stean, suchtet djip)
Dyn progressiviteit hâldt seker nei de nacht op rejeel to wêzen. It soe altiten nacht wêze moatte.
Dou lûkst konklúzjes dy't ik net foar eagen haw.
Hoe kinst dan prate oer it net-passen fan swart en wyt?
Je moatte it dialektysk bisjen, yn in oare kontekst.
At Marij der net wie, soene der gjin problemen bistean?
Of sjoch ik dat forkeard?
(bliid)
Né, né, dou bigrypst it skoan.
(giet fuort, nei de doar)
LEFFERT!
(sjocht nei de doar dy 't tichtfalt, siket de foto's op 'e flier byelkoar,
spikert se fêst oan 'e muorre, wol in stik bôle ite, bitinkt him,
rint nei de telefoan, skillet)
It liket wol oft ik hûnderten messen yn myn kop haw. Né, ik kin net krekt sizze oan hokker kant. Hwat sizze Jo? Immen moat se der út prate??? Toe nou, hâld my net foar 't soaltsje. Ja, it is to hoopjen, oars soe ik wol wer eefkes lâns komme kinne. Net allinne? Ik soe 't net witte. Se binne beiden fuort gien. Dat is in hiel forhael, ja, ek beiden mei in mês. De iene is wyt, de oare is swart. Ja swart, jo forsteane my goed.
(nimt de telefoan yn 'e hân, rint nei de tafel)
At ik my yn twa helten opsplitse kin? Ik sjoch net yn hokker reden dêr ta wêze soe. Ik twifelje tusken wyt en swart? Al myn skuldgefoelens soe ik nou projektearje yn Tonke???
(harket in skoftke)
Ja, ja, jo hawwe maklik praten, mar in mês is gjin skuldgefoel. De pine snijt my troch de holle. At ik al earder soksoarte pinekop hawn haw? Soms, yn myn sliep, ja, ik ik haw it earder meimakke, dat leau'k wol.
(bigjint lûd to gnizen, giet stean, rint nei it krús, hinget de telefoan oan it mês, laket lûd, wurdt dan ynienen earnstich)
Nou moatte Jo ophâlde my to fiter to hawwen. Ik rin hjir om mei in forbân om 'e kop, myn harsens splite harsels hast midstwa fan 'e pine, en Jo freegje my at ik wol bysteat bin om fan in frou to hâlden? Myn hert is drôf. Alle herten binne drôf, dôf, stom en hurd. Myn hannen reitsje wol oan, mar fiele fel, bonken, soms hyt wetter. Mar dat hat altiten al sa west, altiten, bigryp my goed.
Myn gefoelsleven is toar, akkoart, mar dat fan Jo net soms??? It is in misbigryp myn goeije man om to mienen dat der gefoel bistiet. Flauwekul. Myn oanwêzichheit, myn lichem ûnder de nawle is genôch, net mear en net minder. Natuerlik bin ik leech, lykas Tonke en Marij leech binne, mar myn harsens sitte fol mei messen. Gleone, spikerhurde messen en heafoarken. Ik freegje Jo
| |
| |
gin ethysk oardiel, ik freegje allinne remeedzje tsjin dy fordomde rotmessen. Siz op, hearre dy oare beide der by, of fine Jo fan net???
(komt sjongend de keamer yn, mondain optut, in hoed mei fearen, esf., dounset healwiis troch de keamer, nimt in net-searn aei, drukt dat Andrys op 'e kop, gniist, sjongt):
Ik flean, ik flean
Op gedachten fan pepier
Ik flean, ik flean
Op gedachten fan pepier
Lit ús allegearre fleanen gean......
(flokt, raest, mâlgûlt)
STIL, STIL, HALD OP!! STILTE ASJEBLYFT, IK BIN OANT SKILJEN, SJOCHST DAT DAN NET!!!
(kalmer, praet yn 'e telefoan)
Né, né, it binne de messen net, mar der barde hjir it ien en oar.
Jinsels forpleatse yn in oare rol?
Elkenien bisiket in oar to wêzen, in oar syn rol to spyljen.
Dus swart wurdt wyt, en wyt wurdt swart.
Wyt op swart is lang sa lekker net as swart op wyt. Swart is de kening, en hy hat in wite lul.
(praet noch, is net to forstean, hwant Marij komt troch de doar silen)
(komt ek sjongend de keamer yn, ek optut, esf.)
Ik flean, ik flean
Op gedachten fan pepier
Ik flean, ik flean
Op gedachten fan pepier
Lit ús allegearre fleanen gean......
(wer forsteanber)
Tige tank, tige tank, en Jo wolle graech witte hokker útslach der komt?
Myn wraek sil great en forneatigjend wêze.
Ik haw deskundige rie ynwoun!
(togearre)
HY HAT DESKUNDIGE RIE YNWOUN
(skrikke fanelkoar, laitsje, falle elkoar yn 'e earmen, Andrys sjocht forstuivere op harren del, rint de keamer út)
(sjonge togearre, elkoar widzjend)
Suze nane poppe, ús Andrys leit yn 'e groppe, syn heit en mem sa
| |
| |
fier fan hûs koe Andrys net biroppe, dy poppe
(laitsje fûleindich, kinne hast net wer ophâlde)
(wiist nei de doar)
Hy hat it foun!!!
(wiist nei de doar)
Hy hat it foun!!!
(se smite beide oertallige klean út)
(Marij is hynder, op hannen en fuotten, Tonke is de rider, sjonge lûd)
Hop, hop hynke, nei Snits op in pynke, nei Ljouwert op in wite brea, ride wy Andrys hast dea......
(litte har laitsjend oer de flier rôlje, krûpe nei de drankflesse, skinke hwat yn)
Op in nije takomst. Proost
Op ús nije takomst. Proost.
(de doar giet iepen, Andrys komt der yn mei twa potten (ien wite en ien swarte) ferf, yn elke pot in kwast)
(triomfantelik)
Ik haw de oplossing!!!
(hâldt as in gladiator de bussen omheech)
IK HAW DE OPLOSSING
(wiist laitsjend)
Hy hat de oplossing.
(wiist ek, kwasy-earnstich)
Hy mient de oplossing to hawwen.
Lit ús him de kâns fan de twifel jaen.
Elk eksperimint om út dizze ympasse to kommen, moat bisocht wurde.
Achte hear en kening, hwat wolle Jo?
Achte kening en hear, hwat wolle Jo?
Wy binne ré foar elk eksperimint.
Der giet ús gjin sé to heech.
(rint nei de tafel, nimt in kwast yn elke hân, giet nei de twa froulju, en fervet op 'e foarhollen twa strepen: in krús, langte wyt, breedte swart)
Gean mei dit teken fan barmhertichheit midden yn 'e keamer stean, en ik sil jimme útlizze hwat der barre moat, wol ús relaesje in goeije forhâlding wurde.
(Marij en Tonke geane nei't midden fan 'e keamer, bliuwe stean, wachtsje)
(as in nijsoartige profeet)
Wyt wurdt swart, en swart wurdt wyt.
| |
| |
Ik wurd Tonke, at ik it goed bigryp?
Ja, dat is de rie dy't ik krigen haw.
Ja, hwêrom krigestou gjin nije kleur?
Ik bin kleurleas. Wie al kleurleas.
As in kou, de skuld leit by ús.
It moat in moai ritueel wurde.
In psychyske omdraeiing fan de feiten.
It úterlik, de bútekant is it wichtichst yn dizze wrâld.
Mar de bûtekant en de binnekant moatte wol harmoniearje.
Lit ús ôfskied nimme fan ús sûnden.
Jow my in âlderwetske tút.
En ik wol noch ien kear in wite tút.
(bringt de ferfkwasten werom, rint op Tonke ta)
Dou krijst noch ien kear in swarte tút.
(tútet har op 'e mûle)
Moatst har boarsten en nawle ek tútsje. It kin nou noch.
Ja Andrys, aensens sil 't hiel oars wêze, tink.
Foar ús wurdt alles oars.
Hwêrom soe ik net fiele meije?
Wy binne kâlde kikkerts, fiel mar.
(docht har jurk út, nimt Tonkes lofterhân, leit dy op ien fan har boarsten)
Kâld, sa kâld as in stien.
Lit ús nou fierder boartsje.
Ik bin ek kâld.
(docht itselde as Marij)
Fiel mar.
(in bytsje lulk, ûngeduldich)
Toe, spylje jimme rol nou.
| |
| |
(se rinne driigjend, wizend mei ien lofter- en ien rjochterhân op
him ta, hân yn hân)
(togearre, wurd foar wurd)
Dou wolst ús forniele, ús ús ik ûntstelle.
Us ús identiteit ûntnimme.
Wy sille dy straffe moatte.
Gean ûnder dat krús stean.
(bang, fielt oan syn holle, syn forbân)
Né, né, net dêrre.
(togearre, driigjend)
Sjit op dou!!!
Né, né, genede foar rjocht, foar jim rjocht. Myn holle barst hast útelkoar.
(rint lykwols stadich achterút)
Wy sille dyn swarte siele wyt meitsje.
Wy sille dyn wite gewisse swart meitsje.
(smeekt)
Ik hâld dochs fan jimme beiden.
Dou hâldst allinne fan dysels.
Jimme hawwe it rjocht net.
Rjocht is fakentiids ûnrjocht.
Ik sykje even hwat tapaslike musyk
(rint nei it bânapparaet)
It ritueel krijt in diminsje mear.
(musyk fan janis joplin ‘oh lord give me.....’ bigjint, Marij en tonke rinne nei de ferfpotten, komme elk mei in kwast op Andrys ta, Marij swart, Tonke wyt)
It ritueel fan de dea is net minslik.
(dounset op 'e musyk, smaert in pear wite fegen op Andrys' earmen)
Miskien krijst wol in ereksje. Twa neakene fammen mei ferfkwasten, greater eksperimint is net tinkber.
(bigjint ek to dounsjen, mei swarte ferfstreken Andrys op to skilderjen, de musyk wurdt lûder)
Jimme binne beide gek. De stilte makket jim stik, súver pathologysk.
| |
| |
(bigjint lûder to roppen, skelwurden, ûnforsteanber troch de musyk, de froulju dounsje fûler en fûler)
(Marij en Tonke dounsje nou togearre, liif oan liif, swaeije mei de kwasten foar Andrys' holle lâns, it wurdt stadich donkerder. Andrys kreunt, de beide froulju dounsje wyld, hymje, roppe, raze. It ljocht giet út, de musyk wurdt wei. It is stil - de froulju binne de keamer út gien - dan, in fûle ljochtspot op Andrys, ûnder de swarte en wite ferf, dy't bisiket to skiljen, en ûnforsteanbere klanken stammen, langsum yn't ljocht fan de spot nei de flier sakket; de spot siket de foto, it bânapparaet jowt in hysterysk laitsjen fan Tiny Tim)
- DOEK -
des. '73.
|
|