personae byinoar, alle stikjes fan de puzzle wurde yninoar past en de spanning, wurdt op melodramatyske wize opfierd ta it uterste: ‘Perkara swaeit de earms omheech. Hy stiet oer Dynte en Nier hinne as in bollefjochter mei syn swurd, ré foar de deastek.... Sûnder oan to klopjen stouwe fjirtich plysjes de kelder yn’. (s. 91).
Haedstik XIII is dan neikaerten, bisletten troch in thúsreize mei noch in moaie, dramatyske massascène, dy't in passend slútstik foarmje soe, as dit boek nochris as Draeiboek foar in B-film brûkt wurde soe.
Net alle stikjes fan de puzzle passe lykwols likegoed yn it gehiel. Binammen it fjochtsjen mei Kaak en Ros yn haedstik IV en de efterfolging troch har yn VII steane mar yn sydlings forbân mei it gehiel.
Datselde kin sein wurde fan de persiflearjende parten dêr't it forhael - lykas gauris by Van der Leest - ryk oan is, mar yn dit gefal is dat neffens my gjin biswier. Krekt de persiflaesje is in ûnmisber ûnderdiel yn it gehiel, om it to meitsjen ta it twaslachtige dat it is: in thriller en dochs ek wer net in suvere’ ‘skrilder’. Yn dizze roman rekket de persiflaesje binammen it ûnderwiis, wylst ek depolityk geregeldwei om 'e hoeke komt.
Hwat de romanfoarm oanbilanget, falt der net folle bisûnders to konstatearjen. Allinnich yn haedstik III komt der in auktoriale forteller - dy't fierder yn it boek net meidocht - ûnder de tafel tolânne en ûnderbrekt it forslach fan in typysk hjoeddeisk petear oer materiële en ymmateriële saken troch in krêftich ‘Dat lêste is net wier, fansels’ (s. 19). Ek it bigjin fan dit haedstik past goed by dit type forteller dat gauris yn 19e ieuske romans de lieding hat. De auteur hat hjir - lykas op safolle plakken - de forlieding net wjerstean kinnen om efkes út syn rol to follen. Dat is krekt it elemint dat ik - nêst it persiflearjende en it bitiden melodramatyske - persoanlik it meast wurdearje yn It moaiste famke fan Antarctica (sjoch foar de titel s. 47).
P.S. Hwerom is de rige Ljippekoppen sa hommels ophâlden?