Geart van der Meer
Mislearre fordivedaesje
(Gerben Abma, Leafde op bitter-Lemon. Koperative Utjowerij, Bolswert. 1973).
Hwat moat men yn de goedichheit tinke fan dit boek fan Abma? Hwerom moast er sa nedich in op himsels net sa min forhael bidjerre troch syn oanstriid om mei inkelde ‘djipsinnige’ stikjes it boek op in heger nivo to tillen? Hwerom hat er it forhael net foar himsels sprekke litten? Mar lit ús earst ris útfine hwer't dizze novelle fan krapoan sawntich siden oer giet.
Age Julle, fjirtiger, widner, mei in dúdlike langst nei de wrâld en de godstsjinst fan pake (s. 39), dêrfandinne in hwat sentimintele, lykwols dochs net alhiel ûnsimpatike kliemer, hat it klearspile en krij Janke Breeusma, likernôch tweintich, wurkjend yn deselde saek, safier dat se mei him nei in simmerhúske earne yn de dunen giet om dêr togearre de krystdagen troch to bringen. Hja is, oars as Age, net sentiminteel, hja is frij, libbet sûnder illúzjes, en is gjin dreamer. Hja geane earste krystdei de moarns nei tsjerke - hwer't hy fansels syn religieuze sentimintelens bod jaen kin, en hja útsoarte neat oan fynt - dwale de middeis troch de dunen, pratend oer elkoarren of elts tinkend foar himsels, skûlje in buoi ôf yn in hok en dogge dêr hwer't Age yn elk gefal har foar meinommen hie nei it simmerhûs (ryklik ûngemaklik en klomsk yn in hok en sa by it winter, liket mij). Mar de jouns, krekt foar it waermiten, forsteure Jehannes en syn maten - it hûs is fan Jehannes - wreed dit rêstige tafriel. Harren bidoelings binne dúdlik: hja wolle ek fan sa'n skoander fanke genietsje, gunne har net allinne oan Age. Ein fan it liet is dat Age en Janke der útgoaid wurde en hy har nei it stasjon bringt.
Boppesteande docht fansels gjin rjocht oan it forhael. Dochs lit it, hoopje ik, sjen dat it téma op himsels net ûnnijsgjirrich is: twa sokke minsken mei sa'n forskillend aerd, passe dy inoar, al is it mar foar twa dagen? Grif net, sels net yn de krystdagen, dy't sa tige forskillend troch beide bilibbe wurde - en dát noch wol yn in SIMMER-húske by it WINTER.
De wize fan fortellen en it perspektyf is, útsein in pear puntsjes, net sa folle op oan to merken. It forhael is net yn de ik-foarm, mar wij, de lêzers, sjogge alles wol troch de eagen fan Age, en yn de noutiid. Troch ús ‘in medias res’ yn it eigentlike forhael to forpleatsen jowt de skriuwer himsels de kâns om troch flash-backs ús it hiele forhael meimeitsje to litten; dy flash-backs binne de tinzen fan Age. Sadwaende past de foarm fan it forhael goed bij it karakter fan Age: ek dy mei graech fanút it nou nei it doe sjen.
Wol is it de fraech oft de skriuwer him hielendal konsekwint oan it perspektyf houden hat. It ‘Wy ha ús in soad wysmeitsje litten’. etc... (s. 13), ‘Doomny bidde oer de neden en soargen fan ús sa't wy hjir sitte’ (s. 20), en ‘Hoe winne wy Kristenen? Aensens komt it ponkje. Ha'k om lytsjild tocht? (s.21) (ûnderstreking fan mij, GvdM), binne neffens mij tekens dat de skriuwer, de fiktyf net oanwêzige, even út syn rol falt, en sels mei bigjint to praten. In oare forklearring kin wêze dat er hjir sa nou en dan yn de ik-foarm bilânnet, hwer't it sitaet fan side 21 al op