Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 136]
| |
Alex Riemersma
| |
[pagina 137]
| |
liket it derop, dat it kunstwurk losstiet fan de rest fan de wrâld, dat hja net forboun is mei de maetskippij en net biynfloede wurdt fan de wearden fan de minsken en de streamingen yn 'e maetskippij. De literatuer fielt har net mear forboun oan in biskaet program, de skriuwers hoege har net to forantwurdzjen foar in biskate ideology oer. Mar dat wol noch net sizze, dat hja net in biskate ideology drage, net wearden útstalle en forkeapje. Dat dogge hja fansels wol, mar net yn opdracht fan de ien of oare groepearring. As auteurs har op dit stânpunt stelle, ropt dat fansels wol wer de fraech op nei it hwerta fan de skriuwerij. Hwerom wrot in skriuwer ta de nacht út om hwat op papier to krijen? Hat er dêr dan hielendal gjin doel mei foar eagen? Hwerom soe in auteur dy muoite dwaen as it allinnich mar is om syn/har frustraesje fan him/har ôf to skriuwen? Hwat moatte wy mei de literatuer oan as it net mear in propagandamiddel is foar it ien of oar? Moat hja de bisteande maetskiplike struktueren oantaestje of krekt bifêstigje? En hwat docht hja de facto? Stipet hja net de ideology fan de machthawwer?Ga naar eind4 It liket derop dat wy neffens Fortuyn (en ik kin it mei him lyk fine) wer werom komme moatte fan de weardefrije literatuer; dat in wurk net mear as autonoom sjoen wurde moat. Op it Skriuwerswykein hat Karel Gildemacher dêr ek syn tinzen oer gean litten. Hy seit yn syn earste blauskrift: ‘Taek fan de skriuwer (...) is it biskriuwen fan de minske yn syn minsklik bistean en dat kin nea folslein wêze as ek net it sosiale yn de minske bleat lein wurdt’.Ga naar eind5 En op it Skriuwerswykein sei er: ‘It is syn (= de skriuwer) opjefte, as syn fantasije tominsten noch net fan it kapitael en de boargerlike kunstopfetting forgifte is om de efterútsetten minsken, de frysk-tinkers by it stal jaen fan har inerlik en har winsken to helpen en har it paed to wizen nei de politike organisaesje dy't ús meiinoar bifrije kin út de forhûddûksitewaesje dy't hwat langer hwat mear fynynlein wurdt op taktyskpsychologysk.’ Syn biswieren tsjin de bisteande ‘literatuer’, tsjin de skriuwers fan de ‘boargerlike tradysje’ formulearret er oan de hân fan ‘printwurkjes’ lykas: as in lyts baeske en in nacht fan in leechrinner. Dizze beide wurken binne neffens him ‘1. net realistysk, d.w.s. de bining tusken minske en mienskip wurdt bidutsen; de hearskjende mentaliteit wurdt net ûntmaskere as de mentaliteit fan de hearskers; it is net skreaun foar dy parten fan de mienskip dy't der it minst foarstean; it is net konkreet en lit gjin romte foar de lêzer om it wurk to bilibjen. 2. net folksaerdich, d.w.s. it is net skreaun foar de brede massa, it hantearret de tael fan dyen net; it giet net út fan de stânpunten fan de massa's om fan dêrút mieningen to bifêstigjen of om to bûgjen; it nimt net diel oan de problemen en de tinzen fan de mienskip.’ De bining fan de skriuwer mei syn mienskip foroaret: net mear in opkommen foar de frijdom fan Fryslân en net mear in forhearlikjen fan it Heitelân. It wurdt nou in opkommen foar de forhûddûke frysk-prater; de frysk-prater moat biwust makke wurde fan syn sitewaesje. Troch it lêzen moat de lêzer it paed fine nei de politike organisaesje dy't ús meiinoar bifrije kin út de forhûddûksitewaesje’. Ik freegje my ôf, oft de lêzer lêst om bifrijd to wurden. En dan: hwerfan moat (wol) er bifrijd wurde? In oare fraech is oft de lêzer troch it lêzen fan in ‘realistyske’ en ‘folksaerdige’ roman wol biwust makke wurdt fan syn sitewaesje; dy fraech wurdt helte nypender as it wurk ek noch ‘dúdlik’, ‘net mis to forstean’ en ‘objektyf’ wêze moat. | |
[pagina 138]
| |
Soksoarte wurk wol ik plat-realistyske propaganda-literatuer neame en net rekkenje ta de literatuer. Ien fan de skaeimerken fan in literaire tekst is, dat er werjowt de reaksjes op 'e werklikheit en nèt de werklikheit sels. Ut Gildemacher syn relaes soe ik opmeitsje kinne, dat er ha wol de skriuwer biskriuwt hoe't in man út it folk him yn dizze wrâld hâldt en draecht. Hoe't er fan bêd komt, yt, wurket, yt, wurket, yt, tillefyzjet, sliept ensafh. Neffens my is it net sa wichtich hoe't dy man der hinne libbet, mar namsto nijsgjirriger oan'e weet to kommen hoe't er syn libben bilibbet, hoe't er foar syn ('t) libben oer stiet. En dat sil noait net objektyf wjerjown wurde kinne. Ien fan de dielnimmers oan it petear woe ha de skriuwer kin de lêzer allinnich mar biwust meitsje fan syn sitewaesje troch him in forfrjemding meimeitsje to litten. In skriuwer kin neffens him allinnich mar goed skriuwe as er de forfrjemding fan de minske biskriuwt. Jo soene bygelyks biskriuwe kinne hoe't in frysk-prater syn kop stjit tsjin de muorre fan de net-frysktalige ‘hegerein’; en de frustraesje dêrfan. De forfrjemdingsroman liket in tsjinstelling to wêzen fan de folksaerdige. Ik bin der noch hielendal net fan oertsjûge dat in biskaet wurk èn forfrjemdend èn folksaerdich èn realistysk èn dúdlik èn objektyf wêze kin. Faeks dat de gewoane man, dy't lêze wol foar it lêsgeniet tsjinne is mei in ‘objektyf, dúdlik en net mis to forstean wurk, en dat de (sabeare) intellektueel it mar dwaen moat mei de forfrjemdingslektuer. Mar dan noch: hwat foroaret dat oan de sitewaesje yn Fryslân? Yn hoefier wurdt dan de lêzer it paed wiisd nei de politike organisaesje? Ik bin bang, dat ik net oars konklúdearje kin as dat de literator fan Gildemacher eins mear wol as er ea birikke kin mei syn skriuwery, as net de hâlding fan de sljochtwei lêzer djipgeand foroaret. |
|