Bitellet ‘alternatyf’ honoraria???
Literaire tiidskriften bitelje oan de meiwurkers honoraria foar har bijdragen. It is ien fan de kriteria om subsydzje to krijen, fan èn de Provinsje èn CRM. De honoraria kinne je yn twaën skiede:
I. honoraria fan it tiidskrift sels; II. addisjonele honoraria dy't troch CRM bitelle wurde, it Fonds voor de Letteren, meastens in jier nei publikaesje.
Yn novimber/desimber krige ik fan ‘Alternatyf’ twa kear in aksept/girokaert om it abonnemintsjild foar '73 en foar '74 to biteljen, en wol f 17,50 en f 17,50 = f 35, -. Omt ik krektlyn fan Trotwaer hwat jild krigen hie, skeat it my troch de holle dat ik fan ‘Alternatyf’ noch mar ien kear hwat sjoen hie. Ik kaem ta it folgjende rekkensomke:
Alternatyf jrg. 2, nû 5 (sept. '72): side 52, 53, 54 trije fersen fan my;
Alternatyf jrg. 3, nû 2(mrt. '73): side 29, 30, 31 in forhael fan my.
Opteld kaem ik ta 3 fersen en 2¼ siden forhael.
Fan ‘Trotwaer’ krige ik yn '72 foar in fers f 8, -, en yn '73 foar in forhael (standardside fan 400 wurden) f 10, -. Yn desimber bitelle ‘Trotwaer’ it CRM-addisjoneel fan '72: foar in fers wie dat f 10, -.
Omt ek ‘Alternatyf’ subsydzje krijt, foun ik it reëel en freegje ris hoe't it siet mei dy honoraria. De ‘Vereniging Van Letterkundigen’ dert ik lid fan bin, striidt op't lêst net om 'e nocht foar har leden en oaren dy't rjocht op jild hawwe. Boppedat, ik wist it noch fan myn ‘trotwaerredakteurskip’ moat der oan foarwaerden foldien wêze op it flak fan biteljen oan de skriuwers wol it tiidskrift subsydzje krije.
Ik stelde ‘Alternatyf’ út (d.i. Lykle Jansma) om myn abonnemintsjild mar to forrekkenjen tsjin de honoraria. Ik kaem ta dit somke, alles op ‘Trotwaer’-basis: 1972: honorarium 3 fersen = 3 × f 8 = f 24. 1972: addisjoneel honorarium 3 fersen × f 10 makket f 30. 1973: honorarium 2 siden à 400 wurden × f 10 = f 20. Totael: f 74.
Op 26 oktober hie'k f 24 krigen (d.i. honorarium '72), sadat ik noch f 50 hawwe moast. Fan dy f 50 koene de abonnemintsjilden fan '73 en '74 ôflutsen wurde, hwertroch ik noch f 15 fan ‘Alternatyf’ krige.
Oer dy f 15 ha'k skreaun' Stjûr my dêrfoar mar it boek ‘Rein de Foks’ (f 9,50), de rest lit ik dan sitte foar porto, esf.
Nai twa telefoantsjes út Bûtenpost kaem op 16 jannewaris yn myn hûs in brief: nei ûndersteande ynhâld: