Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 67]
| |||||||||||
1. honorarium fan de útjowerDe útjower fan in literair tydskrift is net forplichte de meiwurkers oan dat tydskrift in honorarium to biteljen. Oars wurdt soks as dy útjower in subsydzje fan C.R.M. kriget yn syn eksploitaesje tokoart. Oan dizze subsidiearing forbynt C.R.M. nlt. de folgjende foarwearden: (oerdruk jildend foar it jier 1972) Aan deze subsidiëring verbind ik de volgende voorwaarden:
Foar 19 73 moast de útjower f 10, - per 400 wurden útbitelje. Foar 1974 skynt it f 12, - per 400 wurden to wêzen, mar de administraesje hat fan de útjower hjiroer noch gjin útslútsel krije kind omt de oanfraech noch rint. Yn nû 74-2 sil dêr dus neijere ynformaesje oer jown wurde. | |||||||||||
2. additionele honorariaHjir los fan kin de administraesje fan it literair tydskrift by it Fonds van de Letteren foar de meiwurkers oan it tydskrift in oanfoljend honorarium oanfreegje. Oant 1970 ta makke de administrateur in list op mei namme, adres, giro of banknû en oantal siden per meiwurker. It Fonds van de Letteren soarge dan foar útbiteljen. Sûnt 1971 is soks it Fonds to folle drokte. De redaksje fan it tydskrift krijt in bipaeld bidrach oermakke en moat dat neffens fêststelde noarmen forpartsje. Foar 1972 en 1973 binne dat: (oerdruk jildend foar 1973): Als richtlijn voor de berekening van het aanvullend honorarium gelieve u aan te houden een bedrag van f 10, - per standaardbladzijde van 400 woorden en voor poëzie f 10, - per 20 regels. Na uitbetaling van de aanvullende honoraria dient u aan het Fonds een lijst te doen toekomen van de uitgekeerde bedragen, als volgt ingedeeld: naam auteur, titel bijdragen, bedrag honorarium, bedrag aanvullend honorarium.
By Trotwaer giet it nou sa. De administraesje, dy't alhiel los fan de útjower stiet, bart it abonnemintsjild yn en bitellet hjirfan ûndermearde meiwurkers. Dêrta hat hja in postgiro-nû en sûnt 1973 ek in bankrekken by de Fryslân Bank. Om de sinten net troch inoar to mjuksen is foar it jild dat it Fonds oermakket | |||||||||||
[pagina 68]
| |||||||||||
foar additionele honoraria sûnt 1972 in aparte bankrekken iepene by de Amrobank. Nei forskinen fan in nûmer bitellet de administraesje in foarskot oan it ein fan de jiergong folget dan in ôfrekken. Poezij en print wurde yn 'e regel daliks ôfrekkene.
DE ADMINISTRAESJE |
|