to gean, nei it bistudearjen fan in taekfordieling tusken de forskate bibliotheektypen yn de provinsje.
Dat is in goed ding, in bitingst ek om de kommende fiif tsien jier ta in struktuer to kommen dy't de bêst mooglike bibliotheekforsjenning garandearret foar de minst mooglike kosten. Fandat oangeande is it bigjin dochs al hwat meager.
Ofsjoen fan de forjierre aktualiteit troch de tawizing fan de regionale steunfunksje oan de pébé, bliuwt de needsaek fan oerliz, taekfordieling en stribjen nei forbettering en efficiëncy rjocht oerein stean. Ek al soe lannelik bisjoen it hiele forhael oer de regionale steunbibliotheken ris ynelkoar klappe, of, al soe de Provinsje ris om hokker reden ek bislúte dizze taak oan oaren oer to litten, dan bliuwt noch de needsaek om in provinsiael bibliotheekplan fan de groun to krijen. Dêrom, men hat jins moed der net alhielendal oer, dat der mear oanlieding ta meditaesje net liket to wêzen as dy eksteme faktor.
Der sille earst wol in tal dierberheden út 'e wei romme, en bleate feiten konstatearre en analisearre wurde moatte. Koart sein, it giet om in taekfordieling, mear noch in gearwurkingsfoarm tusken de pébé en de iepenbiere bibliotheken, om in bibliotheeksysteem dat op in dúdlik program basearre is, dat de bêste forbiningen tusken stêd en plattelân yn de literatuerforsjenning mooglik makket, en de bêst organisearre ynformaesjefoarsjenning foar de provinsiale bifolking. De iepenbiere bibliotheken sille de lêste resten folksaerdigens kwyt moatte, har yntuïtive en soms amateuristyske oanpak forlieze doare moatte. De pébé sil ris syn dualistyske opstelling tajaen moatte: it ambisieuse stribjen nei de erkenning as wittenskiplike bibliotheek oan de iene kant, it feitlike funksionearjen foar in bilangryk part as ‘iepenbiere bibliotheek’ oan de oare kant. De frees foar popularisearring en foar de ûntdekking fan it ûntbrekken fan in kleare doelstelling jowt groun oan in heechhertich defensyf, dat gjin romte lit foar in heroridätaesje. En út de fordigening wei wurde faek suggestjes fan bûtenôf dy't pleitsje foar in nauwere gearwurking tusken pébé en iepenbiere bibliotheken as ûnfoech (en ûnfrysk, hat men bitiden it idé) fan de hân wiisd.
En men moat tajaen, de twivel spilet net swak by. De sabeare réwillige, negative opstelling tsjin dit fraechstik oer is de bêste garânsje foar it mislearjen fan elk bisykjen. Der bistiet gjin blaudruk fan in bibliotheeksysteem, en alhielendal net fan in bibliotheeksysteem Fryslân. It marginale gepiel fan hjir en oeral is yndie mei hwat freonlike òfspraken in skyn fan koperaesje. De iennichste basis dêr't in plan op boud wurde kin is in deechlike en ûnôfhinklike stúdzje, dy't boppedat in stik eksperimint ynkalkulearret. As men jins eigen posysje net yn diskusje stelle wol sil der neat birikt wurde.
Oerliz oer de funksje fan de regionale steunbibliotheek en ôfspraken oer de kolleksjefoarming en it oankeapbilied binne essinsiële kwesty's. Gjin fan de partijen hat hjoed de dei noch it rjocht dêr iensidich oer to kedizen. Op it stik fan de bibliotheektechnyk. de mechanisaesje, de automatisearring, de ynformaesjeforliening, de kommunikaesje en distribúsje binne hwithoefolle saken to bisjen. De kwalitative forbettering fan de iepenbiere bibliotheken yn saken as bibliografy, dokumintaesje, yn spesialisaesje en yn wittenskiplike biglieding soe fanút de pébé in greate stimulâns ha kinne. En oarsom: de know-how, it swiere kaliber, it totale apparaet fan de pébé soene nochris foar in pear prosinten mear rendearje kinne.