(en ast my net mist ek yn útstel 1 fan de (al to) brede kommisje), dan wurdt de bisteande offisiële stavering mij op it dak skoud: ‘Fjidders wol de Haan ut eo-lûd fwar r as eu skriuwe.’
Foar de û(û)-oe kom ik net mei in oplossing oansetten, Riemersma. Ik haw skreaun: Miskien soe dy socht wurde kinne (ik skriuw dit tige skruten) troch.... En as slot skriuw ik dan noch: Mar ik jow dizze suggestie graech foar in bettere. Jo binne blykber al lang út 'e rie: Utstel 1 fan de brede kommisje jowt neffens jo de bêste oplossing. Mei ik myn twivel hawwe, as ik sjoch Ned. boek-Fr. bûk (selde lûd, ûngelikense stavering) en Ned.hoed-Fr. hoed (ûngelikens lûd, stavering gelyk). It wûnderlikste stikje polemyk fan jo, Riemersma, is dat om kot-kat hinne. As ik it yn jo priizje, dat jo kot skriuwe en de lju dy't altyd wer mei kant-kont oan-draven komme, der earstens op wiis, dat wy soartgelikenze doubletten yn 'e gongbere stavering ek al hawwe en har dan in sitaet ûnder de noas hâld fan Joast Halbertsma, dy't dochs de grounslach lein hat foar de tsjintwurdige stavering, om harren sjen to litten, dat dy perfoarst net de a brûkt om kant fan kont to ûnderskieden, dan haw ik it wer glêd bidoarn by jo. Hwerom mei joast witte. Ik wol moal en mâl net lykskeakelje, mar krekt as jo moal en môl skriuwe. Dy a-â wol ik lykas jo kwyt en wol, om't dy it frije Fryskskriuwen yn 'e wei steane en dat achtsje ik in folle greater biswier as gefaltsjes as kònt-kónt. Mar ja, ik haw it net oer jou streekjes hawn en om't jo dêr blykber swier oer tille, wol ik jo nou wol sizze, dat ik hielendal gjin biswier haw tsjin hwat útspraektekentsjes yn skoal-boeken, mar dat forplichte streekjes op alle ops en oms lestich binne foar 't skriuwen en net noflik by't lêzen. Nochris, de stavering is gjin dépendance fan de fonology, mar in deagewoane folkssaek yn artikels foar daegliks
gebrûk.
In nijsgjirrige kwestje is de fêstroune rjochtlinichheit by wuodden of leaver it fêstrinnen op it snijpunt fan twa rjochte linen. De iene lijn wie: net uo mar wo, dus bworren, dworje, fwotten en.... hwodden, mar dat wie twa hollen yn ien hoed. Krekt wie de hw út hwa, hwat, hwant forfalle en dêr stie er wer. ‘Goede raad was duur.’ Hwodden mocht net, wodden koe net en sa kaem wuodden út 'e bus en dêrmei de forspeine uo as in duveltsje út syn doaske. Jo wolle it nou mei wast bisykje. Riemersma, mar soenen dêr klanten opôf komme? Sjoch, Riemersma, ik gean akkoart mei wa, wot ensa, mar moat dêrom de h yn hwodden ek fuort? Dêr hat er in funksje by't lêzen. Sa bin ik mei jo foar jest, jir, joed (net mei t), mar hjekken as meartal fan heak is net gek.
As lêste splinterbonkje noch in stikje út in mearke: Ut dwergehûûs stie tusken twa bergen, un grutte berg en in lyts bergje. ‘Pas op’, seit master tsjin it famke út fes 78 fan Teksten fwar ien Hear, ‘mast berchje skriuwe, oas soet opbergjen wêze kinne’. Nou freegje ik jo: Is dat fonology of skwalmasterslullefikaesje? De opposysje ch-g is yn it Frysk net to finen; sels ‘wij lagge ons krom te lache’ is der net by. Hwerom soe in lytse berg dan net as bergje op skrift meije?
Dan noch it antwurd op in bilangrike fraech n.l. hwerom't ik myn artikel net yn myn eigen stavering skreaun haw. Om de klandyzje, om't ik graech hwat lju birikke woe, dy't stikken yn in ôfwikende stavering meast oan kant skouwe. Boppedat hat it syn foardiel, as men net in komplete eigen stavering útwurket.
Der is dan great gefaer dat men jin tofolle engagearret en dan sitte wy mei de oankrûperij dy't wy krekt net hawwe moatte.
M.J. DE HAAN
P.S. Ik haw dochs noch in g-ch opposysje foar jo foun, Riemersma: ‘Hwa'tyn 'e pogge sit, moat net sa poche’ mar moat in earm lyts barchje dêrom mei chyn 'e modder ombargje, dêr't de greate bargen samar yn ombargen?