Taheakke by antwurd 13
Hoewolt dizze diskusje bûten my omgiet kin ik it by it lêzen fan de namme Whorf net litte en spring deryn hwat dizze achtste alinea oanbilanget Gildemacher seit: de ienling is (...) yn tael en tinken boun oan de patroanen fan syn eigen tael.
Dat de ienling yn syn tael boun is oan de patroanen fan syn eigen tael, is in plattitude dy't Gildemacher bykâns bilachlik makket. B.L. Whorf is in bikind linguistysk-antropolooch dy't de heit is fan de saneamde determinatie-relativiteitshypothese (de Whorf-hypothese). De determinatie-kant fan dy hypothese hâldt yn dat tael tinken en gedragspatroanen determinearret. Tael tsjinnet as in soarte fan bikisting foar tinken en filosofy. Tael bipaelt de Welt-anschauung en sadwaende de kennis.
De relativiteits-kant bitsjut dat forskillende talen dus forskillende effekten op tinken en erfaren ha.
Tige fundamintele krityk op dizze hypothese leveret N. Chomsky. Neffens Chomsky hâldt Whorf him tofolle mei de opperflaktestrukturen fan tael dwaende, wylst op djipper nivo alle talen fan itselde algemiene minsklike karakter binne. In foarbyld fan twa forskillende opperflakte-strukturen mar mei ien djiptestruktuur, binne folgjende twa sinnen:
De slager slacht de koe
De koe wordt door de slager geslacht
Dit is yn deselde tael, mar sa kinne ek forskillende opperflakte-strukturen yn forskillende talen, lykwols deselde djipte-struktuur ha. In ôfswakke fersy fan Whorf's hypothese foldocht better. Dizze hâldt yn dat sekere taelaspekten de minske foarbistimme kinne mear op dizze dan op dy wize to hanneljen of to tinken. Yn dizze fersy is de minske net langer in finzene fan syn tael, mar tsjinnet tael as gids ta tinken en gedragen.
In gewaerwurding wurdt omset yn wurden en dit bart binnen ien tael en ynforskillende talen op forskillende wizen. Mar, seit Hockett, tael forskilt net safolle oangeande hwat sein wurde kin, as wol yn hoe relatyf maklik it yn har sein wurde kin!
Dit wiist op de bân tael-kultuer. Antropologen definieare tael dan ek gauris as datjinge hwat men kinne moat om kommunisearje to kinnen mei de sprekkers yn in mienskip op in like adekwate wize as hja mei inoar dogge en op in wize dy't hja akseptearje as oerienstimmend mei harren eigen wize fan kommunisearjen.