Mear as 29 antwurden oan Riemersma
Ik wyt net hwat Trinus Riemersma mei syn fragen oan my foar hat. Bytiden smeitsje se my wakker retoarysk, mar hawar. Hy skriuwt dat er graech andert ha wol en dat sil er krije. Ien ding moat lykwols foarop stean. Net alles hwat in minske, yn myn gefal ik sels, tinkt kin sa biskreaun wurde dat de ratio der by kin. Dat is nou ien kear sa en dêr is neat oan to dwaen, men docht, skriuwt en bitinkt nou ienris dingen dy irationeel binne.
Dêr komt by dat by alles hwat men skriuwt, tinkt my, men nea foar de folle hûndert persint wis fan syn saek is, altiten binne der dingen dy't foar jinsels noch dizich binne en mooglik al skriuwende en kritykûntfangende dúdliker wurde. Dêrom ek is it aerdich dat Trinus dizze fragen stelt, al bin ik hast wol flau fan syn Grifformearde Fraechlearen-styl. Miskien kin Trinus nei it lêzen fan dizze anderten krekt (?) omskriuwe of er it nou al of net mei my iens is en hwerom.
1. | Neam it dreaun wêzen, ynspiraesje, inerlike twang of hwat ek. Docht it der ta? (Né) Yn alle gefallen, it siet, sit, my fol mei tinzen oer de forhâldingen tusken skriuwer, literatuer, lektuer en mienskip, yndividu. It kin wêze dat krekt troch it to fol sitten, in to min ôfstân nimmen de saek ûndúdliker is, mar it koe net oars. Yn de selde snuorje ha ik al earder in soartgelikens opsteltsje skreaun mei de noch wiidweidiger titel Literatuer & Biweging. |
2. | Ja en né, ik leau dat it der fan ôf hinget hoe't jo it leauwen en oare problemen biskôgje. Ik neam mar hwat fragen: Is God eat opium-achtichs? Is God sels aktyf yn 'e forhâlding ta de minske, of is soks kleare minske-pielen? |
3. | Ik haw mei opsetsin oare problematyk net neamt om't it eintsjebislút dochs delkomt op de forhâlding minske ta himsels en minske ta mienskip en om 't ik net wyt hoe't G.J. 's leauwen wie, al hat EBF der in boekje oer skreaun en om't de forhâlding gerben abma- God foar my forburgen is. |
4. | Né, mar ik bin dwaende mei in ûndersyk dêrnei, dat it komt ál. It sil oars net tafalle dat koart to hâlden.
As men sjocht nei in boek as dat fan Emma Vorlat oer de Minske en de mienskip yn de literatuer fan de Foriene Steaten of Tony Tanner's City of words (ek oer de moderne literatuer yn de F.S.f.A.) wyt men genôch oer de swierrichheden dy't der lizze. |