Skriuwer en strider net to skieden
Foardat men der erch yn hat, stiet soks der al, de skriuwer yn Fryslân. Krekt as soe it forskynsel skriuwer mei dat wurdtsje de to bipalen wêze. Krekt as sil yn dit forhaeltsje nou lens en foargoed, foar ivich en altiten, fêstlein wurde hwat soks ynhâldt: skriuwen yn Fryslân.
Sa net, it pielen mei de letteren dat to uzes gau ris mei ynmoed en faken mei ûnmacht bioefene wurdt lit him net maklik biflappe. Mar altiten wer hat de wrakseler mei de tael yn syn eigentiidske foarmen stal jown oan hwat ex yn 'e holle hie. Jimmer wer: de minske oip 'e sneup nei syn eigen ik-wêzen. En iderkear wer kamen der eintsjebialút deselde problemen: de forhâlding fan de minske ta himsels en syn hâlden en dragen yn de mienskip.
De forhâlding tusken skriuwer en mienskip hat net altiten allyk west. De man fan it winterjounenocht wie oars as de Jongfries, en de skriuwer anno 1973 is in oaren as dy fan Quatrebras en wêz mar net binaud, mei in pear jier is der wol wer in nij soarte.
De hearen skriftekennissekundigen biskôgje 1915 as in wichtich jiertal foar de Fryske literatuer, ommers sûnt dy tiid is der ‘echte’ literatuer. Wy folgje (fan fierren) de Hollânske Tachtigers nei, en dat hâldt de wiere letterkunst yn, net mear de aljochtweie folksaerdigens, mar it Frysk as folwoeksen kultuertael
In oar joer hwat op syn minst like heech yn de literair-histoaryske topsafolle stiet is 1946. De Tsjerne-maten gyngen justjes fierder as de Jongfriezen. Hja, sjoen hawwende de skriklike gefolgen tan it nasjoanalisme, lottere troch oarloch en oare forskrikkingen, seagen de kunst sa mooglik noch heger as harren foargongers. De literatuer moast fan nou oan op eigen fuotten stean, frij fan it biwegingsjok, frij fan oare hege idealen. Yn it foarste plak (frysk) Skriuwer.
De lêste jierren hat dy ûntfrysking ek net stilstien, nei de Eksperimentelen binne der Barbarberneibouwers west. Mar nou, men hoecht mar in pear ‘moderne’ boeken to lêzen, is it folkje ûtskreaun. De heechdravende Skriuwers fan niis binne opsnijende Skreauwers wurden. Dit liket wakker min soe men sizze, mar it gappet mear as it byt, der steane oaren klear.
Binammen sûnt 1946 binne in stikmannich foroaringen it each fan de Fryske skriuwer foarbij gien. Yn it foarste plak is dat it toroarjende sicht op de minske en de mienskip. It tinken dat de minske yn it foarste en lêste plak in ienling is, is foarbij. Marx en yn syn sok oaren binne bigoun mei it ôfbrekken fan it ienlingidéael. De ûntwikkeling yn de moderne wrâld. fral ek op it kommumkaesjemêd, makket nou dúdlik dat de minske syn eigen ik-wêzen allinne yn de forhâlding mei de mienskip fine kin.
Foar in skriuwer binne binammen de ûndersiken wichtich dêr't út bliken docht dat in ienling of er nou wol of net wol yn tael en tinken boun is oan de yngewikkelde patroanen fan syn eigen tael. Dy taelpatroanen binne altiten eigen oan de mienskip en ek de Fryske ienling kin dêr net bûten.
In twadde foroaring is dat de wolfeartsevolúsje, dêr't men ek yn Fryslân de hope op testge hie, hwat langer hwat minder yn oansjen rekket. Oaljekrises, delgeande konjunktuer en ûnbidige marreplannen meitsje klear en dúdlik dat net alles hwat rjucht liket dat ek is.
De ekonomyske ûntjowing, de skaelforgreating en noch wol in nustje bigripen mei slimme wurden bidriigje de mienskip. Fryslân wurdt oerstreamd troch produkten út it Hollânsk taelgebiet. It oanboazjende Amerikanisme, binammen op it mêd fan de jongereinkultuer meitsje dat de ienling fordreaun wurdt fan syn meast eigen grounflak, de (fryske) eigen tael. In fierstento sleauwe (eins bistiet it net iens) taelpolityk ûnthâldt de Fries de werklike mooglikheden om himsels to ûntjowen yn syn neiste tael.
Dêr sit de skriuwer dan mar mei, of better, oan't nou ta sieten de measte skriuwers der net mei. Hy hat him oant nou ta suver nearne oars om bikroade (útsûnderingen binne der lokkich ek) as om psychopatyske mûnsters en foarmkwestjes en it risseltaet fan dy selsbifrediging moast dan foar literatuer forsliten wurde.
Mar dat binne foar it greatste part de wanprodukten fan in skriuwer dy't him net forantwurdlik en net ien fielt mei de mienskip dêr't er yn en fan libbet. Lykwols, de skriuwer kin en mei him net bûten de mienskip sotte.
Dit hâldt net yn dat er skriuwe moat sa't syn folk it hawwe wol, mar hy moat mei syn skriuwen syn folk biwust meitsje hokker krêften it libben biwege, om sa mei to bouwen ta in minskliker mienskip yn Fryslân.
Hwat mei men nou fan de skriuwer (de nije) forwachtsje? Folle net genôch. Hy brûkt syn tael sa, dat ek de net-elitaire (dat fize wurd moat der ek mar ris út) lagen fan it folk him folgje kinne, syn taelgebrûk is demokratisearre. Syn ûnderwerpen binne net mear útwrydsk, hy fynt genôch yn de mienskip dêr't er diel tan útmakket. Hy is biwust FRYSK skriuwer en strider. Sa binne dêr skriuwer en strider, net to skieden yn de striid ta in minskliker mienskip yn Fryslân.
KAREL FERDINAND GILDEMACHER