| |
| |
| |
Tichelwurk
Forneukte ‘Forneukte sted’ ‘de nacht fan in leechrinner’?
Soms bart it dat de iene mins de oare mins oansjocht en seit by himsels: ‘jezus, ik haw nea witten dat der noch sa'n figuer op dizze wrâld bistie’. Soks komt foor, elke dei, elke ûre, at je de eagen mar iepen dogge. It soe aerdich wêze en filosofearje hwat troch op dit gegeven, hwant it iepent in soad perspektiven, sawol yn 'e deistige realiteit as yn 'e deistige sur-realiteit. Ik doch dat net, hwant ik wol nei de literatuer of hwat dêr foar troch gean moat. Itselde hwat boppe biskreaun is, sjogge je ek yn boeken: alle boeken, binammen at se oer minsken gean, lykje in bytsje opelkoar, soms lykje twa of mear boeken in hiele soad opelkoar. Je lêze as lêzer passages, dy't je earder lêzen ha, je lêze as lêzer oer fasetten fan it minsklik bistean dy't je even earder hast krekt allyk ûnder eagen hawn hawwe.
Doe't ik de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ fan Gerben Abma lies, oerkaem my hwat ik even earder skreaun haw, noch sterker sein, ik lies oer minsken en tastannen sa't ik se sels bitocht hie yn myn eigen roman ‘Forneukte Stêd’. Hwat dogge je dan as lêzer? Hwat dogge je dan as skriuwer? Je lizze de beide boeken njonkenelkoar, mar je witte tagelyk dat je it gehiel noch net objektyf bisjen kinne. It is allegearre noch to farsk, de yndrukken dy't je krigen ha, binne noch net sille. Nou nei in acht, njoggen moanne leau 'k dat myn yntuïtive ympulsen omset wurde kinne yn it objektyf werjaen fan feiten en gegevens sa't ik dy foun haw. Ik bin gjin literatuerhistorikus, en jow as sadanich ek allinne mar dat hwat ik sels wit en sels rekonstruearre haw. Net mear, mar ek net minder.
(opm.: ‘Forneukte Stêd’ neam ik yn dit stik STED, ‘De Nacht fan in Leechrinner’ neam ik NACHT, bigripen dy't fierder gjin symboalyske wearde hawwè).
| |
Kritisi oer de ‘Nacht’
Ien fan de redakteuren fan dit tydskrift, Adry van Hijum, kaem nei syn analise fan de NACHT ta de konklúzje dat de roman der miskien wol neat by forlern hawwe soe at er net útjown wurden wie. Mei oare wurden, hy foun dat de struktuer fan it gehiel nochal hwat rammelt, dat de roman as gehiel in mislearring neamd wurde kin.
Noordmans skriuwt yn syn resinsje yn 'e Ljouwerter Krante wurden mei deselde ynhâld: ‘De Nacht fan in Leechrinner is stykjen bleaunyn 'e skimer fan in droechstinner’. Neffens N. is it boek in heale mislearring, en soks moatte je fansels eufemistysk opfetsje, f'ral at it yn 'e Ljouwerter stiet en skreaun is troch de hear N.
Klaes Jansma hat it boek de NACHT yn Frysk en Frij bisprutsen en neamt it boek to rûch: ‘as de skriuwer net sa rûch west hie, en de saek better bisjoen hie, hie 't noch wol in goed boek wêze kind’.
| |
| |
Trije kritisi dy't it boek de NACHT kreakje. Hoe sit dat?
Ik leau net dat je fuortdalik siz ze kinne dat in boek in mislearring is at trije lêzers/kritisi soks biweare. Oan 'e oare kant is it ek wol wer tekenjend dat in struktueranalise fan Van Hijum lykop rint mei in globale skôging fan bgl.
Noordmans: in kranteman sil net daelk in boek ôfkreakje, omt hy gjin direkte literaire krityk jowt.
It leit net op myn wei en siz dat it boek de NACHT al of net mislearre is. Foar my is dat op dit stuit net sa wichtich yn dit stik fan saken. Der binne oare punten dy't my nijsgjirrich makken doe't ik it boek fan Abma lêzen hie. Ik hearde en priuwde nammentlik soms direkt, dan wer yndirekt tusken en op 'e rigels lûden dy't ik earder sjoen en heard hie, yn gedachten of yn 'e realiteit. Om it mar rjochtút to sizzen: op plakken yn de roman de NACHT fan Abma seach ik myn eigen roman de STED foar my. In idé fixe? Miskien. It idé as sadanich haw ik yn't bigjin, nei't lêzen fan de NACHT en foart útkommen fan de STED fuort treaun. Ommers, de ideeën yn 'e STED sa't se dêr yn nei foaren komme - forneatigjen, wreedheit, iensumheit, kontaktleasheit, eangst, minslike frijheit, agresje, it forneuken, ensfh., ensfh. - binne allegearre net nij. It binne problemen dy't ynherint oan 'e mins en syn bistean forboun binne. Je lêze dizze thema's ek yn oare romans, by oare skriuwers. Boppedat, sa frege ik my ôf yn maert/april, sit ik noch net tofolle tangele mei de ideeën út de STED? Sjoch ik it net hwat al to yntuïtyf, to ynstinktmjittich?
Nou, nei in acht, njoggen moanne, leau 'k dat it saek is en publisearje in stikmannich oantekens dy't ik makke hawyn forbân mei de NACHT en de STED. Ik doch dat sa saeklik mooglik, en nei't ik hoopje objektyf. Feiten sizze ornaris mear as heale biwizen. Ik wol it folgjende stik in namme jaen oan de hân fan in sitaet út de NACHT: side 98. rigel 5
| |
De butert plagiearet
(of De Nacht fan in Leechrinner fan Gerben Abma By Ljochtmoanne Utlein) Foar de lêzer is it miskien saek en krij earst hwat feiten ûnder eagen sa't dy der histoarysk lizze. It giet binammen om datums. Utgeande fan dy datums sil'k bisykje in pear feiten, gegevens en rekonstrukjes op papier to setten.
Elkenien kin't allegearre neigean yn de beide boeken de STED en de NACHT.
| |
Datums:
1. |
Ein jannewaris '71: |
manuskript ‘FORNEUKTE STED’ klear; |
2. |
Ein maert '71: |
manuskript ‘FORNEUKTE STED’ lêzen troch Reinder v.d. Leest; |
3. |
Bigjin april '71: |
manuskript ‘FORNEUKTE STED’ lêzen troch Teije Brattinga; |
4. |
9 juny '71: |
manuskript ‘FORNEUKTE STED’ giet nei it lês-kommisjelid Gerben Abma; |
5. |
Abma hat it manuskript twa moanne yn 'e hûs hawn; |
6. |
Juny '71: |
Alternatyf 1e jrg nû 3 forskynt (side 178-184 = romanfragmint fan Gerben Abma) de kopy moast foar 1 maert ynstjûrd wêze. |
| |
| |
Opm. 1: |
Yn de roman ‘De Nacht fan in Leechrinner’ falt dit fragmint ûnder it opskrift HY/SY (side 104-109); |
Opm. 2: |
De ynlieding fan '71 seit dat ‘de tiden en hallusinaesjes’ trochinoar rinne. De roman seit yn jan. '73 dat der ‘wurklikheit en illúzje’ trochinoar skouwe. |
Opm. 3: |
It romanfragmint is op in 50 plakken yngripend en minder yngripend foroare. |
Opm. 4: |
De roman is realistysker yn taelgebrûk as it fragmint (fgl. Altern., side 182 mei de roman side 107: 2x). |
Opm. 5: |
It fragmint is yn 'e noutiid skreaun; op side 182, 4e rigel fan ûnderen stiet - Is dit leafde? Neat mei to meitsjen, fluch. |
| |
Analise
Dit freegjen fan har (Geeske) slacht net werom op hokker forline ek, mei oare wurden, doe't dit fragmint printe is, bistie der noch gjin saneamd ‘RAESMODEL’ (C. JdH), dat yn 'e roman (jan. '73) samar wol oanwêzich is. Yn juny '71 stie de illúzje (treêle wurklikheit) noch net op papier. Letter wol, hwant yn 'e roman seit Geeske: Hâld op, ik bigjin to razen - en hy: - Raes mar, toe mar, toe mar. Dit RAESMODEL is troch de skriuwer nei juny '71 yn 'e roman brocht, en wol op side 91 dert er illúzjes (ireële wrâld?) tekenet, en op side 84, dert it RAESMODEL (is raesprinsipe) útlein wurdt (tapast op Geeske).
Ik wol hjir mei sizze, dat at dit RAESMODEL yn juny '71 al ûntwikkele west hie, it seker yn it fragmint yn Alternatyf stien hie, omt it ommers (letter) in folslein ûnderdiel fan 'e roman foarmet.
Myn konklúzje is dan ek dat de roman nei juny '71 folslein omwurke (biwurke) is: der binne illúzjes yn brocht (ireële wrâlden).
In twadde biwiis foar dizze stelling leit yn rigel 11 op side 182 fan Alternatyf (fragmint) dert hwat mist, dat letter yn de roman fan jan. '73 wol oanwêzich is: ‘Wy binne troud’. Yn 'e roman is dit twa kear brûkt, op side 91 (ireële wrâld) en op side 107 (r. 14).
Ek hjir docht bliken dat de wierskynlike oarspronkelike nou-tiid-kontinuroman omwurke is ta dy't letter yn jannewaris '73 útkommen is.
| |
Struktueropbou
Van Hijum hat it al earder dien, mar ik wol 't nochris dwaen, omt it hwat mear gegevens jowt oer it gehiel fan de beide romans. Ik set dus beide strukturen njonken elkoar, en tagelyk neam ik de haedpersoanen sa't ik dy sjoch yn beide boeken:
| |
| |
NACHT FAN IN LEECHRINNER |
1. |
side |
7-Mar |
4½ |
siden |
SY |
2. |
side |
10-Jul |
3 |
siden |
HY |
3. |
side |
22-Oct |
12 |
siden |
HY/SY |
4. |
side |
22- 27 |
5½ |
siden |
SY |
5. |
side |
28- 35 |
7½ |
siden |
HY/SY |
6. |
side |
35- 46 |
11 |
siden |
SY |
7. |
side |
46- 63 |
17 |
siden |
HY/SY |
8. |
side |
63- 67 |
4 |
siden |
SY |
9. |
side |
63- 67 |
4 |
siden |
SY |
10. |
side |
77- 108 |
32 |
side |
HY/SY |
11. |
side |
109- 121 |
13 |
siden |
SY |
FORNEUKTE STED |
1. |
HY |
3 |
siden |
2. |
- |
3 |
siden |
3. |
SY |
4 |
siden |
4. |
SY/HY |
4 |
siden |
5. |
- |
4 |
siden |
6. |
SY |
3½ |
siden |
7. |
- |
4 |
siden |
8. |
HY/SY |
3½ |
siden |
9. |
HY/SY |
4 |
siden |
10. |
HY |
4 |
siden |
11. |
- |
4 |
siden |
12. |
SY |
3½ |
siden |
13. |
- |
4 |
siden |
14. |
SY/HY |
3½ |
siden |
15. |
- |
5½ |
siden |
16. |
HY |
5 |
siden |
17. |
SY |
4 |
siden |
18. |
- |
4 |
siden |
19. |
HY/SY |
4½ |
siden |
20. |
- |
4 |
siden |
21. |
- |
4½ |
siden |
22. |
HY |
3 |
siden |
23. |
- |
3 |
siden |
24. |
SY |
3½ |
siden |
25. |
- |
3 |
siden |
26. |
SY/HY |
3 |
siden |
27. |
- |
3 |
siden |
28. |
HY/SY |
3 |
siden |
29. |
- |
3½ |
siden |
At je de strukturen fan beide romans forgelykje is it opmerkelike, dat oan 'e bûtekant (opskriften) hast deselde wei folge is. Allinne, de forhâldingen klopje net hielendal. Yn de STED haw ik konsekwint de HY/SY-formaesje folholden, dy't yn oantal siden net in soad útrint op 'e HY- of de SY-haedstikken.
Njonken elkoar krije je dit skema:
DE NACHT |
DE STED |
2 × HY = 12½ siden |
4 × HY = 18½ siden |
5 × SY = 38 siden |
5 × SY = 18½ siden |
4 × HY/SY = 68½ siden |
6 × HY/SY = 21½ siden |
0 × wyt |
14 × wyt = 52 siden |
At je hwat djipper yn 'e haedstikken dûke, sjogge je dat de 68½ siden HY/SY fan de NACHT foar in great part HY-forhalen binne; de Sy is net wêzentlik (hokker SY dan ek) yntegrearre yn it forhael fan sa'n haedstik:
1e | HY/SY, side 10...... de hy hat in lyts petearke mei de sy / tinkt oer Ate / moat mige / dreamt oer swart wiif / fytst nei kantoar; |
2e | HY/SY, side 28...... biskriuwing Ate / moetsjen kollega defear/ petear feenstra; |
| |
| |
3e | HY/SY, side 46...... hy fytst nei hûs / tinkt / oppenij Ate / lyts ûnnoazel petear mei sy / fytst wer; |
4e | HY/SY, side 77...... de iennichste sitewaesje dert de sy hwat mear stâl krijt. |
Je kinne hwat de HY/SY-sitewaesje oanbilanget dan ek wol konkludearje dat dit opskrift net funksjoneel is (sjoch ek Van Hijums analise). Sterker, de opskriften binne der om 'e iene of oare ‘tsjustere’ reden boppe setten sûnder doel en nei willekeur. Yn it fragmint yn Alternatyf is ek noch gjin praet fan in SY, in HY of in HY/SY.
Wierskynlik is it sa dat de roman útelkoar skuord is, en dat letter ôfwikseljend HY, SY of HY/SY boppe de tekst setten is. Binammen by de HY/SY kloppet dit net, wylst it dochs it greatste part fan it boek útmakket, nammentlik in 68½ siden. Tige bysúnder is it ek, dat je alle SY-dielen gewoanwei achterelkoar lêze kinne, dêrnei alle HY-dielen, en as lêste alle HY/SY-dielen. Je krije dan 3 forhalen dy't dit meielkoar mienskiplik hawwe dat se deselde persoanen - en binammen de HY opfiere as haedpersoanen. Fierders is it net ûnmooglik en bring de HY- en de HY/SY-dielen bvelkoar, Dit leveret dan 2 forhalen op: 81 siden HY en 38 siden SY.
Miskien dat de skriuwer tocht hat, kom lit my ris in skjirre pakke, en knip de forhalen yn partsjes, lymje se wer oanelkoar en klear is it mei keesje. Doe't hy syn boek oankundige as in eksperimint sil er hjir faeks op doeld hawwe nim ik oan. Tsjinoer dizze ‘knipperij’ steane de haedstikken fan ‘Forneukte Stêd’ - ek HY-, SY- of HY/SY - (dit is Sanna, Marrit of beide) -forhalen, dy't wêzentlik fan tapassing binne op 'e ynhâld fan de haedstikken. Boppedat bistiet der gjin diskrepânsje yn forhâlding fan it oantal siden, lykas by de NACHT wol tusken de HY, SY of HY/SY-sitewaesjes.
De struktueropbou fan de STED is trochtocht (sjoch ek de opmerkings fan Van Hijum yn ‘trotwaer’ '73-6). Yn elk gefal reëler as de struktuer fan de NACHT. Mei oare warden, de HY, SY of HY/SY-haedstikken hawwe in dúdlike ynhâld yn de STED, en binne net samar foar de poerlegrap ynfierd lykas blykber by de NACHT wol it gefal is. Omt it lêzen fan de haedstikken yn de STED al oanjoech hwa't haedpersoan is, wie net needsaeklik en set nochris eksplisyt HY, SY of HY/SY boppe de ûnderdielen.
Abma moat sein hawwe dat syn roman ‘De Nacht fan in Leechrinner’ eksperiminteel wêze soe. Ik leau der net yn: in roman wurdt net eksperiminteel at je trije (feitliken twa) ôfsûnderlike forhalen forknippe en trochinoar mjuksje. Klaes Jansma neamt it rûch. Van Hijum fynt de struktuer rammeljen, en Noordmans nat it yn syn bisprek oer in ‘wrakseljen mei de stoffe, dert de skriuwer sels yn stykjen bleaun is’.
Ik leau, sûnder it wurd mislearring to brûken, dat se dêrmei de spiker op 'e kop slaen: it is Abma net slagge de 3 (2) forhalen sa ynelkoar to skouwen dat it in útbalansearre gehiel wurden is. Ek it oantugen fan de opskriften HY, SY en HY/SY hat dat net foroarje kind. Hy siet dúdlik tangele mei de 68½ siden HY/SY dy't feitliken HY-forhalen binne. It is der allegearre mei de hierren by sleept. Hwêrom?
| |
| |
| |
Skematyske opbou ‘Forneukte sted’:
Koartby hat F.S. Sixma van Heemstra ‘Forneukte Stêd’ de earste surrealistyske roman yn't Frysk neamd doe't hy my syn persoanlike krityk op 'e roman joech. At dat wier is, lit ik nou mar foar hwat it is. Syn eigen ‘leafdesdea’ fan '63 hie ek frij hwat surrealistyske tendinzen, tocht my. It is lykwols wol sa dat it myn opset west hat - de lêskommisje fan 'e Koöperative Utjowerij Reinder van der Leest, Teije Brattinga en Gerben Abma, hat dit fan my troch krigen - de roman yn in twadieling to bringen, ôfwikseljend realistyske fasen en surrealistyske stikken (dit lêste hold tagelyk, sa't ek lêstendeis Ab Visser yn 'e Ljouwerter al oanjoech by de roman fan Plomp, in stik maetskippijkrityk yn).
In fierhinne útdoktere wurkskema hie'k hwat dit oanbilanget yn't foar klear lizzen. Op dy ûnderskate fasen ha'k yn 't foar ek de haedpersoanen inte en wol op 'e wize sa't ik earder yn dit artikel ounjown haw: Sanna - wyt - Marrit -wyt-Marrit/Sanna - wyt - Marrit, esf. (aars sein: hy -wyt -sy - wyt - hy/sy, esf.) Boppesteande skema's bitsjutte net dat de roman chronologysk skreaun is. Ik bin ôfwikseljend dwaende west mei de haedstikken, dy't letter troch my oerelkoar hinne en ynelkoar skoud binne. In heidensk kerwei.
It wie foar my net relevant en skriuw de Hy of de Sy boppe de haedstikken, by't lêzen hie men daelk wol troch hwa't de haedpersoan yn it stik wie. Boppedat, ik ha't al earder opmurken, leine de titels fan de dielen yn fette kapitalen yn it haedstik sels, ik haw se yntegrearre, hwat dus net direkt bidoeld is as blikfanger sa't Van Hijum mient. At se dy funksje foar de lêzer hawwe, is dat meinaem. Fierder hie'k it plan om Sanna. Marrit en S + M togearre ôfwikseljend yn in realistyske en yn in surrealistyske wrâld to setten. Foar mysels is dit feitliken hielendal slagge.
In trochsneed lêzer, en in lêskommisjelid hawwe mei sa'n prosedé net sa'n soad to krijen, ek al soene je der fan út gean dat de lêzer tagelyk mei't lêzen de struktuer yn't each hâlde wol. Hy soe folslein bitize wurde at er iderkear wer in haedstik tsjin komt dert noch Sanna, noch Marrit direkt de haedpersoanen binne (it binne de ‘wite’ stikken). Immen dy't net op 'e hichte is fan sa'n inerlike, neffens Van Hijum evenwichtige struktuer, kin net sûnder flaters to meitsjen sa'n prosedé oernimme. Dat liket my sa dúdlik as hwat ek. Allinne al mei de langte fan de haedstikken komme je foar't blok to sitten.
It sil elkenien nou wol dúdlik wêze dat it ynelkoar skouwen fan tiden, haedpersoanen en sitewaesjes wol in bytsje oars leit as it stomwei knippen en plakken mei in skjirre en in lymkwast (sjoch ek myn artikel yn ‘trotwaer’ '69-6-juny: ‘POEZIJLABORATORIA’ der't ik in bytsje ludyk, mar dochs wol earnstich de kollaezjetechnyk trochnimi. Yn eardere forhalen yn ‘trotwaer’ bgl. ha'k wol gebrûk makke fan it prosedé kollaezje. It flash-back-prinsipe is ien fan de ienfâldichste foarmen fan knippen, woe'k ha.
Fansels, it prosedé hwat ik tapast haw is net nij. Der binne mear surrealisten (ik fiel my wol bisibbe oan dy lju) en oaren west dy't it brûkt hawwe. Ik neam bgl. Breton, Tzara, Van Ostaijen, Burssens, Van Doesburg yn syn roman, mar ek in Hugo Raes, in Kossinsky en in Elburg hawwe soks dien. It is fordeald net maklik, mar at it slagget is it ek hast net nei to folgjen, hwant oan it bousel as sadanich binne boun de grounthema's, de idéën en f'ral de haedpersoanen (net tofolle, hwant oars forsûpe je al yn't foar). Spitigernôch hat de Fryske Literatuer noait
| |
| |
net in soad omsjoen nei foarbylden, biwegings en idéën bûten de provinsje en bûten Nederlân. Reinder van der Leest hat hwat dit oanbilanget miskien wol de earste west dy't hwat mear seach as in oar (de ‘quatrebrasgroep’ lit ik nou even bûten biskôging).
| |
De Sted foarbyld foar de Nacht???
It is myn bidoeling net en siz dat Gerben Abma as lêskommisjelid fan de Koöperative Utjowerij, en as sadanich oerflakkich op 'e hichte fan it troch my brûkte prosedé, dit systeem fan de STED foar syn roman de NACHT stomwei oernommen hat, alteast bisocht hat it nei to folgjen yn 'e foarm fan it ynbringen fan 'e opskriften HY, SY en HY/SY. Dat er biynfloede is troch de STED leau'k wol, dêrfoar lizze der tofolle oerienkomsten, dy't spitigernôch foar Abma yn't neidiel fan de NACHT útfalle.
Fansels, ik ha 't boppe al skreaun, ek my is it prosedé net oanwaeijen komd, ik ha der in fiif, seis jier mei piele moatten eart ik it systeem troch hie, en brûke koe. It is wolfêst sa dat Abma der net yn slagge is en brûk it systeem fan it ynelkoarskouwen adekwaet. Dat is nijsgjirrich, en seit neffens my mear as genôch oer de wurkwize fan de skriuwer. Systemen kinne oernaem wurde, allinne it freget wol in soad eigen kreativiteit en ynventiviteit fan de brûker. Is dat net oanwêzich dan mislearret it to tael, en it is deadlik foar it wurkstik.
De haedpersoanen yn ‘Forneukte Stêd’ hjitte Sanna en Marrit. Har forhâlding, los en fêst, stuoljend op deselde ûnderfiningen, togearre meimakke of allinne, is bipalend foar it boek. De bijpersoanen, foarsafiert se der yn foar komme, krije mei opsetsin gjin stâl. Miskien soene je de gemeenteamtner lykskeakelje kinne mei Sanna, mar it is net needsaeklik.
Yn 'e roman komt ien HY (= Sanna) foar, en ien SY (= Marrit).
De roman ‘De Nacht fan in Leechrinner’ telt feitliken mar ien haedpersoan, de HY (= Homme), en hy bipaelt dan ek 81 siden fan 'e 119 de sitewaesjes.
De SY rint fan Janke oer Wicky oer Evy nei Geeske en nei noch hwat mear skimerfiguren. It opskrift Sy stiet net foar ien ‘haedpersoan’, mar foar ‘X-haedpersoanen’. It is mear in abstrakt wurd en is bidoeld foar in soarte fan frou (‘de frou’?) yn dizze roman. Yn elk gefal komt de Sy minder op 'e foargroun, en hat ek minder karakter as de HY.
Boppesteande gegevens wize nei in oarspronklike versy fan de ‘Nacht’: it hat in ik-roman of in hy-roman west mei ien haedpersoan, en wol Homme Tysma.
F'ral at je de trije (twa) dielen (SY = 38 siden; HY = 12½ siden; HY/SY = 68½ siden) los fanelkoar lêze komt dat aspekt dúdlik op jin ôf. Boppedat hat de styl dan ek mear fan earder wurk fan dizze skriuwer (Utfanhûzer, Gersridder en Leafde op bitter lemon).
| |
Oerienkomstige thema's, ideeen, tinkwizen, esf.:
Njonken boppesteande struktueropbou fan èn de STED èn de NACHT dy't in bult fanelkoar hawwe, en njonken de troch my sketste wierskynlike oarspronklike versy (ik-roman of hy-roman) binne der leau'k noch in pear aerdige fynsten út de boeken to heljen: nei lêzen en nochris lêzen fan de twa romans bin ik ta de konklúzje kaem dat der nochal hwat thema's, idéën, wurktugen (symboalen) en gedachten oerienkomstige trekken fortoane.
Fansels, ik ha't al earder sein, der is neat gjin nijs ûnder de sinne, mar at der in
| |
| |
bulte selde punten yn twa boeken foarkomme dan neam ik soks eufemistysk sein tige frappant. En tagelyk nijsgjirrich. Hwant hoe kin soks yn 'e goedichheit? Yn it neifolgjende stik neam ik in oantal dy't ik sûnder konklúzjes to lûken opskriuw. Hwa bin ik, dy't sa ticht by 't fjûr sit, om in oardiel út to sprekken? De haedsymboalen foar de NACHT binne my net bikind, mar hwat de STED oanbilanget, bin ik op 'e hichte fan 'e saneamde kaeiwurden yn myn wurk. Se komme ek foar yn earder publisearre forhalen en fersen:
Kearnsymboalen foar de STED binne: foto's; gerdinen; mês; nawle; spegel; bloed; sied. Dizze bigripen spylje in frij greate rol yn't geheel fan it boek. It hwerom is nou net wichtich; omt se ek foarkomme yn earder publisearre forhalen en fersen sille se wol by de skriuwer heare. Miskien binne it kaeijen, mar it is net oan my om dit iepen to lizzen.
Dêrnjonken spylje mei: agresje, kontaktleasheit, iensumheit, dea, libben, wredens, forneatiging en seks sa't op side 7 fan de STED oanjown is. It binne kearnbigripen, stamwurden (+ ynhâld en wrâld dêrachter) dert alles om draeit. Yn de NACHT komme je op forskate plakken deselde dingen tsjin. Ik neam de siden yn folchoarder:
1. |
Sted |
side 9 |
iepenjen stúf mei mês: stikken |
1. |
Nacht |
side 7 |
forknippen kevert mei skjirre: stikken |
2. |
Sted |
side 14 |
útelkoar stekken pop, laits op gesicht |
2. |
Nacht |
side 67-71 |
biwurkjen skjirre fan frou (pop dy't neat weromdocht) |
2. |
Sted |
side 14-16 |
foto's as neitins |
3. |
Nacht |
side 120 |
foto's, foto's (neitinzen) |
4. |
Sted |
side 14, 111, 112 |
gerdinen, sinne, bistjurre emoasjes |
4. |
Nacht |
side 12, 35, 91 |
gerdinen, sinne, bistjurre lûden |
5. |
Sted |
side 17 |
glês yn't each |
5. |
Nacht |
side 70 |
skjirre yn't each |
6. |
Sted |
side 18 |
God is dea (forknipt) |
6. |
Nacht |
side 9, 10 |
(hiele side): alles forknipt: ûndúdlik |
7. |
Sted |
side 26 |
bloed lekte |
7. |
Nacht |
side 22, 23, 39 |
bloed trochweakke, rint better |
8. |
Sted |
side 33 |
wyt ding falt |
8. |
Nacht |
side 115 |
swart lichem skuort bek iepen |
9. |
Sted |
side 35, 65 |
buorlen fan man dy't forsûpt; ljochtsjes |
9. |
Nacht |
side 35 |
buorlen, bellen, blubber |
10. |
Sted |
side 37 |
kier yn't gerdyn; Sanna tinkt nei |
10. |
Nacht |
side 35, 36 |
gerdyn ticht of net; sy tinkt nei |
11. |
Sted |
side 39 |
broeiske atmosfear |
11. |
Nacht |
side 37 |
klam fel, holle is waerm-prikerich |
12. |
Sted |
side 40, 68, 113 |
hân oer nawle (plúske jern); namme om nawle |
12. |
Nacht |
side 4, 13 |
hân op nawle (blom yn nawle) |
13. |
Sted |
side 66 |
foto's stikken (symboalysk deadzje) |
13. |
Nacht |
side 67, 69 |
dou bist it kevert (stikken, dea) |
14. |
Sted |
side 68 |
leechte Marrit + merkescène (side 21 esf.) |
14. |
Nacht |
side 26 |
se wegeret kontakt, leechte, totale leechte om har hinne |
15. |
Sted |
side 68 |
Marrit: neat is wichtich (tinkt oer eigen ik) |
15. |
Nacht |
side 24, 25 |
SY: der hat neat west, der sil noait hwat wêze (tinkt oer eigen sitewaesje) |
16. |
Sted |
side 81 |
slang wurdt lang (fgl. doarpsfeest) neuke |
16. |
Nacht |
side 62, 63 |
achterelkoar oan, op jacht, naeije |
17. |
Sted |
side 120 |
Marrit yn stoel, tinkt oer wrâld, harsels |
17. |
Nach |
side 119 |
Sy yn stoel, tinkt oer wrâld, harsels |
18. |
Sted |
side 123 |
strânscène Marrit (leit op 'e rêch yn sé, esf.) |
| |
| |
18. |
Nacht |
side 115 (21) |
strânscène Sy (leit op 'e rêch yn sé, esf.) |
19. |
Sted |
side 154 |
STILTE foar altiten |
19. |
Nacht |
side 121 |
dan is it wer STIL |
20. |
Sted |
side 9, 10, 11, 66 |
foto's mei ûnderskrift: dielen (neitins) foto's yn 'e kachel (dea) |
20. |
Nacht |
side 8 |
brief forknippe yn dielen (neitins) dea |
21. |
Sted |
side 11, elk haedstik: |
kapitalen (ynhâld) |
21. |
Nacht |
side 55 |
kapitalen (ynhâld) |
22. |
Sted |
side 67, 68 |
Marrit oer harsels |
22. |
Nacht |
side 116, 117 |
Sy oer harsels |
identyk |
At dizze gegevens nou hwat groepearre en byelkoar swile wurde, dan komme je ta de folgjende samling siden dy't in soad op elkoar lykje kwa ynhâld, struktuer en persoansbiskriuwing:
NACHT |
STED |
I. |
4, (5), (6), 7, 8, 9, (10), (11), 12, 13. |
I. |
9, 10, 11. |
II. |
21, 22, 23, 24, 25, 26. |
II. |
14, 15, 16, 17, 18. |
III. |
35, 36, 37, (38), 39. |
III. |
33, (34), 35. (36), 37, (38), 39, 40. |
IV. |
62, 63. |
IV. |
65, 66, 67, 68. |
V. |
67, (68), 69, 70, 71. |
V. |
111, 112, 113. |
VI. |
115, 116, 117, (118), 1 19, 120, 121. |
VI. |
120, (121), (122), 123. |
|
(totael 35 siden) |
It is net sa dat de nrs I o/m VI fan de NACHT synkroan rinne mei de nrs I o/m VI fan de STED. Sa ienfâldich leit it net, it soe ek to opsichtich west hawwe. At ik it goed lêzen haw, leau'k al dat de realistyske fasen út 'e STED lykop rinne mei de realistyske fasen út de NACHT. Mei de surrealistyske fan de STED leit it justjes oars, mar dy binne dan ek net sa maklik to fetsjen, f'ral ek omt de wite dielen (sûnder de haedpersoanen Marrit en Sanna) minder grypber binne. Ik kin wol konkludearje dat fan de STED de nrs I, II, III en foar in part IV surrealistysk oandogge, en ek wol sa bidoeld binne. By de NACHT leit dit minder ienfâldich: de nrs IV, V, VI en III lizze neffens my yn de troch de skriuwer neamde illúzjewrâld (is yn de STED surrealistysk); de nrs I, II dogge realistysker oan, mar it bliuwt allegearre minder konsistint.
Hwat dogge je mei de identike gefallen?
It is net oan my direkte konklúzjes to lûken. Ik haw allinne feiten sammele sa't ik dy foun haw. Fan myn kant kin der mar ien opmerking adekwaet wêze: IT IS TIGE NIJSGJIRRICH DAT OP SEIS PLAKKEN (in (hast) altiten sletten reeks fan siden) YN 'E TWA ROMANS THEMA'S, IDEEN, SYMBOALEN, PERSOANEN (binammen it tinken fan har), BIGRIPEN, HANNELINGEN EN OARE SAKEN IN SOAD OP ELKOAR LYKJE. Soks bart net sa faek!
Nou is it fansels wol sa dat by it njonken elkoar lizzen fan twa (of mear) romans der altiten wol oerienkomstige saken to fïnen binne. Dêrfan bin'k wol oertsjûge. Allinne, it opmerkelike is, dat it by dizze beide romans sa yn't each falt.
Nochris, ik lûk gjin konklúzjes, ik haw allinne bisocht feiten to sammeljen, en oan to jaen hwat my opfallen is. De lêzer moat mar sjen hwat er der mei docht, hokker kant er útredenearret. Der sille fêst guodden wêze dy't it ek mei my nijsgjirrich fine. It bart net elke dei, en binammen yn de Fryske skriuwerij net, dat der twa romans op elkoar lykje, Ien ding moat ik noch wol even kwyt: telepathysk, psychopathysk of op in oare wize leau'k net yn forbining to stean
| |
| |
mei Gerben Abma. En hy mei my likemin, tocht my. De feiten op side twa fan dit artikel sprekke hwat dit oanbilanget ek dúdlike tael is't net wier?
Ta bislút winskje ik him noch lok mei it addisjoneel honorarium ad f 1000, - op de ‘Nacht fan in Leechrinner’, dat er neffens eigen sizzen krigen hat.
Op Forneukte Sted is gjin addisjoneel forliend. Elkenien sil nou ek wol bigripe hokker reden op 'e achtergroun oanwêzich wie om dit artikel to skriuwen. Earlik is earlik, hwa't it lêst laket, laket meastens it bêste. De greatefraech bliuwt fansels lizzen: IS DE ‘FORNEUKTE STED’ FOAR DE TWADDE KEAR FORNEUKT, OF HAT DE ‘FORNEUKTE STED’ SELS FORNEUKT???
| |
Konkluzjes resumee
1. | Nei juny '71 is de oarspronkelike roman ‘De Nacht fan in Leechrinner’ (wiist op ien haedpersoan, en slacht de titel nou noch wol op 'e roman sa't er yn jan. 73 útkaem is?) yngripend foroare (fgl. it fragmint yn Alternatyf juny '71, en de roman nou: binammen it RAESMODEL wiist op in greate foroaring). |
2. | Yn 'e oarspronkelike roman kamen wol hallusinaesjes foar (sj. Alternatyf I-3), mar noch gjin tsjinstelling wurklikheit - illúzje (achterflap roman '73); opm.: oan de lêskommisje fan de K.U. (sj. side 3 fan dit art.) wie trochjown dat yn de Forneukte Sted realistyske en surrealistyske wrâlden elkoar ôfwikselen. |
3. | Yn't fragmint yn Alternatyf wurdt praet oer trochinoarskouwen (= knippen), mar noch net oer in laden boek. |
4. | Oarspronkelik sil de Nacht fan in Leechrinner in chronologyske roman west ha, mei út en troch in ‘hallusinaesje’; letter binne de saneamde ladene illúzjes (ireële wrâlden) ynbrocht; der bistie mar ien haedpersoan, en yn wêzen nou noch. |
5. | De HY- en de SY-fordieling soe in evenwichtige forhâlding forwachtsje litte (oars hat sa'n boppeskrift gjin funksje), it docht bliken dat de opskriften der binammen yn de HY/SY-dielen mei de kierren bysleept binne. |
6. | De SY-, HY- en HY/SY-dielen lizze knipt (brutsen) troch it hiele boek, sûnder dúdlike funksje, sterker, je kinne de dielen apart achterelkoar lêze; de HY/SY-dielen binne HY-dielen; 81 siden binne HY-roman. |
7. | 38 siden binne SY-dielen, en spylje in ûndergeskikte rol, binne net wêzentlik yntegrearre yn 'e roman (deselde 38 [35] dy't mei de STED korrespondearje?). |
8. | It boek ‘De Nacht fan in Leechrinner’ hat neat fan earder forskynd wurk fan de skriuwer, lykas ‘In Utfanhûzer’, ‘De Gersridders’ en ‘Leafde op bitter Lemon’: yn dizze boeken sjogge je net ireële wrâlden (de surrealistyske tendinzen yn ‘Forneukte Stêd’). |
9. | Wichtige ‘Forneukte Stêd’-motiven (persoanen, sitewaesjes, esf.) komme op in hwat ‘forknipte’ wize yn 'e NACHT werom (sjoch de 22 punten fan evidinte oerienkomst). opm.: 't measte part heart by SY! |
10. | De skriuwer fan ‘De Nacht fan in Leechrinner’ hat as lêskommisjelid fan 'e K.U. it manuskript in 2 moanne yn 'e hûs hawn, en hat dêrnei yn sawn haesten bisocht syn roman op 'e merk to krijen, net by de Koöperative Utjowerij (hwant dan hie Josse de Haan as lêskommisjelid it boek ûnder eagen krigen!!!) mar wol by in oare útjower, wylst er noch net kontraktueel, mar wol moreel by de K.U. oansletten wie. |
| |
| |
11. | It boek ‘De Nacht fan in Leechrinner’ moast foar de roman ‘Forneukte Stêd’ forskine, om hokker reden dan ek; dat is him slagge (yn jan. '73 kaem de NACHT, en yn april '73 kaem de STED).Ç |
12. | At ik it sêft siz, dan leau 'k dat de hear Gerben Abma nei it lêzen fan ‘Forneukte Stêd’ ûnder ynfloed rekke is fan dat boek; hy lit dan ek op side 98 fan de NACHT, rigel 5 de ‘skriuwer’ Ate lêze:
‘DE BUTERT PLAGIEARET EN PROSTITUEARET.......’
Ja, hwat moat men dêrfan tinke?????????? |
SKAGEN, 31 des. '73 / 1 jan. '74
JOSSE DE HAAN
|
|