• Lit ik myn fraech mar hwat eksplisiter meitsje. Jo ha kennelik it idee dat de maetskippij, hwer't Jo yn meidraeije moatte, foroare wurde moat en Jo tsjûgje dêrfan yn jou literaire wurk, is't net sa?
(Wylst ik dizze fraech stel tyspelt Fortuyn hwat mei syn ballpen om, bigjint wer even op syn papier om to skrassen, sjocht hwat helpleas foar him út mei in blik yn 'e eagen fan ‘hoe kin'k dúdlik meitsje hwat ik bidoel’). Der binne minsken dy't sizze dat literatuer frij is, mar dan freegje ik frij hwerfan. Hwer soe dy literatuer frij fan wêze? (Wachtet wer even). Literatuer is yn elk gefal net frij fan minsken hwant it binne by eintsjebislút minsken dy't literatuer meitsje. (hy sjocht my oan, as forwachtet er dat ik syn redenearring mei applaus bigroetsje sil; as ik neat siz giet er, tige hastich nou, troch). Hwerom meitsje dy minsken literatuer, allinne foar selsbifrediging? Dêr liket it faek wol hwat op. Is it om hwat by to fortsjinjen? Is it om ûnstjerlik to wurden? Neffens my is it net ien fan dizze saken. Ik sjoch literatuer as in sosiael forskynsel om't de literatuer him bitsjinnet fan it medium tael en tael is útslútend in sosiael forskynsel.
• Fael is útslútend in sosiael forskynsel, op groun dêrfan literatuer ek sizze Jo. Hwat moat men dan oan mei de oare kunsten bygelyks byldzjende kunst?
De oare kunsten binne krekt like goed as literatuer sosiale forskynsels. De bylden fan de skilder ha krekt like goed in kommunikative bidoeling as de wurden fan de literator. Elke kunstner is, ik soe hast sizze per definity, dwaende mei it meidielen fan syn ideeën, gefoelens ensfh. oan syn meiminsken.
Nou libje wy tafallich yn in kapitalistyske maetskippij. Yn dy maetskippij (syn finger giet bilearend omheech) ha je in bipaelde hiërarchy, dy't as gefolch hat dat de iene bifolkingsgroep ûndergeskikt is oan of minder foarrjochten hat as oare bifolkingsgroepen. Dat is eat, hwat gjin inkelde rjochtfeardiging ha kin. Tomear net as je bitinke dat wy hjir yn it Westen stikke yn it iten, in hele nije markt ûntdutsen ha fan minsken, dy't fan hun oerstallich fet ôfholpen wurde moatte, wylst yn lannen as Argentinië, Brazilië en in great tal lytsere Afrikaense steatsjes de minsken letterlik stjerrre fan 'e honger. As je dit sjogge, en je sjogge ek dat dit in gefolch is fan it kapitalistyske systeem, dêr't wy yn meidraeije (hy sit nou folslein ûntspannen to praten, stekt syn piip der by oan, hat nou, sa to sjen, totael gjin lêst mear fan it feit dat hy in bânrekorder as passive gesprekspartner hat) dan moat de konsekwinsje wol wêze dat je dit systeem omgoaije wolle. Dat kin je net mei literatuer dwaen, mar wol kin literatuer dy biweging, dy tendins om hwat to dwaen oan dit fordjerlike systeem, stypje. As dit systeem omgoaid wêze soe dan moat en kin de literatuer de dan bisteande maetskiplike status quo ûndersteune. Dan soene je dus sizze kinne dat literatuer yn sekere sin in foarm fan propaganda wurdt.
• Hwat is it fundamintele forskil tusken de literatuer, sa't Jo dy hjir as ideaelbyld tekenje - propaganda foar it systeem dat komme sil as ús kapitalistyske systeem omgoaid is - en de literatuer, sa't dy op dit momint oer it generael bioefene wurdt?
As dit systeem omgoaid is, dan ha wy de heilsteat noch net. Dan ha we, om de wurden fan Marx mar werris to brûken, de diktatuer fan it proletariaet en dat is,