sij syn namme), dy't giet oer it seksuele libben fan ús Heilân en Sillichmakker Jezus Kristus. Wy binne bliid dat Steven de Jong dit ek in rotfilm fynt, dêr't gjin wurden oer smoarch makke wurde moatte. It muoit ús lykwols dat De Jong him folslein distansiearret, ja winliken lulk is oer hwat nou folget. Wy woene ntl. it Fryske folk oproppe ta in massale protestaksje mei spandoeken en sa tsjin it talitten fan dizze film yn Nederlân.
De greate mearderheit fan ús folk hat dochs altyd bistien út fromme hurdwurkjende kristlike minsken en wy bin der fan oertsjûge, dat dy as ien man achter ús filmboycot stean sille. Sels in heidenske partij as de V.V.D. sil ús aksje stypje mei har hieltyd groeijend ledental.
Us goddeleas regear lykwols, dat him neat oanlûkt fan 'e wil fan de mearderheit fan it folk sil dy protesten fansiden lizze. Dat kinne wy fanút it hjirneimels maklik foarspelle, mar ek foar forstannige minsken is dat dúdlik, omt dit regear Gods seinbea net oer har bilied frege hat. It fjûr yn 'e hel sil dan ek foar de V.V.D.'ers hwat minder hurd stookt wurde as foar de har progressyf neamende sabeare kristenen, dy't dit regear op it stuoltsje holpen hawwe.
Hwat nou de hâlding fan Steven de Jong yn dit alles oanbilanget, dy is ús net hielendal dúdlik. Sels seit er dat er gjin forstân fan polityk hat en dat docht wol bliken út it feit, dat er ea ris op D'66 stimd hat, in partij, dêr't de foarmannen fan de boumasters fan dit duvelske kabinet binne. Dêrom hat God har mei forbjustering slein, sadat se as kwêkjende einen út mekoar fleane. Sels de tige wize Geart van der Zwaag is lid fan 'e F.N.P. waern, in partij, dy't foar Steven de Jong wol in grauwel wêze moat.
Fan de film sei er, dat er noch noait fan Jens Jorgen Thorsen heard hie en doe't wy him fortelden, hwa't dat wie seach er der oars neat yn as immen, dy't syn irrelevante theologyske idéën sa djûr mooglik forkeapje wol. Elk protest en elke hântekening tsjin dizze film is jild yn't laedtsje fan dizze Deenske moneymaker, sterker noch, salang der safolle protesten tsjin binne, is it in wichtige film.
Hjirmei ûnderskat De Jong dochs wol hiel slim it greate gefaer fan dizze fûleindige satanyske oanfal, dêr't wy ús Hear en Heilân mei alle macht tsjin biskermje moatte. Hjirút docht neffens ús wol hiel dúdlik bliken dat Steven in klap mei de literaire moalpûde hawn hat. Hy sjocht net yn, dat it wurk fan dizze filmer in dúdlike utering fan 'e antikrist is en yn it forlengde leit fan it wurk fan Willem, Multatuli, Hermans, Reve, Wadman, Riemersma ensfh. en ek yn dat fan de nou omtrint forgetten Bauke de Jong, dy't troch Steven de Jong yn biskerming naem waerd, doe't er mei syn goare platpoaten oer de hillige E.B. Folkertsma hinne wâdde.
Nettsjinsteande Steven de Jong wolle wy dochs ús protestaksje mei klam oan-