saksearret, ut is tydlek. (...) Onokke jónge, ut is ollegjer sinleas. Mar hôd de hólle rjócht’ (side 53). ‘Ach nee, olles is fragmint, is yn himsels ôrûnne.’ (side 70). It libben is net in forhaeltsje dat kreas in bigjin en in ein hat sa't it heart, en as der al sprake fan is dat der earne eat is dat yninoar past, dat slút, dan is dat allinne de sletten sirkel fan de rountsjemeallende tinzen dy't gjin útwei hat: it lêste sitaet is út Souvenir dat men oant yn alle ivichheit net út krijt omt it ein letterlik oergiet yn it bigjin.
It boppesteande klinkt faeks slim patétysk en swiersettich. Sa is dat net bidoeld. Neffens my is it forkeard om op dat aspekt alle klam to lizzen. Yn it earste plak is it tofolle sein om it hiele boek op to hingjen oan it iene boppeneamde téma, de bisprekker moat foar in part forantwurdlik steld wurde foar dizze skématyske foarstelling fan saken. Mar as in skriuwer in tal forhalen bondelet tusken twa kaften yn, is oan sa'n skématisearring suver net to ûntkommen. Twad, sa't ik yn de earste stikmannich rigels al útkomme litten haw, is it de skriuwer earder to dwaen om it ekspérimint. Riemersma sil grif net úthâlde dat de ynhâld sa botte origineel is; hwer't wy dêrom yn it foarste plak nei sjen moatte is it hoe, net it hwat.
De earste trije forhalen falt net it measte oer to sizzen, it binne noch de tradysjoneelste fan allegjearre. Foarsafier't de persoanen net sels oan it wurd binne wurdt it forhael ‘forteld’ troch de net as sadanich nei foaren kommende forteller, dy't yn Un fersetsje en Ut is wer safier ridlik objektyf is, yn Lykwydaasje lykwols hwat him ôfspilet sjen lit troch de eagen fan Paul. It gesichtspunt is statysk.
Dat is it ek yn Nei de kremaasje. Mar mear noch as yn it dêroan foarôfgeande forhael is yn dit forhael de rol fan de neutrale forteller werombrocht ta it absolute minimum, wylst der boppedat minder sprake is fan in ‘forhaeltsje’.
It folgjende forhael Ut rotfanke is it earste fan de forhalen dêr't it perspektyf hieltyd forspringt, en it gesichtspunt dus net statysk is. Om mear klearrichheit to jaen oer hwat ik hjir bidoel, lit ik hjir de earste rigels folgje út Ut rotfanke, by it lêzen hwerfan't spesiael letten wurde moat op de wurden hij, ur, en ik, en it wikseljen fan doe- en noutiid: ‘Dur stienen trije frôlje yn 'e hal dût er de beide glêzen dwarren fwar him ópklappe liet. Jees, wêróm dóg ik dot, os wie 'k un meter breed, ik kin maklek tróch ien doar. ‘Jûn’, sei ur. Weadeg, krekt os wól ik jerre litte dot ik mijsels net te heeg achtsje om disse trije fertrutte frôlje te groetsjen.
Yn Fersoeningskomparysje, Tillefoanpetear, Meskjin kóm ik wer, Ik gean nei hûûs, jónges, Gjin plak foar twa en Krystnacht wurdt itselde prosedé tapast, yn it iene mear, it oare minder. Hjir folget noch in foarbyld (side 112): ‘Se stapte ut bêd út en rûn nei de keamer óm sygretten. Ut reinde, seag se. De jonges troffen ut net. Oars soe 'k mij der net drók óm makke ha, ut kin mij neat skele wot ur útheeft, mar joet. Se gyng weróm nei de sljipkeamer en bljo un momint fwar de spegel stean. Se waad fet. En ôd. Od fwarol. Dy pear kyloos soe'k dur noch wól ôfkrije kinne, mar myn hols en bwasten, dot is ôd. Se glied wer tusken de tekkens en lûûk ut jiskebakje op 'e hûkke fon ut nachtkosje. Ik wist ut ol un tydsje, ut is net fon joet of juster, gjin wurgens óf sa, ik wurd ôd’.
Ik ha niis it wurd prosedé falle litten. Dat wie omt ik leau dat dit net in forsin is, hwat ek al bliken docht út de heakjes dy't yn Meskjin kóm ik wer en Ik gean nei hûûs, jónges om de ik-parten setten binne, grif bidoeld om dy stikken hwat mear