J. de Haan
Gerrit Roorda: leginde of wurklikheit???
‘It libben fan Gerrit Roorda’
opskreaun troch Kerst Huisman útj.: Alternatyf / De Tille, 1973
Yn't lêst fan 1962 bistege de ‘Friese Koerier’ op 'e jongereinside ONZEZIN oandacht oan de sizwize ‘East is East and West is West, and Never The Twain shall meet’. Ik wie doedestiids meiwurker oan dizze pagina ûnder de treflike lieding fan Henny Siebel, en lei út yn in artikel dat it neffens my wol mooglik wêze moast dat de twa wrâlden elkoar better bigripe koene, at, ja at men oan beide kanten mar woe. Op dat artikel kamen in pear réaksjes: ien réaksje wie fan 'e hân fan Gerrit Roorda, in foar my feitliken legindarysk figuer út forfleine tiden. Kommunist, Stalinist, Forsetsstrider, Fjûrread, Antydemokraet en sokssoarte fan bigripen assosjearde ik op de namme Gerrit Roorda.
Foar party lju, binammen by de minsken ûnder de 35, giet de kennis omtrint Roorda hjoeddedei noch net fierder, nim ik oan. Nei't ik it boek ‘It libben fan Gerrit Roorda’ lêzen hie, ha'k in pear minsken frege hwat se wisten fan dizze man. It die bliken in bytsje to wêzen, sa likernôch dat hwat ik yn '62, en oan it útkommen fan it boek ta, heal en heal wist. In pear lju spikeren him hielendal fêst op it bigryp STALINIST, dus ûnminslik, dus diktatoriael, dus anty-demokraet, dus fassistysk.
Ik haw har oanret it boek, de delsfortelde libbensrin to lêzen. It is in wichtich dokumint. Hwêrom?
Yn't foarste plak is it in wichtich geskrift omt Roorda net hielendal allinne oer himsels praet, mar binammen in tiidrak (1900-1930-1950-1970) libjen docht, dat foar in soad Friezen in sletten boek wêze moat, en faeks bliuwt. Hwat hearre je as bern en opgroeijend jong minske oer de eigen skiednis? Krekt, de Hollânske histoarje, mar oer de pleatslike omstannichheden wurdt jin in bytsje forteld. De skoalmasters, en oare ‘oerbringers’, sjogge it net, doare it net oan, of hawwe net genôch gegevens oer dy tiid yn eigen streek. Allinne al yn dit stik fan saken is it troch Huisman biskreaune libben fan Roorda wichtich. Elke skoalle, elk foarmingssintrum, elke bibletheek soe it oantùge moatte. Net, omt it boek in folslein, of sels mar in objektyf byld jowt fan dy jierren, mar f'ral troch it faset lêsberheit. Elke net-ynwijde, elke heal-ynteressearde kin it mei nocht lêze, omt der in bulte punten yn nei foaren komme dy't oansprekke, yn wêzen yn dizze tiid foar jinsels werom to finen binne
Is it boek in ‘Vie Romancée?’ Ja, en né. Ja, omt Roorda lykas Hildebrand yn 'e Camera meastens in glorieuze rol spilet, altiten lok hat, der hyltyd wer út komt. Fansels, weromsjen op forfleine tiden sillet it gehiel: de al to minne erfarings wurde forgetten, en de moaije feiten komme it earst boppe wetter. Werom sjen bitsjut net by definysje in ‘Look back in Anger’. It jeugdsintimint, Roorda komt der net los fan, spilet mei. Hwat dat oanbilanget hie Kerst Huisman miskien sa út en troch yngripe moatten, en jow hwat folsleiner, mear objektiver feiten oer útspraken en tastannen. Oan 'e oare kant kin'k my yntinke dat de ynterview-