Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 16]
| |
De brieffwarmElkenien vit dot un romon net un vier-bard ferhaal is, mar dot de skrjûwer ut ollegjerre út syn tûmme sûûgd hat. De lêzer freget fon un romon inkeld de skyn fon réalytijt, net de réalytijt sels, en hij is tefreden os de skrjûwer him min of mear oan 'e spulregels hôd. Un lêzer akseptjerret ut bijgelyks dot un oteor vit vot dur yn un persoan ómgjit, dot ur vit vot un pearke yn un rûiboatsje óp 'e Snitsermar útfret. Hij freget him net ô hût de oteor oan syn ynformaasje kómt, hij vit ómmes vól dot ut bûk net echt is, inkeld echt liket. Sóms voene skrjûwers har ferhaal ‘vier-maitsje’ tróch te fertellen dot se ut mannúskript kont en klear fûn hiene, of dot un beskaat persoan - no ol dea - har ut hiele ferhaal ferteld hie. Fon ditsoate ramten vud óp 't heden net fólle gebrûk mear makke. En terjócht, vont de lêzer trapet net yn de ‘bevizen fon echthyd’. Hij ‘ljoot’ dot ut ferhaal ‘echt’ is, d.w.s. hij akseptjerret ut os fiksje, os ferbylding. Mar dot dy skrjûwer dot mannúskript fûn hat, dêr ljoot ur gjin bast fon. Wadman vól ek bevize dot syn ferhaal ‘As in lyts baeske’ echt vier is. Ut bûk is skreon yn 'e ik fwarm, vot ik net snugger fyn, mar dêr strak oer. Ferhalen yn 'e ik-fwarm binne fwar de lêzer akseptabel. De lêzer vit dot dy ‘ik’ net de skrjûwer is, mar un fiktyve fyguer dyt net yn verklekhyd bestjit en tróch de oteor betocht is. Hij freget him net ô hût ut bûk ta stôn kómmen is, ot dy skrjûwer dot hele ferhaal fon dy sabeare ‘ik’ jerd hat en letterlek sa óp pepier set, of dot dy sabeare ‘ik’ ut sels ópskreon hat. Hij akseptjerret ut os fiksje. Wadman gjit blykber net akoat mai de net-ôsprutsen ôspraken tusken oteor en lêzer, hij is net tefreden mai de skyn fon vjirhyd, hij vól bevize dot syn fiksje verklekhyd is: ut ferhaal is tróch de sabeare-ik sels skreon os brief. Gjin lêzer dyt duryn trapet, mar steore dógt ut ek fwótendaleks net, mits de skrjûwer him don ek kónsekwint hôd oan 'e ferplichtingen dyt ur himsels oplait. En dot lyket yn dit gefol óp fleanen. De brief begjint mai: ‘Lit ús elkoar gjin earen oan 'e holle naeije, freon Hurkema, - as je 't mij freegje is it libben mar in frijhwat tryste...’ etc. Mar sa begjint un brief net; hij begjint bijgelyks sa:
Snits, 24 augustes 1973. Bêste Hurkema, Tank fwar jo brief, dyt wij yn sûnnens ûntfóngen havve. Ik tocht, ik mwast jo daleks mar verómskrjûwe, oas bljûwt dot dur ver bij... etc.
Wadman makket ut mij óp 'e easte bledsyde fon syn bûk ol ûnmooglek óm te ljowen dot syn ferhaal os brief skreon is, en hij dógt dot óp 'e fólgjende syden noch fólle faker. Op syde 16-17 kómt ut ydee bij Sije óp óm syn memoires te skrjûwen, nait ur | |
[pagina 17]
| |
(s. 15) ol skreon hat: ‘somstiden ta myn skande jo, achte Hurkema, forjittende en der net oan tinkende dat dit ains in brief is en dus biheind fan omfang en yntinsje wêze moat, mar mij fielend as in persoan dy't, pypskoft hâldend op syn libbenspaed, it hear ris oer - en nei it forline tobek - skôget.’ Mar memoires binne dit fonsels net, memoires havve un logyske en faak un kronologyske waddering fon 'e faiten. Op syde 18 vud praat oer de ‘B-ster Mulo-skoalle’. Dot is healviis. Mai Hurkema net vitte óm hókker dwarp of stêd ut jir gjit? Dot vit ur ómmes vól, hij hat óp dyselde mulo sitten. Sije hie takinnen mai: ‘ús âld Mulo-skoalle’, dan hie Hurkema genôch vitten, en oare lêzers os Hurkema sille dur ómmes neffens Sije nea vêze. De syden 21 oant 23 binne dúdlekervize fwar bûttensteanders skreon. Sije bringt Hurkema viidvaideg yn't sin hût se enwar moete havve. Mar Hurkema dyt nai olle vjirskynlekhyd net senyl is sil dochs vól vitte hût dot óm en ta gien is? Yn un persoanleke brief vêrynt dingen fon fwarhinne óphelle vudde, matte oltyt ópmerkingen stean dyt fwar tredden ûnbegryplek binne. Mar dot is yn Sije syn brief net sa, hij lait olles ómstonneg út oan bûttensteanders fwar vaat syn brief net ónjerre is. Syde 51: ‘Ja, ik moat tajaen, ik hippelje yn dit brief nuvere staf en af hinne en wer fan't iene yn't oare. Mar dêr is it ek mar in brief foar en gjin româns boek. Freon Hurkema - as er dit oait lêze sil en dêr wurd ik sa neigeraden twiveliger oer - sil it my forjaen.’ Un brief dyt net skreon vud mai de ynteensje óm him te ferstjoeren is gjin brief. Syde 65: ‘Fan strunen op himsels haw ik likemin as fan skriuwen planmjittich in gewoante makke.’ Fwar va is dy ûntskuldeging bedoeld? Fwar Hurkema? Mun kin faileg oannimme dot dy noch nea jedder san lange brief ûnfóngen hat. Of is dy ópmerking fwar bûttensteanders ónjerre en vud de brief-fiksje jir verrus loslitten? Syde 86: ‘Dêrom soe ik it leafst hawwe, dat jo dit brief meinamen yn jou grêf, yn in forsegele slûf,...’ etc. Syde 87: ‘mei de tafoeging dat it bijgelyks earst 500 of 750 jier nei jou dead iepene en lêzen wurde mei.’ Hû sit dot no, libje vij no ol yn 'e 24ste of 27ste yw, of hat dy smycht fon un Hurkema de brief daleks nai ûntfangst públysjerre? Of hat Popkje de brief fûn en oan un útjauer jûn? Of hat Sije dot sels dien? Syde 118: ‘dêr't ik noch net wis fan bin dat it oer de grutte dobbe forstjûrd wurde sil -’; ‘forstjûre, weistopje of forneatigje, skreaun is skreaun, en earne yn it heelal bliuwt myn skriftuer bistean’ - en dêrmai vud don fwargoed mai de oerstollege brief-fiksje ôveefd. | |
De ik-fwarmHûvólt dur téoretysk net fólle ferskil is tusken de ik- en de hij-fwarm - baide kearen nimt de oteor ien inkelde persoan os point of view - en ek praktysk net oltyten - ut is vólrus fwarkómmen dot un resinsint him fersinde en oer un ik-bûk spriek vylst ut un hij-bûk vie - lizze dur vól núônseferskillen. Ik mat daleks sizze dot ik net fólle kôns sjóg óm dy núônseferskillen téoretysk te ûnderbauen. Dur kómt bijgelyks ol lêzende de gedachte bij mij óp: Hea, dy Sije skrjûwt mar knap frysk en lange yngevikkelde sinnen. Vêr hellet dy mon dot vai? Bij un hij-bûk vie dy teens net of lang sa gau net bij mij ópkómmen, ol kómt yn dot gefol téoretysk de vudkar en sinbau ek fwar rekken fon 'e haadpersoan. Bij un | |
[pagina 18]
| |
ik-bûk pin ik olle útteringen en de fwarm fon dy útteringen fêst óp 'e haadpersoan, bij un hij-bûk hat de skrjûwer vot ynbring, ut steort mij sa gau net os hij de teenzen fon syn fyguer neffens syn aigen taal beheasking modeljerret en un lyts bytsje fon ut ooktoryële perspektyf lient. De oteor hat neffens mij bij ut hij-bûk vot mear rûmte. Dot ‘knap frysk’ lit ik fjidder mar blau-blau, dot is un heel frjemde ôspraak tusken oteor en lêzer. Vij fyne ut normaal, ja vij easkje ut sels, dot de petearen yn un bûk yn geef frysk skreon binne, hûvólt gjin kop yn Fryslon geef frysk praat. Gjin meens sil sizze dot sókke petearen ferkead binne ómt se net stryke mai de réalytijt. Fon un oar pat fon 'e taalbeheasking, de sinbau en de vudkar, benammen vot slimme vudden betreft - en jirefter sitte don yntelekt en yntelygeensje ferskûlle - easkje vij vól dot ut knapadeg oerienkómt mei de verklekhyd. Doogt dot bij Sije fan Merkum? Neffens mij net. Hij brûkt fjiste mooie en slimme sinnen fwar un montsje dot inkeld mulo hat en him net ûffene hat yn skrjûwen. Sije fertelt dot ur un leksykón hat en himsels gôns oanleard hat út stúdzjebûkken - en don tink ik: ja, dot hat Wadman maisin skreon óm ut yntelektúele nyvo fon Sije, sat dot blyken dógt út syn formúljerringen, oannimlek te maitsjen. Wadman is ut dus mai myn beswier iens en hij hat besocht dot beswier vai te nimmen. Haf ik gelyk mai myn kweade gedachten? Dot vit ik net, en dot is de saak ek net. Ik háf dy kweade gedachten en de skrjûwer hie dur fwar swargje matten dot dur gjin oanlieding fwar vie.
Ut fwardiel fon 'e ik-fwarm is dot ur dyrekter en twingender is os de hij-fwarm. Hij is yntymer en fertrauleker en hij lit de lêzer minder frij. Mar is dot oerol en oltyt en un heel bûk lang un fwardiel? Mij tinkt fon net. Un fint dyt oeren lang oer himsels sit te praten ferfeelt ús jedder os immen dyt de hele jûn oer un oar óp 'e tekst is. De fertraulekhyd fon 'e ik-fwarm vud óp un doer vot sjenont. Dur mat ol un ferhipt gûie reden vêze fwar ut kiezen fon 'e ik-fwarm, sil de lêzer nei ferrin fon tiid net argevaasje krije fon ut narsisme en ut ekshybysjonisme fon 'e forteller. Dy gûie reden is, tinkt mij, un fól gemoed, un ópkroppe sponning, of sókssavot. Un ik-ferhaal vud vól gaurus oantsjut os un bycht. Dur mat vot ópgarre vêze dot dur ynienen útbast en dur mat un oanlieding vêze fwar dy útbasting. Ut relaas mat mei sponning en út 'e sponning vai dien vudde. Ut lyket mij ta dot Wadman dot ek vól vit, hij lit syn haadpersoan temeensten un ópmerking maitsje oer ‘it hastich, hast beseten skriuwen’. Dot soe ut vêze matte, ja, mar útsain út disse sin merkbyt de lêzer neat fon besetenhyd. Ut relaas vud te ómstonneg, te beskôgjend en mai tefólle núônsjerring dien, ut is lang net iensydeg, dyrekt en spond genôch fwar un bycht. De oanlieding ta de bycht skynt de lêzer sykje te matten yn 'e moeting fon Sije en Sjoerd. Earlek sain sjóg ik ut ferbôn net, ol vól Sije don havve dot de moeting mai Sjoerd gôns yn him vekker makke hat (s. 20; s. 40). Mun dógt dur ljo'k yn 't olgemien ferstonneg oan óm un romon yn 'e hij-fwarm te skrjûwen. Ut hij-perspektyf bied mear jermslag. Un flash-back lit him fólle makleker réalysjerje bijgelyks. Yn ut ik-perspektyf rint un flash-back meastol út óp un forsjerre en ópsetlek verómtinken. Lês bijgelyks s. 64: ‘Nou! Ik rûk wer, lykas doe't wij op dat terraske en letter op in bank yn it mij sa fortroude Julianapark sieten, jou manlik-krêftich, net al to swiet parfum, formongen mei in lichtsjes | |
[pagina 19]
| |
bittere, mar net ôfstjitlike switrook.’ En ut nófleke fon 'e hij-fwarm is, dot mun oltyten noch de haadpersoan tinke litte kin yn 'e ik- of mun-fwarm - verbijt ut net iens nedeg is óm hyltyten ‘tocht ur’ yn te fûûgjen - sadot mun dochs noch út en tróch dy mear yntyme en (óp)- twingende ferteltront te help róppe kin. Dit jild yn 't olgemien, mar fwar Wadman yn 't bysûnder. Hij is un ôgryslek eksplysyte ferteller dyt olles mai honnen en fwótten útlait en neat oan 'e fontasij fon 'e lêzer oerlit. De (homofyle) leafde fon Sije fwar Sjoerd vud mij bijgelyks sa slókklear fwar de snút set dot ik ut net hûg. De maidieling (s. 114) fon Sije ‘(Soms bin ik dêr ek net wis fan. As ik in moaije man sjoch.)’ is ek ver san úttering fon un perfeksjonistyske geast. Wadman hat de oanstriid óm himsels en syn haadfyguer en de lêzer olle spylrûmte en olle mooglekhyd ta distonsjerjen ô te nimmen en krekt de ik-fwarm jaut ut meast oan dy oanstriid ta. Wadman soe fólle better út ut ooktoryële perspektyf vai skrjûwe kinne. Don sit mun os oteor lang sa ticht net óp 'e réalytijt. Mun swevet un ain bóppe de iede en sjógt fon un higte óp ut lytse gevrymel del. Mun nimt distônsje en mun jaut juns persoanen en juns lêzers ek de rûmte. | |
De mon Sije fan MerkumNeffens Wadman (sjóg de flaptekst) hat de lêzer de kar út ‘in woldwaner foar syn meiminske’ en ‘in smoarge lytse smjunt’. Fwar mij is Sije noch ut ien noch ut oar. Hij is un aaklek ferfelend keadeltsje dot freselek mai himsels ynnómmen is. En dot is noch dêroanta, os de mon don mar vot te fertellen hie dot nijskjirreg vie en dot ek noch vot oangrypingspunten hie mai ús aigen ómbóngeljen óp disse iede. Mar de viidvaidege beskôgingen oer syn klûkkens bûie mij net. Ut narsistysk gesijk oer syn glônzgjend lid bin'k net wai fon. Ol hie dy mon un lul os un sûkkerbyt, vot kin mij dot skele. Ik snap nammes net dot un skrjûwer anno 1973 nai safólle jirgóngen fon Chick en Candy en nai kylometers Dútske, Sweedske, Frônske en Amearykaanske seksfilms nochrus safólle tiid en pepier fergriemt oan kutpraatsjes. Is dur oas neat te fertellen? |
|