A. van Hijum
Oer struktueranalyse 2
motto: sels al fynt Trinus der gjin kloaten oan, dan noch sil my dat in soarch wêze.
Dit moat my allerearst fan 't hert: ik fyn dat Trinus it moai sizze kin. Nou is moai net altyd itselde as dúdlik. Ik kin bygelyks net foar it forstân krije hwat de bitsjutting wêze kin fan in sin as: ‘(...) vot ik by jimme mis is ut kréatyve elemint yn 'e waddering fon 'e faiten.’ Ik tocht oan't dit eigenste momint dat yn elke weardearring, dus ek yn de weardearring fan Trinus' feiten, in kréatyf elemint sit. Trinus hat it moai sein, mar it is my der net dúdliker troch wurden.
In twadde ding dat my argewaesje jowt is dat Trinus kennelik net de bitsjutting kin fan it bigryp ‘birop dwaen op autoriteiten’. As ik yn myn kritiken (analises, ûndersiken, diskusjestikken - hoe't se mar neamd wurde) siz dat ik de théory fan X as útgongspunt nim, dan birop ik my dêrmei net op de autoriteit fan X, mar ik bin dan allinne mar sa fatsoenlik to sizzen hwer't ik myn idéën wei ha. Soks is oant nou ta yn artikels en boeken dy't wittenskiplike pretinsjes ha, net ûngebrûklik. Trinus hie dat witte kind. En nochris, hy seit it moai, mar moai-sizzen is noch net itselde as gelyk hawwe.
Trinus Riemersma giet yn dit nûmer fan Trotwaer yn op myn opmerkingen dat in great tal minsken yn Fryslân literatuerthéory folslein oerstallich fine soe. Hy seit dat myn opmerking gjin groun hat. Ik moat de bêste kritiken fan Wadman en Leiker der marris op neilêze seit er. Nou is it hwat muoilik de bêste krityk fan Wadman dan wol Leiker oan to wizen om't ik dan:
a. Alle kritiken fan Wadman en Leiker neigean moatte soe, en dat soe hwat al to folle muoite wurde.
b. Ik dêr op myn subjektive wize de bêste kritiken útskifte moatte soe. Ik bin bang dat der dan in polemyk sûnder ein ûntstean kinne soe, om't de kâns great is dat de kritiken dy't ik de bêste fine soe, troch Trinus wolris minder weardearre wurde kinne soene. Ik ha it oars dien: Ik ha út myn boekekast de earste twa Tsjerne's pakt hweryn't ik in krityk fan en Wadman en Leiker tsjin kaem. De krityk fan Wadman hat as objekt de roman ‘Fjouwer minsken yn in stêd’ fan Piter Terpstra. (De Tsjerne 1957, nû 3, side 82-86). Ik moat earlik sizze, ik bin fan dizze krityk net fuortendaliks oeral. Wadman leit út hwat in simultaenroman is: ‘In roman dy't op ûnderskate plans tagelyk spilet, en hwerby't de skriuwer om sa to sizzen simultaenskaek spilet op in mannich buorden tagelyk’. In hwat ûngelokkich taelgebrûk, hwant ik nim hast oan dat simultaenskaek altyd op mear as ien buord tagelyk spile wurdt, mar ôfsjoen dêrfan, hwat moat ik hjir fierder mei as Wadman, syn byld fan simultaenskaker trou bliuwend seit: ‘Sok in prosedé kriget ûnûntkomber eat mechanysk, eat opsetliks’ en dêrnei op dizze grounen de roman net slagge fynt: ‘(....) dat sadwaende (bliuwt) it forhael, hoe meinimmend en spannend it is, hwat tofolle konstruksje (...)’. Sjoch soks fyn ik nou hwat al to maklik, soks mei in kritikus net oerkomme. It muoit my foar Trinus, mar Wadman hie, wierskynlik, in grouniger en minder maklik bisprek fan dizze roman levere