Trotwaer. Jaargang 6(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] Steven de Jong Fiif fersen Tabula rasa de stilte falt yn wurden op it wyt papier tear der in boatsje fan foar ús togearre wy sille ja wy sille né wy sille suver neat wy blaze teare bûltsjes as bern dy't mei de greate leafde boartsje ik sjoch dyn eagen fallen fonkjend tusken it proaza hastich taestend nei it lok en ast dy útklaeist en as neaken wurd my oanrekkest wês dan hiel stil en fei de wurden fan 't papier poem power 1973 [pagina 9] [p. 9] Dream ik dreamde 'k roun yn 't bûthús fan in hiele greate pleats en yn 'e stâllen seach ik dat gjin fé mar minsken stienen en as se dûbeld tearden waerden se mei swipen slein dea of oerein dêr wie ek strie mei bonken dêr't se it fel ôf klúfden neist my roun Hitler de Greatboer potentaet dêr't elkenien foar trille heechspanning wie de hiele atmosfear ‘dit is myn stamboekfé’ sei er ‘de sterkste sil oerwinne de rest is dong oer 't lân 't is puer natuer myn soan’ hy seach my oan de gloede fan 'e hel yn syn healtichte katte-eagen wylst ik it mûske wie ‘de wittenskip myn soan ien greate leagen de iennichsten dy't ik fortrou binne myn houn en de greate fryske dichter steven de jong’ en al it personiel flústere earbiedich myn namme en bûgde djip mar ik wie bang en it wie bangens hwat ik seach rounom it stamboekfé stie yn 'e stâl to snuven ien wurd forkeard en ik soe by har stean to kluven omdôch rôp dêr in karkas om myn namme ik tocht oan frou en bern en joech gjin antwurd wylst ik my djip skamme ik wie foargoed forlern en pielde ûnhandich mei myn bûseknyft en doe't dat iepenknipte waerd ik wekker mar bin sûnt net mear wis oft it libben nou de dream ek is [pagina 10] [p. 10] Tryste nocturne hwerom koe ik fannacht hoe warch ik wie net sliepe de moanne skynde op myn bleate wite foet dêr't krekt dyn skaed myn siel ta pikefel biroerde ik kaem oerein dêr stiestû yn 'e leane to winken mij dy't út it finster kroep of troch it glês ik kin 't net mear bitinke it moanljocht spegeljend yn dyn bitrienne wangen spile yn dyn gouden hier in neare melodij en ik waerd bang sa tryst seachstû nei mij en nei it bouwurk fan myn ierdske paradys ‘forjow mij’ preuvelen dyn lippen doe waerdst wei en nea wie't ûnder de beammen sa tsjuster Vorige Volgende