Van Hijum lit yn Trotwaer 1973-4 sjen dot ur knap telle kin. Hat ur grif fon Pouillon leard. En lit no ferdómd ol dy pearykopen vision avec havve, 't is vól un lêst dot jo dot dur olle kearen bij sette matte, mar oan 'e oare kont ut stjit vól yndrukvekkend. Ja, jo en ik soenen gevoan ienkear set havve: ‘de skrjûwer rint net fwarút óp ut ferhaal’, mar sis no sels, dot bylket net.
Ut haadstik dot Relaesjepatroanen hyt begjin ik mai nije oandacht te lêzen, mar os ik don óp syde 201 stróffelje oer: ‘Yn 1.1. is it relaesjepatroan Janke-Homme dominant'; Yn 3.1. is it relaesjepatroan Homme-Janke dominant’; Yn 3.2. is wer it relaesjepatroan Homme-Janke dominant', don tink ik: jezus, hûlang gjit dot geseor oer domynonte knippetroanen noch troch? Even blêdzje, syde 206, dêr hôd ut óp. 207 un grafyk, och adeg, 't sil vól klopje, 'k ha yn olle gefollen gjin sin óm ut nai te rekkenjen.
Vot mij oanbelanget hie Van Hijum syde 193-206 vailitte kinnen. Inkeld syn kónklúzjes (208-209) binne belangryk. Ut binne ek nijskjirrege kónklúzjes. Ik sytjerje: ‘It is my, ek nei lêzen en werlêzen net dúdlik wurden, hwerom't yn dizze roman de tiden sa troch elkoar mjukse binne.’ Dur stjit: nei lêzen en wer-lêzen - dur stjit net: op groun fan myn ûndersyk. En mai rjócht, vont dy kónklúzje is net te lûkken óp grûn fon syn analizen. Dy kónklúzje bóngelt dur dus bij, hij folt bûtten ut ramt fon 'e struktueranalize en jo havve blykber gjin stuktueranalytysk ûndersyk nedeg óm san kónklúzje te lûkken. Dot kloppet ek vól; dût Sjoerd Leiker yndertiid ut romontsje ‘By de hannen om't ôf’ bespriek, sai ur dot ut him net dúdlek vie vêromt de tiden sa tróchenwar mjukse vjinnen... Leiker neamde syn besprekken gjin struktueranalizen, en hij hie, fwarsafier bekind, de skriftleke leargóng timmerjen fon Pouillon ek net liend. Utsoate makket elke (elke gûie...) resinsint east oantekeningen óp klodsjes oer perspektyf, kómposysje, tiidsferrin, motyf en bijmotyven, styl en vot him mear nijskjirreg talykje mai. Mar dy oantekeningen neamt ur net defteg struktueranalizen en dy klodsjes gooit ur letter vai. 't Is mar un tip fwar Adri...
Twadde kónklúzje: ‘Ik tocht dat it gebrûk fan it perspektyf yn dizze roman oer it generael net foar in bulte krityk fetber is.’ No, dot is mooi. Os Adri dot no fwótendaleks sain hie, hie ur dy fjauer syden bûkhôdkunde oer It perspektyf (195-198) oerslaan kinnen. ‘Wol freegje ik my ôf oft it needsaeklik wie dat yn perikoop 11.6 de vision dehors brúkt waerd; of, leaver sein, ik freegje my ôf oft it überhaupt needsaeklik is dat perikoop 11.6 yn dizze roman stiet.’ Dot sille fwar Adri oltyt vól fragen bljûwe, olteast ik sjóg net hût mun óp grûn fon struktueranalize oannimlek maitsje kin dot ien of oar brûkt perspektyf te'n ûnrjóchte brûkt is.
Fwar de tredde kónklúzje jild ver dot dy fier bûtten ut struktueranalytyske bûkje gjit. ‘As bisjoen wurdt, etc... foar in goed bigryp fan de psychologyske gesteldheit fan Janke, needsaeklik binne.’ Hût Van Hijum struktueranalysjerjend de psychologyske gesteldhyd fon Janke óp ut spoar kómmen is, is mij net dúdlek.
De struktueranalize bied him dêr gjin ynstrúmint fwar. Ik nim oan dot Van Hijum him ol lêzende un byld fwarme hat fon Janke, sat dot elke lêzer gjit, mar dy ‘byldfwarming’ is knap supjektyf en frijvot ûnvittenskiplek, dy is yntúytyf. Ik jau ta dot mun dy easte gefoelsmjittege relaasje ta de haadfyguer út un bûk letter ópjektyvjerje kin, mar dot nimt net vai dot de yntúysje beskiedend bljûwt.
Ek de ópmerkingen oer de relaasje Homme-Ate, dyt oerstolleg vêze soe, kin un