[Nummer 1]
Redaksjoneel
De redaksje-oanfolling is gauwer foar inoar rekke as wy tocht hiene, sadat Trotwaer mei yngong fan 1-1-1974 al wer fiif redakteuren hat. Nij binne: Willem Abma, in net-ûnbikind Gysbert Japicxpriiswinner en Alexander Riemersma, studint nederlânsk to Grins, yn fryske formiddens bikind as foarsitter fan de studinte-forieniging Bernlef en as foarsitter fan de Ynteruniversitaire Stúdzje-rie Frysk.
Ek nij is bygeand maskottemantsje, tekene troch Anne de Vries: Rinner, folledige namme: Rinner Trotwaer, sadat fryslân nou neist Rinner Straatsma, in Trotwaer Rinner hat.
De redakteuren meitsje it gesicht fan Trotwaer, sadat de lêzer ek yn 1974 op in kritysk en eksperiminteel blêd rekkenje kin; mei it oanlûken fan Willem Abma miene wy it krityske perspektyf op de fryske literatuer yn ús blêd wer forbrede to hawwen.
It fjirde nûmer fan dizze jiergong is reservearre foar in oersicht fan it fryske stripwêzen, in ‘special’ dy't al foar jiergong 1973 tasein wie.
By eintsjebislút freget de redaksje de meiwurkers goed notie to nimmen fan harren finansjele rjochten lykas de administraesje dy efter yn dit blêd publyk jowt.