Neiskrift
Riemersma is it net iens mei myn ynterpretaesje fan it fers ‘Forflein’ fan Daniël Daen. Ik bin dêr tige wiis mei. It bitsjut nammentlik dat myn bisprek fan de bundel ‘Mosken en Goaden’ diskutabel steld wurde kin en dêrmei is dat bisprek útkommen boppe hwat wy yn dit lân ornaris wend binne: metafysysk en dus irrasjoneel gepraet.
Mar nou even ta de saek: Riemersma's krityk.
Ik bin bang dat ik net ûntkomme kin oan in tal taelkundige opmerkingen oer de bitsjutting fan it bigryp forflein. Nou is taelkunde net myn sterkste kant, dat it is mooglik dat ik hjir of dêr in opmerking meitsje dy't taelkundich sjoen nearne nei roait. Spitich dat it Great-Frysk Wurdboek noch net út is, dan hie'k nammentlik hwat om op werom to fallen, ik bin bang lykwols, dat as dat wurdboek ienris útkaem is myn bersbern al grize hierren ha sille.
It verbum forfleane kin, tinkt my, brûkt wurde op twa manearen:
1. | Yn kombinaesje mei substantiva, dy't in abstractum oanjowe - hope, frijheit, eangstme, leafde etc. |
2. | Yn kombinaesje mei substantiva, dy't stoffen oanjowe, dy't lichter binne as lucht - ether, reek, spiritus, alkohol etc. |
It verbum forfleane kin net brûkt wurde by substantiva mei in oare bitsjutting as hjir boppe oanjown is. Men kin net sizze: De flinter is forflein. Nou is it fansels tige aerdich fan Riemersma, dat hy it verbum forfleane spesiael foar dizze gelegenheit in oare bitsjutting ta ha wol as normael, mar men kin jin ôffreegje oft dat nou needsaeklik is. As Daen bidoeld hie dat de flinter as drager fan de frijheit fuortflein is dan hie hy dat skriuwe moatten, en omt Daen dat net skreaun hat, moat ik oannimme dat hy dat net bidoeld hat.
It soe oars wol goed wêze as Riemersma yn de takomst mei hwat mear soarch léze soe hwat der yn in krityk stiet. Ik ha it fers forflein net allinne oan de titel ophongen. Yn myn bisprek stiet mei safolle wurden’ ‘Itselde biswier dat bistiet tsjin de titel fan it fers jildt mutatis mutandis foar de op ien nei lêste rigel fan dit fers.’
A. VAN HIJUM