Tichelwurk
Ynstjurd
Yn Trotwaer 1973-3, side 126, skriuwt A.v. Hijum in stikmennich rigels oer it fers forflein fan Daniël Daen. Hij bigjint mei it bihanneljen fan 'e titel; hy ponearret dat ‘forflein’ allinnich kin ‘bilutsen wurde op de frijheit fan de minske’. En op groun fan dizze opmerking neamt v. Hijum it fers ‘net logysk konsistent’. Hy hinget it hiele fers oan 'e titel op en wurdearret it hiele fers negatyf, omt de titel net mei it fers yn oerienstemming to bringen is. Dy titel is net yn oerienstemming to bringen mei it fers as jo útgean fan 'e titel, en dêr in bipaelde bitsjutting oan jaen (hwer komt dy bitsjutting wei? nèt út it fers!). In oare menear fan ynterpretearjen is: útgean fan it fers, fan it ‘logysk konsistent’ wêzen fan it fers. Salang mooglik bisykje ik it fers to sjen as ‘ien gehiel’, salang mooglik twivelje ik oan myn lêzen, foarsafier't ik muoite haw mei in fers. Yn it gefal fan forflein haw ik dat dien; ik haw de titel yn oerienstimming bisocht to bringen mei it fers en net oarsom:
In flinter sit opsluten yn 'e grinzen fan in oarenien, ntl. de keamer fan 'e ‘ik’. De flinter krijt de frijheit, wint oan bifrijing, trochdat de ‘ik’ him loslit út syn finzenis.
De ‘ik’ sels sit ek opsluten, mar dan yn syn eigen grinzen. En der is net in oarenien, dy't him bifrijt; hysels docht it ek net (kin it net?). De ‘ik’ bliuwt opsluten yn eigen grinzen, komt met oan bifrijing ta. Der is dus in tsjinstelling tusken ‘flinter’ en ‘ik’. En dy tsjinstelling wurdt net oerwoun, al is der earne sokssahwat as in ‘bân’ tusken flinter en ik, omt ‘de ferve fan syn flerken oer myn fingers roun’ is.
De tsjinstelling wurdt noch fordúdlike yn r. 6- 7: de frije flinter is fuortflein, hat de frijheit meinaem. De frijheit, der't de flinter diel oan krigen hat, hat net de ik diel oan krigen. De flinter hat de frijheit meinaem op syn flecht. Mei de flinter is de frijheit fuortflein.
‘Fuortfleane’ stiet net sa fier ôf fan ‘forfleane’; fleanend fuortgean. ‘forfleane’ hat in faeks hwat mear mankelike bitsjutting. De fersebouwer hat it wurd ‘forfleane’ in extra ynhâld meijown, of in âldere ynhâld op 'e nij jown.
ALEX RIEMERSMA