Kommintaer
Dat de ynfloed fan Wiegel ek Frentsjer net foarby gien is, mei bliken dwaen út boppesteande artikel fan Tr. Riemersma.
As forûntskuldiging foar trinus' wurden mei jilde dat er myn artikel yn nû. 4 net ûnder eagen hawn hie, doe't dit artikel út syn I.B.M. (....) typmasien omheech kaem.
It liket my nei nû. 4 dan ek net botte sinfol om nochris op dit stik yn to gean. Dêrby fyn ik hwat Riemersma seit, earlik sein, ûnsin. Nijsgjirrich bin ik lykwols nei de ‘fascistyske’ teksten hwêryn't itselde stien hat, as hwat ik yn 1973-1 biwearde. Ik ha nl. spitigernôch wol historysk bisef en bin ek bikend mei de fascistyske filosofy. Faeks kinne wy dan hwat sinfoller polimisearje, to mear dêr't it probleem dêr't Riemersma op wiist folle minder maklik leit as yn dit koartsluterich artikel nei foaren komt.
BARTLE LAVERMAN