Priisfraech
Yn it petear dat Frysk en Frij redakteur K. Jansma hie mei G.J.-priiswinner Willem Abma stie oer TROTWAER it folgjende:
Oer Trotwaer: ‘Dat is it lêzen net mear wurdich. Ik wurd deasiik fan d struktueranalyses fan Ad van Hijum. Ien, dat is wol aerdich, mar moat it nou alle kearen wer? Dy jonge hat...... ach, lit it ek mar sitte, ik wol net tofolle yn it konflikt.’
Omt de redaksje duvels nijsgjirrich is nei hwat Abma oer dy jonge Van Hijum sizze wollen hat, der sels lykwols net útkomme koe, wol hja de lêzers hjirby in tsiental alternativen foarlizze.
Under de ynstjûrders wurde twa prizen forlotte, greathertich biskikber steld troch Adri van Hijum, to witten:
1e priis: G. Abma - DE NACHT FAN IN LEECHRINNER
(brûkt foar bisprek yn 1973-4) |
2e priis: W. Abma - MOSKEN EN GOADEN
(brûkt foar bisprek yn 1973-3) |
De alternativen binne: DY JONGE HAT...:
1. | gjin forstân fan literatuer. |
2. | oars in bêste baen. Om 'e sinten hoecht it net, soe men sizze. |
3. | syn stúdzje to gau ôfmakke. |
4. | in to great forstân foar my. |
5. | ‘twa-trije boekjes lêzen en mient nou in hiele heap minsken foarskriuwe to kinnen hwat se wol en net dwaen moatte.’ |
6. | syn orientaesjeformogen blykber noch. |
7. | grif Buma nea ôfslikke, skande! |
8. | to min skoppen ûnder de bealich hawn. |
9. | net leard de minsken nei de bek to praten. |
10. | .....(sels yn to foljen) .... |
De ynstjûringen wurde foar 1 desimber forwachte oan it adres fan A. van Hijum, Thedemastrj. 33, Bedum (gr.).
De prizen binne dan noch moai foar Sinteklaes oer!