Literatuer fwar ut karke fon....
Súnt de lêste oarloch is de Fryske lyteratuer frijwudden. Schurer syn proklamaasje yn ut easte Tsjernenûmmer waad njónkenlytsen un fait, en ek fan godstsjinstige en morele nwarmen lûûk de lyteratuer him ol minder oan. Ainleken wjinnen wij ut dur ollegjer oer iens dot de lyteratuer net un tsjinjende taak hat - de beweging stypje mat of de lju ta ut kristendóm bekeare of de jóngerain ut masturbjerjen forbiede - mar dot dy lyteratuer frij wie.
En ferdómd, no begjint ut gedónder wer! Yn lyterêre blêden os Sonde en Trotwaer ferskyne wer stikken oer nasjonalisme en beweging. Te Kwattehimmen sil skielk praat wudde oer lyteratuer en beweging. Soenen don wier olle problemen óm 'e oare generaasje werómkómme?
Ut slimste fwarbyld fon ut mannypúljerje wóllen fon 'e lyteratuer fyn ik bij Bartle Laverman óp side 20 fon Trotwaer 1973-1:
‘Ek de skriuwer sil him biwust wêze moatte fan 'e mûglike tapassingen en evt. misgebrûk fan syn teksten. Hy is mei forantwurdlik foar it brûken en misbrûken fan syn wurk. Hy moat mei syn literair wurk bydrage ta de forbettering (transformaesje) fan 'e maetskippij.’
Ik nim oan dot Laverman net un soad histoarysk besef hat, oas soe ur witte dot de fasisten dit ek ol beweard havve. Yn 'e fryske tytskriften út 'e tryteger jirren steane dêr noch mooie eksimpels fon. Nammes, de kómmúnisten beweare dit noch oltyt en dy binne ek osa kónsekwint.
De mooie sinnen fon Bartle binne koan óp 'e mûnne fon elke relygyeus of seksueel frustrjerre grûpjerring, fon elke nasjonalistyske (fasistyske) beweging, fon elk misdiedeg rezjym, en fon olle kolonels en generaals.
Ik bin durfon oertsjûge dot Bartle it ‘goed bedoelt’, mar goede bedoelingen binne spytegernôch net relefont. Ut gjit duróm wot ur sait - ‘hy is mei forantwurdlik foar it brûken en misbrûken fan syn wurk’? - en dot is heel raar.
Wot matte jo yn fryske ferhôdingen mai skriuwers os Wadman, Miedema, Popma, de Jong, de Jong, Riemersma, Van der Velde, etc. etc.? Fwar 't fjoerpeletón sette? Un skriuwferbod óplizze? Of har provinsjale, CRM- of Fúf-supsydzje ûnthôde? Dy meensken drage fya har wurk neat bij ta de ferbettering fon 'e maatskippij. Bartle syn rare útspraken berêste óp twa misferstonnen:
a) | dot immen ferlet hat fon maatskippijherfwarming - meensken wólle olinne mear frije tiid, jild, woskmesynes, brómfytsen, etc. etc. |
b) | dot mun mai lyteratuer ut wrôdbarren stjoere kin - literatuer is amoreel. |
TR. RIEMERSMA