Sybe moat syn skoaljild werom freegje
As Sybe Krol it in negatyf to weardearjen saek fynt, dat hy yn in krityk op in bundel fersen faek en folle de wurden ik, my, myn, men, jin, je, jesels, jins, mysels tsjinkomt, bitsjut soks dat hy noch net ynsjocht dat mei datsoarte wurden mieningen relativearre, ja sels diskutabel steld wurde kinne.
Men kin sizze: Nei myn bitinken is dit in goede saek, ik fyn dit in goede saek, my liket dit in goede saek, men kin dit in goede saek neame; en dêrmei wurdt dan tagelyk de útspraek relativearre: de lêzer wit wer dat dit de miening fan ien man is. Dêrtsjinoer kin men wurden as ik, my, myn ensfh. weilitte troch bygelyks to sizzen: Dit is in goede saek. Mar dat is in tige absolúte útspraek.
Spitich dat Krol krityk foar ditsoarte núances net gefoelich is; men soe hast tinke dat hy skoalmaster wêze kinne soe.
Ynhâldelik hat Krol krityk op myn krityk, om't hy fan bitinken is dat yn myn krityk neat to merkbiten falt fan théoretyske achtergrounen. Ik bin tige bliid mei dy opmerking, hwant it bitsjut dat de wize, hwerop't ik yn ditselde tiidskrift bisocht ha romans fanút literair-théoretysk útgongspunt to analisearjen, fortúten bigjint to dwaen. Men soe sizze kinne dat ek yn dit gefal de révolúsje syn eigen bern opfret. Dat wol sizze, men soe dat sizze kinne as de krityk fan Krol fundearre wêze soe. Mar dat is sa net.
Yn myn bisprek fan ‘Mosken en goaden’ ha ik Daen karakterisearre as in dichter dy't him dwaende hâldt mei it ‘praterige’ - as Krol dat leaver heart it proazafers. Ik sei yn dat bisprek dat de dichter fan it praterige fers diametrael stiet tsjinoer de dichter fan it tradisjonele fers - ik mien dat de namme fan Obe Postma fallen is -, dy't him út frije wil hâldt oan in biskaet tal foarmkriteria.
Ik konklúdearre en biargumintearre dat Daen him net altyd like goed liket to réalisearjen dat de praterige poëzy. dêr't hy him mei dwaende hâldt, tige strenge easken stelt oan in optimael gebrûk fan it materiael fan de dichter - de tael. Men soe dat in frij dúdlik formeel útgongspunt neame kinne.
Krol lykwols wol ynhâldelike kriteria brûke foar it hifkjen fan poëzy. Op himsels in goede saek, mar it gefaer bistiet dat dan dochs wer net it literaire wurk, mar de miening fan de skôger fan dat literaire wurk sintrael komt to stean. En as ik bisjoch fan hokker kriteria Krol útgean wolle soe, dan bistiet net allinne it gefaer dat de subjektive miening fan de skôger de trochslach jowt, mar dan is dat de facto sa.
Hokker objektyf kriterium is der foar fragen as: Is dit fers lêsber, is de thematyk tagongklik, hoe is de forhâlding fan de dichter ta syn wurk en/of ta syn publyk? It iennige kriterium by ditsoarte fan fragen sil, nim ik oan, wêze de miening fan de skôger. Per definity in subjektive miening.
In hele goede opmerking fan Krol is:
‘Men kin jin ek ôfsidich hâlde fan alle bûten-tekstuéle gegevens en fraechstikken en allinne de fersen as einresultaten bisjen’.
Ik bin fan miening dat men literaire kunst yndie bisjen moat as autonoom, en ha dat yn dit tiidskrift ek faek en folle sein. As Krol lykwols de muoite nommen hie myn bisprek fan ‘Mosken en goaden’ en ‘Roazen ferwylje’ to lêzen, ynsté fan to tellen hoefaek 't der it wurd ik of equivalinten dêrfan yn foarkomme, wie it him sûnder mis net ûntgien, dat dêr krekt bisocht is de fersen as autonome gegevens ûnder de loup to nimmen.