Ruchwei 50 x Adri van Hijum
It is gjin wenst om literaire krityk ek nochris wer oan krityk to ûnderwerpen, mar in man as Adri van Hijum jowt dêr wol oanlieding ta.
Syn bisprek fan de bondels ‘Mosken en goaden’ en ‘Roazen ferwylje’ (resp. fan Daniël Daen en Tr. Riemersma) iepenet mei in kleiliet oer de posysje fan ‘de redakteur’ fan in literair blêd yn Fryslân en komt fia hwat smeulske opmerkingen oer de Frysktalige literatoaren yn it algemien torjochte by de to bisprekken bondels, hwerby de lêzer earst wol to witten dien wurdt dat it skriuwen fan it artikeltsje net mear is as hwat tiid forgriemen. Dêr draecht it dan faeks ek wol de spoaren fan.
Geandewei ûntdekt men nammentlik, dat dizze foarm fan krityk leverjen net basearre is op biskate kritearia, en ek yn it literaire wurk sels (dat ik fierder bûten biskôging lit; it giet my hjir om de krityk) net de kritearia siket hwerneffens it bioardiele wurde moat. Of soe ik it forkeard bigripe, en binne de fage bigripen dy't Van Hijum hantearret (tradisionele poëzy en ‘praterige’ (!) poëzy) wol deeglik mjitstêven dêr't nij ûntstiene fersen oan hifke wurde kinne?
Der is, de lêste jierren, binammen yn de Nederlânsktalige literaire tydskriften, in soad weardefols skreaun oer de funksje en de theoretyske achtergrounen fan de literaire krityk, dy't ommers to 'n doel hat de produkten fan de literatoaren op har swakke èn op har goede punten to wizen. Fan sa'n theoretyske achtergroun is by Van Hijum neat to fornimmen.
Hoe komt Van Hijum dan oan stof om syn artikeltsje fol to krijen? Wel - it is de man sels, dy't hjir as graedmjitter optreedt: op fiif bledsiden tekst, hwerfan fierhinne de helte yn bislach nommen wurdt troch sitaten, komt men nammentlik FYFTICH kear Van Hijum tsjin: ik, my, myn, men, jin, je, jesels, jins, mysels binne de kaeiwurden hwerút dizze krityk opboud is.
Dat is spitich, hwant it giet yn de literatuer nou ienris net om Van Hijum, mar ek wol in bytsje om de lêzer. Dy wurdt troch Van Hijum lykwols in bytsje weisifere: der binne ommers mar in hânfol lêzers, in maklik to forwaerloazgjen minderheit. By de lêzer lykwols leit de krêft fan 'e literatuer. Fryslân soe it earste lân wêze moatte dêr't dat ynsjoch respektearre wurde moat. Miskien soe it dêrom net ûngaedlik wêze, om dy hânfol lêzers dan ek by it skriuwen fan in krityk yn 'e achterholle to hâlden. Men soe yn in krityk bihelje kinne, of de bisprutsen gedichten lêsber binne, of de thematyk fan de dichters tagonklik is, of de symboalen hweryn de dichter him útdrukt herkenber binne. Men soe opmerkingen meitsje kinne oer de jildigens fan in gedicht bûten syn eigen forbân, oer de forhâlding fan de dichter ta syn wurk en/of ta syn publyk.
Men kin jin ek ôfsidich hâlde fan alle bûten-tekstuéle gegevens en fraechstikken en allinne de fersen as einresultaten bisjen - mar yn it foarste plak jinsels to bikleijen en oarmans fersen to brûken as oanlieding om jinsels FYFTICH kear op fierhinne trije bledsiden tekst oan de lêzer op to dringen, dat hat net folle sin en is yndied net folle mear as (heech-subsidiearre) tiidforgriemen.
SYBE KROL