Akademy-nijs
Yn it septimbernûmer fan ‘Ut de smidte fan de Fryske Akademy’ wurdt in oersjoch joun fan de aktiviteiten fan de Akademy oer it forslachjier '72-'73.
It sil net ûnbikend wêze dat it der oan de universiteiten net sa bêst foarstiet, hwat de stúdzje fan nij-fryske letterkunde - sawol literair-théoretysk as literair-historysk oanbilanget. Men soe dan ek miskien forwachtsje kinne dat de F.A. bisykje soe dit gat, hwant sa mei men it wol neame, op to foljen, krekt om't it foar it Frysk yn it algemien en spesiael foar de Fryske literatuer, fan ûnwittend bilang wêze soe as dit braeklizzende fjild nou ris bistudearre waerd op in wittenskiplik forantwurde wize.
Nou, forjit it mar. Ut it oersjoch fan aktiviteiten fan de wurkforbannen, wurkgroepen en kommisjes, wurdt dúdlik dat der fan Akademywege neat bart op it mêd fan literatuer-théory of literatuerskiednis. Dat eins gjin nijs fan de Akademy foar de lju dy't bilangstelle yn literatuer. Mar dat hat ek hast nea oars west, ha ik bigrepen.
It liket wol oft, sawol oan de universiteiten as oan de F.A., it Frysk as libbene tael al bigroeven is.
A. VAN HIJUM