Sjoch, nou bigryp ik it net mear. Hwat leit oan de basis fan alle of frijwol alle ynternasjonale problemen op it mêd fan wolwêzen-, miljeu- en kultuerpolityk? Elke ôfstudearre politikolooch sil dêr in ûndûbbelsinnich antwurd op jaen nim ik oan. En dat antwurd soe dan wolris wêze kinne: de wrâldpolitike forhâldingen. En dêrmei jowt, foar myn gefoel, de redaksje fan Sonde ta, dat har ideology basearre is op, hwat se sels neame quatsch.
Ien sin út it ynstjûrde stik fan de redaksje fan Sonde liket my yllustratyf foar it plak hwer't Sonde stiet yn Fryslân. ‘Dat Sonde dan hwat mear nijswearde hat as guon oare tiidskriften, is in fortsjinste dêr't wy fansels wer tige wiis mei binne, mar dy't ek wol in bytsje foar de hân leit: yn syn lêste bisprek konstatearre Noordmans noch, dat blêdden as Alternatyf en Trotwaer by al har kwaliteiten net folle stof ta sitaet en diskusje jowe.’
It liket my ta dat it net sa maklik ûntkend wurde kin dat de LC yn it literaire wrâldsje in machtige faktor is. En yn de redaksje fan de LC is it wer Noordmans (nim ik oan) dy't foar it greatste part bipaeld hwat foar de lêzers fan de LC relefante ynformaesje wêze soe en hwat net. Mei oare wurde: Noordmans is in wichtige faktor foar it Fryske literaire wrâldsje yn it algemien en spesiael foar de Fryske tiidskriften.
Nei myn miening is it foar elk dy't op de iene oft oare wize hwat mei de fryske literatuer to krijen hat needsaeklik om de minsken dy't in tige wichtige faktor binne foar dy literatuer kritysk to folgjen. Sa soe ek Noordmans kritysk folge wurde moatte mei it each op de polityk dy't de LC fiert tsjinoer de literaire tiidskriften.
Ik hie dan ek fan de Sonde-redaksje, net forwachte dat se it bistean doarre soe en forgapje har sa oan de ‘autoriteit’ fan Noordmans. Dat is net allinne net-wittenskiplik, it is sûnder mear dom.
A. VAN HIJUM