Beste Reinder,
De slotsinnen fon myn foarege iepen brief oan dij (Trotwaer 1972-7) nei oanlieding fon dyn beslút óm mei ut Frysk óp te hôden (Trotwaer 1972-3) wjinnen wot gekoanstekkend: ‘Do bist lid wudden fon 'e Stifting Alternatyf en dêrmei hast dij un bytsje macht ferovere. Sa mat ut.’
Efter dy sintsjes sit wot argewaasje, dysto meskjin wól rûkt hast: Do hiest krytyk óp Lykele Jansma yn Trotwaer fonwege syn slûkmetoade ‘Earst in goed tydskrift meitsje en dan it moderne en eksperimintele wol troch de efterdoar ynhelje’, mar even letter stapst sels yn 'e Stifting Alternatyf. Sóks kin ik net ryme. Nammes, dy stap makke dyn ferkljerring dotst mei ut Frysk óphôde soest, fwar mij dû ol dúbyeus. Osto mei ut Frysk óphôde woest wot mwasto don noch yn dy Stifting? No stie yn Frysk en Frij dotst wer oan 't skriuwen wiest en dot Alternatyf un romon fon dij públysjerje sil. Kóm, tocht ik, krije wij no wer un artykel yn Trotwaer dot ol dyn útlittingen yn Trotwaer 1972-3 fiktyf binne? Of gjit dit heugleke feit sûnder artykels en ynterfiuws fwarbij?
Os ik ut ‘gefol Van der Leest’ sat dot de lêste jirren os un flinter hinne en wer fladdere is fon blóm nei blóm fólgje, don krij ik dochs wot un núvere smaak óp 'e tónge.
Do bist óp en út un KU-mon (Trotwaer 1972-3), mar sûnder dot ien fon dyn meileden ut wit, tôgest un manúskript nei Lykele Jansma. Do spuist yn Trotwaer dyn golle út oer de wólven en bearen, de clan, de klyk, mar even letter sitst yn Alternatyf swiete broatsjes te bakken fwar dyselde klyk - ost ut net ljooste: wij soenen de katebakken rus oer de kop helje kinne en sjen waat Alternatyf lêst en wa Trotwaer. Do hôdst óp mei ut Frysk, mar un jelier letter tsjinnest bij CRM un fersyk yn óm un wurkbeos.
Ik kin mij net fwarstelle dotsto sa ferjitlek bist en sa nayf óm te mienen dot wij ut ollegjer ferjitte. Wotsto skreon hast yn Trotwaer 1972-3 is wier. Ik ûnderskriuw ut fólslein, en dot witst. Mar dóó hast ut skreon. En do kinst net krekt dwaan of is ol dy inket ol ferblikt en ol dyn krytyk ferflein.
Ik kin net ljowe yn dyn nayvytijt, ik ljo dotst ferdómde goed witst wotst dógst. Un bûkje dêt nochol wot argewaasje út blyken dógt.(Bargebiters-Bûltsjeblazers) gjit nei de KU, wont dot is un krytyske útjauer. Mar un romon dyt de drómpel fon wjerstôn net hûgt te nimmen, gjit nei Alternatyf, wont Lykele kin hudder. Do sjógst mear perspektyf yn Alternatyf, os yn Trotwaer, mar Trotwaer mei dyn krytyk óp 'e machthavvers noch spuie - ut soe misstean yn Alternatyf, mar yn Trotwaer post ut krekt tús, dot kómt dochs yn syn eigen stank óm.
Ik ljo eigentlek dotst helendol net sa wiis bist mei Alternatyf, - dot hast sels ek wól útlitten -, mar do kinst Lykele brûkke. Dot hindert neat, wont Lykele brûkt