3. Ik hie sels wol mei minder fanfare ôfskie fan it Frysk nimme wollen. De redaksje fan Trotwaer hat der mear omtinken oan jown as ik ynearsten woe. Mar goed, ik haw my ûnderfreegje litten en in artikel skreaun. Wy fladderje allegear wolris fan blom nei blom. Yn it Skriuwersboun sitte nou lju dy 't trije jier forlyn, doe't ik noch lid wie, it sa nedich founen mei barstend gewelt in alternatyf Skriuwersboun op to rjochtsjen.
4. Ik haw net in forsyk om in wurkbeurs by CRM yntsjinne. Ik haw om in talage frege. Dy haw ik krigen om in forfolch op ‘Boef fan Rys’ to skriuwen. Yn hokker tael, dêr is gjin wurd oer sein. Ik wie fan doel yn it Nederlânsk, sjoch 2.
5. De tekeningen en ûnderskriften yn ‘Bargebiters-Bûltsjeblazers’ wiene ornearre foar in ‘reboelje-boek’ oer Trotwaer, dat de KU útjaen soe. Omt de meiwurkers it net iens wurde koene oer de foarm, is dêr neat fan op 'e hispel kaem. Underwilens hie ik myn oanpart - tekeningen mei ûnderskriften - ré. Hie ik it dan forpoffe moatten dy yn in apart boekje to publisearjen? En is it sa frjemd dat dit nou krekt by de KU forskynde? Is it sa frjemd dat ik myn smoarge wask krekt yn it ‘ôfskiedsnûmer’ fan Trotwaer ophinge, dêr't ek oare stikken fan en oer my yn wapperen? It is wrachtich net sa dat ik inkeld Trotwaer foar it spuijen fan myn gal brûkt haw. Yn De Strikel en de Ljouwerter Krante haw ik earder myn argewaesjes alris utere. En as dat sa útkaem wie, hie ik it ek wol yn Alternatyf dien.
6. Efterôf bisjoen nat myn redakteurskip fan Operaesje Fers en Trotwaer net mear west as in kontaktpunt mei it Fryske literaire libben, as dat tominsten bistie(t). De KU haw ik fordigene tsjin Noordmans en Boomsma, mar as de saek net draeit, hat men it gefoel foar in loaze gevel reklame to meitsjen.
7. De iene kear konformearret men jin, omt men gjin heibel ha wol. In oare kear blaest men de lêste kromkes solidariteit fan de tafel, omt men der út skopt wurde wol. Neffens dyn brief is dat lêste my al aerdich slagge.
Mei groetnis,
REINDER