Snits, 20 july 73.
Bêste Leo lotgenoat,
It kaertsje foar de forgaderdata doch ik yn in kouvert om even in pear wurden to skriuwen. Us kontakten binne dochs al sadanich dat as wy elkoar tsjinkomme, wy elkoar amper kinne. Tink ik.
Mar ta de saek. Ik kin derynkomme datstou der mei ophâlde wolste. It is hwat maklik om in oar as gongmakker to brûken, mar it is foar my de oantrún om to sizzen: ik doch itselde. De datum hâld ik op 1 jannewaris 74. Ik haw noait in echt literator west en dêrtroch faek it gefoel hawn yn forkeard selskip to forkearen. It iennige dêr't ik fan sizze doar, ik haw der hwat doel oer is it toaniel. Mar dêr hoege je net foar yn in literair tiidskrift. En as it sa west hie dat de saek my nei oan it hert lein hie, dan hie der mear út'e pin komme moatten as bard is. Dit gebrek oan motivaesje is neffens my op't heden kenmerkend foar it tiidskrift. Wy binne tofolle yndividualisten, mei ús eigen pielderijkes en ambysjes.
Wy skriuwe yn it Frysk, mar Fryslan ynteressearret ús net safolle. In foarbyld is it themanûmer fan'ë Stiennen Man oer de gearwurking fan'e Fryske tiidskriften. As it tiidskrift ús oan it hert lein hie, hiene wy der as in liuw op ôfspringe moatten. Mar wy wiene de iennigen dy't neat fan har hearre lieten (as to lett wiene).
Hoe't it ek wêze mei, ik set der in punt efter yn'e hope dat der in mear motivearre geast foar yn't plak komt. Wy moatte der op de kommende gearkomste marris wiidweidich oer gear.
Mei groetnis ek oan Sjoukje,
Oene.