Oan de redaksje fan Trotwaer
Wyns, 18 juli 1973
Freonen,
In earnstich skriuwen moat ik oan jim kwyt. Ik haw alris trochskimerje litte dat ik fyn dat it dit jier myn tiid wurdt om út 'e redaksje. Forline jier Remco, nou ik.
Ik haw der nou wer 2½ jier yn sitten. En mei ûnderbrekken meielkoar 5 jier fan myn skoandere libben. Ik fyn dat it nou út wêze moat.
By wize fan motivaesje: Ik bin oan 'e ein fan myn literair gepiel. De praktyk hat dat it lêste healjier of langer al útwiisd. Myn wurk lit my in bytsje tiid mear, of leaver, neat gjin tiid mear oer. Ik haw ik hielendal gjin oanstriid mear om hurd wer yn 'e wapens. Hwat sil men oaren noch fortelle? Kréatyf is 't hjir droege turf, en op it stik fan de krityk ensfh biskôgje ik my as net kompetint.
De lêste tiid haw ik mysels der ek hieltyd wer op trappearre dat ik mei muoite de Trotwaer-saken bihertigje. It spul bliuwt sloe[...]n. Ik sit der net mear ach[...]oan. Dat is ôfnimmende ynteresse en bitrutsenheit. Dat moat út wêze.
Ik kom hjit tidich mei oan, omt ik it kommende winterskoft foar mysels ha wol, de sunige [...]ren dy't der oer bliuwe. Ik wol der dêrom ek net to lang oan hingjen bliuwe, salang't it redaksjebiried ensfh duorret.
Trije moanne opsiztermyn , hie'k tocht. D.w.s. dat ik der per 1 novimber ôf kin. It oktobernûmer doch ik dan noch mei.
Wy moatte it der op de kommende forgaderign mer oer ha.
mei freonlike groetneis