motivearre de lekken en brekken fan it wurkstik oantoand of alteast in petear hjiroer losweakket. Oan ‘priuwen’ à la Smit ha wy neat.
Greate kâns dat der nei djipgeande analise net folle fan de saneamde fryske literatuer oerbliuwt, faeks dat dan mienskipsjild foar literatuer to plak komt. Mar nei jou brief werom.
Ik bin my der fan biwust dat der oan myn bisprek forskate tûkelteanen sitte, sels mear as jo yn jou brief neame. Ik ha forskate karren dien, dërom stiet ek diskusjestik boppe it bisprek.
Jou krityk op part I draeit om myn typearring fan Twa Deade Sigeuners as detektiveroman. Litte wy yn earste ynstânsje ris oan nimme dat T.D.S. gjin detektive is. Fundamenteel is dan de fraech nei de ynfloed dy't dit op de ynhâld fan it bisprek hat. Skerp sein, stelle jo it foar as soe elts genre syn eigen rigels ha. Forsint men him yn it genre dan is it bisprek omtrint weardeloas: men brûkte de forkearde rigels. Is men sa goochem en kies it goeije genre dan kin men neffens de fêste rigels in goed bisprek ôfdraeije. My komt soks hwat al to maklik foar. As ik jou krityk negatyf ynterpretearje dan soe ik it sa stelle: Sybrandi wol it prosesferbael yn it boek hâlde omt er dat aerdich fynt. Laverman hat it ôfwiisd omt it net past yn in ‘plot of action’. Dit plot of action is ôflaet út de definiearring fan it boek as detektiveroman. As it boek gjin detektive is, dan is der gjin plot of action en dus kin it prosesferbael bihâlden wurde.
Ek dizze redenearring giet net op.
De oast sit him by neijer ynsjoch faeks yn it brûken fan it wurdtsje ‘plot’ yn twa bitsjuttingen. Op side 9 siz ik: ‘Min ofto mear needsaeklik foar in detektivestory is dat de lêzer sa min mûglik ôflaet wurdt fan de ûntjowing fan de plot’.
‘Plot’ wurdt hjir brûkt yn inge bitsjutting: intrigue fan it forhael. By ‘plot’ of action’ wurdt ‘plot’ brûkt yn brede bitsjutting. Plot stiet hjir foar it gehiel fan faktoren dat meiinoar bipalend is foar dat hwat der bard yn it forhael.
De folgjende sin: ‘De ynformaesjestream fan earste haedstik, earste perikoop oantenmei lêste haedstik, lêste perikoop ( ) moat net ûnderbrutsen wurde’, kin nou sawol bilutsen wurde op it bigryp plot yn inge as yn brede bitsjutting. Beide is hjir bidoeld en ik jow daliks ta dat ik soks wol hwat dúdliker oanjaen kinnen hie. Hwant bilûkt men neamde sin op it bigryp plot yn inge bitsjutting dan kin men komme ta earder neamde redenaesje.
By alle plots dy't yn romans to ûnderskieden binne (sjoch Trotwaer 1971-7/8 side 18 f.f.) jildt dat de oanbeane ynformaesje relevant wêze moat. Relevant ta ‘it gehiel fan faktoren dat bipalend is foar dat hwat der bard yn it forhael’.
De dielen moatte logysk wêze ta it gehiel.
Sanet, dan krije wy geëamel. Ik kin dat prosesferbael net oars sjen as stoplap. Blykt hjirút dat it al of net typearjen fan T.D.S. as detektiveroman gjin ynfloed hat op it bihâlden fan it prosesferbael, ek moat dúdlik wêze dat it typearjen fan T.D.S. as net-detektiveroman likemin ynfloed hat op de ûnderfordieling fan T.D.S. by it subgenre ‘plot of action’ (sjoch foar ynformaesje omtrint plot of action Trotwaer 71-7/8 pag. 18 f.f.) Ek dit makket de fraech of T.D.S. wol of net in detektive is wer minder relevant. It is my lykwols net alhiel dúdlik hwêrom't T.D.S. gjin detektive wêze soe. Jou argumentaesje draeit om de ûndertitel dy't de skriuwer syn boek meijown hat.
Ik ha yn myn bisprek ek net biweard dat wy hjir to krijen ha mei in trochsné