Trotwaer. Jaargang 5
(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 219]
| |
Tichelwurk
| |
[pagina 220]
| |
Hwat part II: ‘de kontekst’, oangiet, soe ik - nei it foargeande - uteraerd graech punt B: ‘de soasiale rol as haedagint fan polysje’ it earst bihannele ha wollen, omt dat neffens my krekt it swiertepunt foarmet fan dit forhael oer in plysje. Jou punt A: ‘Stânpunt tsjinoer sigeuners’ hat foar my as biswier dat jo net oantsjutte hwerom 't jo krekt nei dizze saek in ûndersyk ynstelle. Is dat allinnich omt de wenweinbiwenners sûnt de wet op de regionale kampen frijhwat yn 'e knipe (en ek yn it nijs) sitte? Fansels is it jou goed rjocht om hokker saek dan ek to ûndersykjen. Fröhliche Wissenschaft! Mar jo koenen alteast bisykje de lêzers fan it bilang fan dit ûndersyk to oertsjûgen. Jou metoade ropt by my noch wol fragen op, binammen omt jo alle sitaten oer sigeuners op ien lijn ôfsette, sûnder to fordiskontearjen fan hwa't se komme. As ik út de útkomsten fan jou ûndersyk in advys foar skriuwers ôfliede moast, soe ik har riede útslutend progressive personages yn in roman yn to fieren, hwant oars wurdt de score op hwat ik nou mar de ‘Laverman-skael’ neam, negatyf. Of oars sein: jo lizze to maklik in rjochtstreeks forbân tusken dy mieningen fan de personages yn de roman en de miening fan de auteur, (al neame jo de auteur net mei safolle wurden op s. 19).
Mei groetnis, S. SYBRANDY |
|