kleuren oanbilange in prachtige ienheit. Har foet wie brún forbaernd. De snút fan 'e skoech wiisde nei ûnderen ta. Der roun in folsleine streek fan 'e snút fan har skoech, oer de krop fan har foet, oer har skynbonke, oan har knibbel ta. It ljocht, waerm ynienen, foel op 'e streek en dêrtroch liken de hierkes dy't der opgroeiden krekt dûns. In krêftige, bûgde streek roun fan har ankel, oer har kût, oant yn har hokse. Lok en libbenskrêft streamden yn my. Ik seach nei har lippen. It wie goed. Se hiene de natuerlike, folreade kleur. It wie mooglik tichtby har lippen to kommen, oars hie'k sjen kinnen oft der skuorkes ynsieten. Yn alle lippen sieten skuorkes, mar miskien.....
It wie krekt as kaem de man wer op him ta. As naem in weach him op en mei yn syn rjochting.
‘Ach kom jonge, wy moatte by it stikeltriid lâns to wol fondeljen. Ik bin dwaende myn hol mei fearkes en wol to biklaeijen. Myn hol is yn it sompige Elze- en Wylgebosk.’
De man helle in oare, greatere plestikpûde foar it ljocht en bigoun.
Hy holp net mei, mar seach oer de man hinne, nei de wrâld oan 'e oare kant fan it waes: in baen reiden, in baen beamtoppen, de loft. En sei: ‘Ik stie jierrenlyn yn it Heimige Fjild. Ik seach it hiele gea en hearde syn lûden en prebearre it allegearre troch it ûnder wurden to bringen, nei my ta to heljen. Mar dat slagge net.
Hwat ik ek sei, neat kaem tichterby. Ik bigoun doe oan guon to tinken dy't ik leaf hie, mar se wiene sa fier fuort dat ik tocht dat ik nea wer by harren komme kinne soe. Ik ha nou in lyts famke dat dûnzich hier hat. Se fielt hiel sêft en waerm oan. As ik har op 'e knibbel ha, wurdt alles om my hinne wei’.
De man draeide him hookstrooks om: ‘It weilûken fan 'e libbenswaermte út in deade ein, hast dou dat wolris field?’
‘Ja, doe't ik as jonge mei myn buorman mei gong to jaeijen faek genôch.’
‘Sjoch’, sei de man: ‘As ik nou nei de stêd ta gean, jouns let, dan gean ik nei in bar. Ik sjoch dan de bar roun, ik sykje, ik siz neat, ik drink jonkjes, ik sjoch út nei in famke, ja, sa sidesêft as in simmerjoun. Mar ik sjoch har net.’
De distânsje tusken harren like gelyk to bliuwen, mar it wie dochs krekt as kaem de man wer op him ta.
‘Ik sil't dy sizze. Ik ha troud west. Wy hiene in famke. Dêr dan: ik ha fuort west.....’
Der barde hwat mei de man en mei him, mei allebeide ja, hwant it gesicht fan de man kaem wer yn syn rjochting. De man streamde op him ta. En it wie krekt as forskuorde de stim fan 'e man nei syn eigen stimbannen.
‘Ik hie har op 'e skoat en doe ha'k har sa stiif tsjin my oandrukt dat.....’
Syn mûle bleau iepenstean: hy seach de man net mear en hie troch dat er sels bigoun wie to praten. Hy sloech himsels mei de fûst foar de hasses: hwat barde dêr binnen? hwat waerd dêr allegearre byinoar tocht?