opmerkingen is Sybrandy slim ûnspesifyk (mar dêr wie Van Hijum ek net alhiel frij fan) sadat in djippergeande wjerlizzing sinleas wurdt omt Sybrandy altyd sizze kin, ja mar sa bidoelde ik it net. Dêrom, skriuw dan hwat je wol bidoele. ‘Dat de biweging alhiel net bisiket om oer alle oare saken as it frysk in oardiel to jaen’, is krekt ien fan de biswieren fan Van Hijum, hwerby wy de foarûnderstelling dat der in skieding mûglik is tusken ‘it frysk’ en ‘alle oare saken’ fanwege de ûnspesifisiteit mar wer rêste litte.
As reden foar dit net bisykjen neamt Sybrandy ‘omt de biweging skoan foar it forstân hat, dat jou miening oar it frysk hielendal net jou miening oer al dy oare saken biskiedt’.
Dat sil Sybrandy dan earst nochris oantoane moatte! Nou bliuwt sa'n opmerking om yn syn eigen terminology to bliuwen ‘in slach yn 'e loft’.
Ek seit Sybrandy dat ‘net biwiisd is dat de posysje fan it frysk automatysk better wurdt as der in maetskippij-foroaring yn loftse rjochting ta stân komme soe.’ Nou fierder ôfsjoen fan de dubieuze logyske konsistinsje fan dizze opmerking mei foargeande en neikommende rigels, bliuwt de fraech foar Sybrandy oer oft de rjochtse regearen oant nou ta biwiisd ha dat de posysje fan it frysk ûnder harren biwâld automatysk better wurdt. As Sybrandy de feiten sa ynterpretearje kin dat in ‘ja’ oannimlik wurdt: hoera! hwat wolle wy dan noch.
Sa né, hwêrom moat dan wol biwiisd wurde dat in loftse maetskippyforoaring dizze posysje automatysk forbettert. Hwa wit hokfor yntressante bysûnderheden oer Sybrandy's eigen politieke posysje út it antwurd op dizze fraech nei foarren komme.
It aerdige is lykwols dat Van Hijum it alhiel net hat oer lofts of rjochts. Van Hijum ropt de biweging net op ‘om útspraken to dwaen oer de ekonomyske forhâldingen’, hy biweart alhielendal net ‘dat de posysje fan it frysk automatysk better wurdt as der in maetskippyforoaring yn loftse rjochting ta stân kommen is.’ Van Hijum docht mear. Hy wiist der op dat de biweging yn wêzen in politike organisaesje is. Polityk hjir opfette yn brede sin as it hanneljen fan de minsk bilutsen op it wol en wé fan de gearlibbing.
Dy stelling hat Sybrandy omsyld en wachtet noch op argumentearre wjerlizzing. Sa net, my tinkt it wurdt tiid dat de kameleon de konsekwinsjes ris lûkt.
(Mar dat hie Van Hijum ek al sein.)
B.J. LAVERMAN