nocht de ‘skaekpartij tsjin de hear c schreuder’ neispylje. Mar hy bliuwt sitten mei de fraech: hwat moat ik hjir mei oan? Fansels gean syn wynbrauwen omheech by ‘elegy’, ‘ballade en fortreasting’ en ‘ode’. Mar dizze fraech spilet troch syn harsens: hwat wol Van der Leest nou eigentlik? Of, yn in letter stadium, hat Van der Leest wol hwat to fortellen?
Dy lêste fraech siet ik ek mei. Hast wol hwat to sizzen oan it samle fryske folk? Hwat is dyn Great Boadskip? Of bist allinne mar ludyk oan it reedriden op it duldige oerflak fan dyn skriuwmasinepapier? Sok reedriden is ommers forbean. In Dichter moat syn lêzers eat meijaen op 'e libbenswei, istntsa? Doe kaem my, lokkich!, wer in sitaet yn it sin. Fan Hugo von Hofmannsthal dit kear:
‘Die Tiefe muss man verstecken. Wo? An die Oberfläche’. Ik skriuw it fers ‘ludyk’ op:
mar inkeld to boartsjen is net genóch
men moat ek oan hwat leauwe
in glimkje mei de efterkant fan myn gesicht
Ha!, tocht ik. De dichter is net ‘onverdeeld gelukkig’ mei de wrâld. Hoe makket er dat oan ús, letterfretters, dúdlik? Oan it oerflak komt in jonkje dat mei de hantsjes op de rêch stiet to sjen hoe 't in bulldozers (symbool fan dizze tiid!) syn ‘boartersplak’ forneatiget. En de dichter?
en rubber ûnder de klimrakken
Dit fyn ik in heel knap fers. Yn syn ienfâld jowt it in machtich stik maetskippykrityk, dy't fierder giet as dat boartersplak allinne. It biwiist tagelyk Von Hofmannsthal syn stelling. Men hoecht echt net in djipgeande skôging op papier to setten om in bulte to sizzen. Oerflakkich suggerearjen kin foldwaende wêze. Dyselde skynbre oerflakkigens fynt men trouwens yn al dyn fersen. Fral yn ‘wâldsang’ (hwat boartliker; krigest gjin stive wiisfinger fan hyltyd mar deselde letter oanslaen?) en ‘deistich patroan’. Datst net slucht bist nei auto's (‘oan rinnende bân skout blik by my lâns’) makkest knap dúdlik yn ‘ode’. Ik kin in stikhinne mei dy meifiele, mar bliksem, in lekke fytsbân en lange rigen fytsers op sneintomiddei-mei-moai-waer laket my ek net sa oan.
Nou 't ik hwat skreaun ha oer dyn ‘grime’ (nou ja...) en ik helje ‘Practicum’ nochris fan de planke, leau 'k dat krekt dit it greate forskil is tusken beide bondels: yn ‘Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?’ bist minder boartlik. Giest ek mear nei de sa njonkenlytsen al konventionele dichfoarmt. Ynhâld en foarm binne beide in stikhinne foroare. Komst forrekte ticht by de ‘gewoane’ dichters, wylst earder, dat ha 'k tominsten op forskate plakken lêzen,