docht en leaut it minskdom mar troch. Dhr. van Hijum is ek noch lang net mei alles, net iens mei Fryslân ta klearrichheit kommen; dêrom hat er dêroer ek mar goed oan it praten west. Hat er dêrmei it lêste wurd sein, dat der to sizzen is? Hat er dêrmei ek mar hwàt op lost? It liket der net nei, al bisteane der foar him dan ek gjin mystearjes. Mar as van Hijum gjin mystearjes sjen kin of wol, moat er dêrom syn ûnmacht of ûnwil nou fuort rjochtfeardigje mei to sizzen: Dat is wartael?
Ik hie it oer folkswêzen. Lit my ris mei van Hijum prate oer minskewêzen. Kin hy ûnder wurden bringe hwat dat is? Dat hat noch noait ien kinnen en sil nea net ien kinne. Moat en mei der nou net oer it minskewêzen praet ensfh. wurde? Van Hijum wit wol better: der is noch noait safolle oer praet as yn 'e lêste jierren, oer dat ûndefiniearbre, ûnbineambre.... mysterieuze.
Hjirmei binne wy kommen ta de basis fan de fryske Biweging. Dy basis is net it frysk-eigene, lykas van Hijum mient, mar it fryske minskewûzen en it dêrút fuortkommene fryske folkswêzen, dy mystearjes dus. Sille dy rjocht fan bistean hawwe, har plak ûnder de sinne hâlde meije, ja ofte né? Dat binne de fragen, dêr't elkenien, dy't oan Fryslân of yn it Frysk arbeidet, mei to krijen hat en net oan ûntkomme kin. Dy't dy fragen - eksplisyt - de Biweging ûntstride - van Hijum en syn maten lykje dat dwaen to wollen -, dy meitsje har plak yn it fryske folk, har brûken fan it Frysk, har meidwaen yn 'e Biweging sinleas.
Foar ‘pyt-jan’ is dat fryske minske- en folkswêzen der wol sekuer, mar hy past wol op dat net mei roune wurden to sizzen. Hy koe ris foar in fascistoïde prytprater oansjoen wurde. Al wol pyt-jan net foar it fryske folkswêzen útkomme, it funksionearret likegoed yn syn soasialistysk tinken. Hy praet der oer, striidt der foar yn de terminology fan it marksisme. Hy hat it oer gebiet, lânskip en tael; Fryslân en Frysk mei net sein wurde; kapitalisten, jildmakkers en útmolkenen; Friezen to sizzen is taboe; diskriminearjende ûnderdrukkers en diskriminearre tael, dy't skoudere wurdt. Sa sublimearret pyt-jan de striid foar folk en tael ta klassestriid, by him de heechste noarm en foarm fan minsklik leauwen en stribjen. Dy transendinsje jowt van Hijum syn sanksje oan; mar hy sjocht der rejael wei oan foarby, dat it sadwaende religy wurden is. Sjoch myn stik yn D.S.M. nû. 1972.
- Ik bin sa oprjocht en neam ús folk earlik by syn namme en kom der foarút, dat myn striid dêrfoar in religieuze motivaesje hat. Hwêrom net? De Bibel docht dat mei de folken fan syn tiden ek. As van Hijum dat fascistoyd neame wol - fuort dan mar! By my wurdt de fryske striid biskaet troch de forhâlding Skepper en skepping, wurdt dy fierd yn it dilemma sûnde-genede. Soasiale tsjinstellings hawwe yn dat dilemma ek in plak, mar binne net normatyf. Dy't sa mei iepen fisier foar Fryslân striidt, hat it by van Hijum bidoarn, hoewol't dy evangelyske opfetting gjin minder goeds foar ús folk ynhat en meibringt as de marksistyske. It jowt him sa'n argewaesje, dat hy woe it Frysk der wol by delsmite.
- As hy lykwols hwat jierren yn de Biweging bliuwt - hoefolle jonge bazen litte nei in mannich romrofte jierren har it Frysk net by de rêch delglide - sil hy net my, mar sa't ik hoopje al myn soarte: Kristen-Friezen yn de Biweging forneare moatte. Hwant de Biweging is gjin ynstitút of partij, sa't van Hijum ornearre. In ynstitút of partij is in struktuer op in ideologyske grounslach, bg.: Tsjerke-