oer yn sitte. en se glimke him yn har hiele neakene evasteat waerm oan.
neaken roun se op him ta, en auke fielde lykas altiten syn lulkens sakjen. de mânske boarsten, as moalsekken foar him, de dûbelde kont en dat útsakke liif, it hold him allegearre iderkear wer yn 'e bisnijing. boppedat hie se hjir en dêr hwat parfum sipele. dit smoarge geile wiif, dat him de klok ûntfytmanne hie, koe er net sûnder, gjin dei, gjin menút. hy fielde it, hy soe har ynelkoar huffe kinne om hwat se die, mar har lichem koe er net sûnder, soe er ek nea misse wolle. rimpen lei er har del, en naeide har as in beest. as in wylde houn op 'e heide.
- it is net bêst mei auke. hy yt en drinkt net mear sûnt de klok forkocht is. ja wier, jochgum, jo moatte ús de klok werom forkeapje, oars giet auke in raer hounegat yn. sliepe docht er ek al net mear, hy is gewoan ûnwennich, it kin syn dea wol wurde. en dat wolle jo dochs net op jou gewisse hawwe wol? - trees siet mei de skonken wiid útelkoar spraet tsjinoer jochgum en syn frou. de guodkeape parfum binaem him hast it sykheljen. mei forbjustering liet er syn eagen oer it protsje fleis foar him gean. moast dat figuer de klok weromkeapje, mei útelkoarspraete skonken en tredderangsrûkwetter? doarde dy lul fan in auke mei syn hounekop net sels by him to kommen, wie't sa leffert dat sy it opknappe moast?
deaearnstich wiisde er op 'e klok dy't de keamer opfleure mei syn wiis foarkommen en fortelde dat de klok net werom gean soe. forkocht wie forkocht, en boppedat wie er ek net mear frij, hwant oaren hiene der al opsje op.
hy seach har mûle forlûken, de spieren fan 'e billen waerden slopper, en it liek oft se as in pudding ynelkoar dondere. in ûnder hypnose steand lyk dat út 'e sliep wekker makke waerd, lykas poe dat sa treflik forteld hie.
ien stik fleis, fet, bonken, bloed en stront. hy húvere der fan. hoe koene je dy oait by je yn't bêd forneare, om jins siken to binimmen. dy domme dieren.
derút mei dat spul, en noait wer in poat oer de drompel.
- auke, moatte jo goed heare, wy as plysje kinne hjir fansels ek neat oan dwaen. jo hawwe dy klok forkocht, en dêrmei alle rjochten forlern. op 'e letter fan 'e wet sjoen, soene jo ek noch in fjirtjin persint beeteewee bitelje moatte. mar lit dat nou mar foar hwat it is. wier? wy binne net forantwurdlik foar jou dieden. yn't ginnerael yn elk gefal. it is jou eigen frije bislissing west, net wier?
wy steane mei lege hannen, en bliuwe dat ek -
in pear wike letter brocht de post in briefke mei in reklame foar goeije nije fryske sturtsjeklokken. de priis lei om en de by de fiif hûndert goune neffens de folder.
auke skuorde it papier midstwa en roun luik it hûs út. mear as in ûre siet er skeef njonken it hûs fan jochgum yn 'e ûnderwâl. mei in skean eag koe er de