binne. As se allegearre nei normael idioom forwiisd hiene, soe ik it as grapke better wurdearre hawwe.
Hoe dan ek, it Frysk yn ‘Boef fan rys’ is gâns better as yn ‘komme dy kepers?’ al is it de skriuwer noch net slagge en jow inkelde fan syn persoanen in individueel taelgebrûk mei.
‘Boef fan rys’, hokker titel biselskippe is fan de tusken heakjes pleatste wurden ‘tekstboek foar in sjongspul’ lit him as forhael hiel wol lêze en is op plakken suver spannend. Dat ‘tekstboek foar in sjongspul’ soe hwat opsetlik grappich wêze, lykas de foaryn pleatste wurden ‘warskôging en forûntskuldiging: it twadde boek is noch minder as it earste’, hwannear't it net mei de titel út 'e tekst forklearre waerd. Nier, dy't lykas yn ‘komme dy kepers?’ mei Dynte haedpersoan is, hat in livrei foar in sjauffeur fanneden en dêrta komme hja mei har beiden by de toanielkleanforhierders Kobus en Ko. Dy freegje foar hwatfoar stik dy klean brek binne en Nier seit: ‘In sjongspul’. Op de fraech hoe't it hjit anderet er ‘Bouffonneries’, hwat troch Kobus forstien wurdt as ‘Boef fan rys’, al ljochtet Nier noch ta: ‘Bouffonneries. Mâlle oanslaggen’.
Mâlle oanslaggen genôch yn dit boek en wylde avontûren, dêr't men wier wol yn meilibje kin, al docht de auteur ek noch sa syn bêst de spanning dy't syn forhael opropt nei it twadde plan to kringen troch omtinken to freegjen foar de tekst.
Dy bifettet gâns parodistyske eleminten, satire op literaire en maetskiplike forskynsels en tafallige grappen en grysjes. Inkelde foarbylden fan sokke grapkes:
Sa ier al yn't spier? rymt Nier (s. 59)
Nier sjocht in Sjineeske Ming faes stean. Hy kin it net litte en tikje der eefkes tsjin oan. - Ting, seit it ding. Grif gjin echtenien. (s. 71)
Gauris siket Van der Leest it yn de herhelling, dy't in wurksum stylmiddel is foar in grappich effekt, mar ek maklik de lêzer hwat wurch meitsje kin.
Jitris, in boek as ‘Boef fan rys’ moat it hawwe fan de stilistyske bihearsking fan de skriuwer en fan datoangeande is Reinder van der Leest gâns foarútgien.
In biwiis fan treflik kinnen leveret er yn de biskriuwing hoe't Nier meidraeft yn in kloft trimmers, om him to forskûljen foar syn efterfolgers. Dy pear siden (55, 57, 59) binne foar my it hichtepunt fan it boek. Net eksplisyt, mar inkeld troch stilistyske middels wurdt de kloft minsken hjir biskreaun as in masjine-ynaksje. Ek dit is parody, mar treflik dien, mei in prachtige ienheit fan ynhâld en foarm, in knappe yntegraesje fan it kollektive en it yndividuele, fan it objektive en it subjektive momint.
Foar dit soarte positive freugden bin ik graech ré biswieren dy't ik hjir en dêr ek haw oer to sljochtsjen.
‘Boef fan rys’ is in apart boek, in boek dêr't wy bliid mei wêze meije dat it der is. Op syn minst trije genres komme yn ‘Boef fan rys’ gear as ik it goed sjoch. Ik neam it detective-eftige avontûreforhael, dêr't ik foar forwize wol nei Paul d'Ivoi. Ik wit net oft eltsenien dizze skriuwer fan jeugdboeken ken, mar it soe my gjin nij dwaen as Van der Leest alteast ‘De master fan de blauwe flagge’ en ‘Miss Mousqueterr’ (sa waerd it leau'k skreaun, mar it is al frijhwat jierren forlyn dat ik it lêzen haw en ik kin it op't stuit net neisjen) as jonge lêzen hat. Twad is der it fortellen fan ûnréalistyske avontûren, dat it foaral hawwe moat fan de styl en hwerfoar ik al nei Maarten Toonder forwiisde. En as nûmer trije neam ik it parodistyske forhael, dêr't Cornelis Veth him mei ûnderskieden hat yn syn