Jo binne mear op it wurd rjochte?
Ja, it wurd is it bilangrykste, neffens my.
Komt it dêr ek troch dat jo net fan film hâlde?
Né, dat is't net. It is my to fragmintarysk. Men slacht tsien jier oer en dan bigjint de film wer. Dat yn scène setten fyn ik net moai. Aktualiteiten ynteressearje my wol. En sport. Fral de aktualiteiten yn in bettere foarm, sa as Het Gat van Nederland, Brandpunt, it Dútse Report en it Dútse Panorama. Foar de tillevisy komt selden hwat nijs. It binne allegearre selskipspultsjes dy't se hwat foroarje.
Hâlde jo fan toaniel?
Jawol. Dat haw ik in bulte sjoen foar de Dútse tv. Toaniel is ek yn scène set, mar dat fyn ik prachtige moai. It filmische byld sprekt my net sa botte oan, mar dy minske dy't dêr op it toaniel om rint, dêr leau ik wol yn, foaral om't ik syn tael forstean.
Is der forbân tusken jou fisy op 'e maetskippij en bilangstelling foar aspekten fan 'e literatuer?
Ik leau it net. Dat binne eigentlik twa wrâlden foar my. Ik soe sels sizze, dy minsken dy't sa maetskippij-kritysk skriuwe wol'k wol lêze, mar net as dichter. Se meije wol krityk ha yn sa'n gedicht, mar dan fyn ik it gau gemaekt. It moast even skreaun wurde en dat hoecht foar my net.
To skoalmasterachtich?
Ja, dêr bin'k deabinaud foar.
In kritysk aktualiteitenprogramma wurdearje jo wol, mar in krityske dichter net.
Hy mei wol kritysk wêze, mar dan fyn ik it yn dy foarm net gaedlik. Dat hie'k ek op Fedde Schurer tsjin. Hy soe it even sizze yn sa'n gedicht.
Kunst is neffens jo net medium om maetskippij-krityske dingen oan to jaen.
Dat hinget ôf fan 'e kwaliteit fan 'e skriuwer. De maetskippij-krityske kant fan Bertold Brecht wie prachtich moai. Je moatte der hwat oan ta foege dat de aktualiteiteprogramma's noch net dien ha. Je moatte der in diminsje mear oan jaen.
Jo seine, de Romantyk bloeit wer.
Ja, dat is sa. Dat sjogge je yn 'e ynrjochting fan 'e hûzen en ek yn 'e literatuer. Op it hiel moderne folget it minder moderne. In aksje en in réaksje en dat wol wolris oerslaen. Dat is universeel. Dat sjogge je yn mear dingen. De Beatles forskynden en de heule wrâld wie foar beat. Dêr komt fansels wol in stik reklame by to pas. Mar dochs, de minske is der dan ryp foar. Hwant je kinne noch sa goed reklame meitsje, as de minske der net ryp foar is, trapet er der net yn.
De gedichten dy't yn it Frysk forskine, sjogge je hast noait bundele. Dat is earne skande foar in oersjoch fansels. Dat is altyd itselde, dat rint stomp op it jild. Hwat ik wol is it normale, it net opdirkte. Dat is eigentlik myn wêzen. It lytse,