In literatuer, it hege wurd moat der dan dochs mar út, kin net stean bliuwe by fersemakkers dy't folsteane mei praetfersen. Wis, foar in kear is it aerdich, mar it is foar in folweardige poëzjjkultuer to meager.
It praterige fers, it fers dat min ofto mear lâns assosiative wei ûntstien liket to wêzen, hat foar de dichter hwat attraktyfs. Hy kin samar hwat hinne filosofearje en sjoch alwer in fers. Mar sa is it dochs net alheel, bin 'k bang. Krekt ek by it praterige, assosiative fers moat de dichter him der goed fan biwust wêze dat hy wurket mei bidraechlik materiael. Dat is dúdlik to meitsjen oan de bundel ‘Mosken en Goaden’.
It iepeningsfers fan de bundel soe ik rangskikke wolle ûnder it praterige assosiative type:
mosk
hoelyts binne dyn eachjes
hoe kinne dyn flerkjes dy tille
hoe ûnforsteanber stil.....
mosken en goaden anderje net
wolle se mosken en goaden bliuwe
Dit fers wurd neffens my net sterker of minder sterk as nei de fjirde regel in tal regels ynlast wurde lykas:
‘hoe fyn binne dyn poatsjes’
‘hoe fragyl dyn fuortplantingsmechanisme’
Allikemin foroaret dit fers essentieel as bygelyks de twadde en/of tredde sin weilitten wurde soene.
De kearn fan dit fers leit yn de 5-e en 6-e sin. Hwat dêrfoar sein is soe súver as libitum útwreide wurde kinne, it soe ek biheind wurde kinne.
Yn lêste ynstânsje draeit dit fers om it taelkundige grapke fan it wurd stil dat yn twa bitsjuttingen brûkt wurdt: as adverbium en as imperatyf. Dat taelkundige grapke krijt in sekere dimensy troch de 7-e sin fan dit fers, hwer't it tiidwurd anderjen diametrael stiet tsjinoer de imperatyf stil.
It is lykwols de fraech oft dat foldwaende is om dit fers yn syn totaliteit to rêdden. Ik tocht eins fan net. In fers, dat op dizze manear ôfprinte wurdt is neffens my krekt to min fers om fers neamd to wurden. Dêr komt dan noch by dat ik net ynsjen kin hwat de reden is fan it feit dat yn de 7-e sin fan dit fers as in deus ex machina goaden ynfierd wurde.
Hjirmei kom ik yn feite op it biswier dat eins ynherint is oan it fers dat praterich, assosiatyf is: de dichter kin it him to maklik meitsje, hy kin to gau tinke dat it der sa wol mei troch kin, en dat is sa net.