Trotwaer. Jaargang 5(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 119] [p. 119] Jehannes Fortuyn Fersen Fers 1 hjoed Thinh Thi Van mette alteast dat hwat de napalm fan him oerlitten hie en dat wie net folle út it kraterlânskip fan syn antlit wei seach it oersleine rjochtereach my freegjend oan wisten wy it net? it âlde forhael wer ik sette it nijs mar oan Scott en Irwin rinne op'e moanne! ek syn glimk wie net om oantosjen [pagina 120] [p. 120] Fers 2 sjoch it jonkje Nguyen fjouwer jier ha syn roetswarte eachjes dizze wrâld sjoen doe ha jim syn gesicht fuortbaernd sjoch hoe't er hjir yn in hoekje leit de holle ûnder syn hannen biskermjend to let nou jim hiene sa'n moai skimerlampke fan syn feltsje meitsje kinnen foar it sliepkeamerke fan Johny [pagina 121] [p. 121] Peaske wachtsje net oant myn wurden revolverskotten wurden binne wachtsje net to lang dyn girostrookjes binne nea foldwaende west dû silst de rinte yn bloed útkeare moatte safolle bloed, wytman [pagina 122] [p. 122] Studinten read binne de lippen fan it Kapitael de studinten dy kapitalistebern de nije kapitalisten Marx en Lenin of Mao witte se folle mear fan as wy arbeidersbern read, read binne hja de studinten arbeidersbloed! [pagina 123] [p. 123] Drs. dû bist fet wurden in byforskynsel fan 'e revolúsje? dik is dyn kop dochs net dyn fel? hwat biweecht dyn mûle dochs moat ik dêrfoar salang op it neikommen fan dyn biloften wachtsje? dû sjochst de dingen oars nou? dyn blik is forrûme? men fynt in oare filosofy as de stoel wol noflik sit ik wit it wol it hat gjin sin myn praet dû hast dyn sechjes klear sels Marx makkest dy ta alibi dû hast it foarinoar nou noch in minnares derby nacht freon fan eartiids strider foar in bettere wrâld Vorige Volgende