Trotwaer. Jaargang 5(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 118] [p. 118] [Nummer 3] Lieuwe Hornstra Indochina Ave Marije, mem fan tûzen smerten, dyn soan bliedt út tûzen wounen; de manlju binne trochsplintere, de froulju forkrêfte, trochstutsen, de bern binn' libbene fakkels, de groun is forgifte, it wetter forroun. Forgees hastou him berne: dyn soan is dea, hja binne syn wounen; twa tûzen jier ha wy him deaslein. Ave Marije, mem fan tûzen smerten, dyn soan bliedt út tûzen wounen; nim him fan it krús ôf, liz him op dyn skurte, meitsje him libben, bernje him op 'en nij, jow him ús werom. Hy soe ús wêze de wei, de wierheit, it libben; it libben is genôch: meitsje him hiel, hy is ús broer. Ave Marije, mem fan tûzen smerten, dyn soan bliedt út tûzen wounen. Jannewaris 1973 Vorige Volgende